Kristus-Ferlosserkatedraal (Moskou): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Rigel 34: Rigel 34:
[[sk:Chrám Krista Spasiteľa]]
[[sk:Chrám Krista Spasiteľa]]
[[sr:Храм Христа спаситеља у Москви]]
[[sr:Храм Христа спаситеља у Москви]]
[[sv:Kristus Frälsarens katedral]]
[[vi:Nhà thờ lớn Đấng cứu thế]]
[[vi:Nhà thờ lớn Đấng cứu thế]]
[[zh:救世主大教堂 (莫斯科)]]
[[zh:救世主大教堂 (莫斯科)]]

De ferzje fan 2 des 2008 om 17.53

De katedraal yn 1905
De katedraal 2004

De Kristus-Ferlosserkatedraal (Russysk: Храм Христа Спасителя, Chram Chrysta Spasitelja) is in Russysk-Otterdoks godsgebou oan de rivier de Moskwa, krekt ten westen fan it Kremlyn yn Moskou, Ruslân.

It hjoeddeiske gebou is in kopy fan de yn 1931, yn opdracht fan Stalin, opblaasde katedraal. Dizze moast ferdwine yn it ramt fan Stalin's weropbou fan Moskou. Alle godstsjinten wiene troch de Kommunistyske Partij ferbean en sadwaande wie der gjin plak mear foar "nutteleaze" tsjerken en kleasters. De lokaasje waard reservearre foar in 315 meter hege toer, dêr't boppenop in 100 meter heech byld fan Lenin komme moast. Fan it plan fan it saneamde Paleis fan de Sowjets waard ôfsjoen en in iepenloftswimbad waard oanlein.

De foarste ferzje fan de katedraal waard boud tusken 1839 en 1883. Mei in hichte fan 103 meter wie it troch arsjitekt Konstantin Thon ûtworpen gebou it heechste fan Moskou yn dy tiid. De reden fan de bou wie de betinking fan it feit dat de Russyske stêd him ûntdien hie fan it leger fan Napoleon Bonaparte.


De bou fan de nije katedraal duorre minder lang; fan 1994 oantenmei 1997, hoewol't der oan it ynterieur langer trochwurke is. De katedraal waard op 19 augustus 2000 wijd. It grûnoerflak fan it gebou bedraacht sa'n 9.000 m² en jout dêrmei rûmte oan likernôch 10.000 minsken. De kosten fan it projekt wurde rûsd op in US$ 200 miljoen.