Robert Hooke: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
L Bot - derby: oc:Robert Hooke
Rigel 43: Rigel 43:
[[nl:Robert Hooke]]
[[nl:Robert Hooke]]
[[no:Robert Hooke]]
[[no:Robert Hooke]]
[[oc:Robert Hooke]]
[[pl:Robert Hooke]]
[[pl:Robert Hooke]]
[[pt:Robert Hooke]]
[[pt:Robert Hooke]]

De ferzje fan 2 des 2008 om 01.27

Robert Hooke

Robert Hooke ( Isle of Wight, 18 july 1635Londen, 3 maart 1703) wie in Britsk stjerrekundige, natuerkundige en arsjitekt. Hy is ferneamd wurden troch syn Wet fan Hooke, dy’t it ferbân oanjout tusken de krêft op in lichem en de ferfoarming fan dat lichem.

Libben en wurken

Robert Hooke waard yn 1665 professor yn de geometry op it Ingelske Gresham Kolleezje. Der soe hy wenje oant syn dea. Robert Hooke is foaral ferneamd wurden troch syn elastisiteitwet. Yn 1671 joech Hooke syn earste idee oer in golfteory fan gravitaasje. Gravitaasje is de algemiene oanlûkingskrêft dy’t matearje op elkoar útoefenet en dy’t los stiet fan oare krêften. Hooke rekke dêrom yn striid mei Isaac Newton dy’t in oar idee hie oer gravitaasje.

Doe't Isaac Newton yn 1672 syn teory demonstrearre yn de Royal Society wie Hooke net oertsjûge. Hy hie in eigen teory fan it ljocht en woe mear details witte fan Newton. Newton hie it hjir swier mei. Newton krige mear krityk fan oare minsken lykas Christiaan Huygens en Ignace Pandios. Newton moast altyd reagearje op krityk. Dat siet yn syn aard. Hooke like in soad op Newton. Se woenen allebeide harren gelyk helje en se hienen beide in soad fijannen. Yn in oar opsicht liken se ek wer net op elkoar. Newton woe leavver thús bliuwe en Hooke wie graach op de flitter. Yn 1679 korrespondearre Newton mei Hooke oer de misferstannen dy’t se hienen. Newton noadige hooke út foar in demonstraasje. Mar dit wegere Hooke.

Yn 1703 ferstoar Hooke oan in hertoanfal op syn bêd. It grêf fan Hooke is net bekend. Nei syn dea waarden noch inkele fan syn wurken troch oaren minsken publisearre.