Amazône (rivier): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L Bot - fuort: sk:Amazon
L Bot - oars: no:Amazonas
Rigel 93: Rigel 93:
[[nl:Amazone (rivier)]]
[[nl:Amazone (rivier)]]
[[nn:Amazonaselva]]
[[nn:Amazonaselva]]
[[no:Amazonaselva]]
[[no:Amazonas]]
[[oc:Riu Amazonas]]
[[oc:Riu Amazonas]]
[[pl:Amazonka (rzeka)]]
[[pl:Amazonka (rzeka)]]

De ferzje fan 1 des 2008 om 23.39

Berjocht:Rivier

De Amazone is de op ien nei langste rivier fan 'e wrâld, en op ôfstân de wetterrykste fan al, de rivier befettet nammentlik in fiifde part fan it natuerlike swietwetter op 'e wrâld. De rivier hat in totale lingte fan 6530 km[1], ûntspringt yn Peru en komt út yn de Atlantyske Oseaan yn Brazylje. De rivier streamt foar it grutste part troch it Amazonebekken en it Amazoneregenwâld. Yn de reintiid kin de rivier hiel breed wurde, op guon plakken wol km breed.

Rin

Bopperin

De Amazone ûntspringt op 5200 meter hichte yn de snieu fan de Andes. Op mar 190 km fan de Grutte Oseaan leit yn Peru in gletsjer dy't sjoen wurdt as de boarne fan de Amazone]. Al gau krijt de Amazone, dy't dan noch ferskate oare nammen draagt, wêrfan de Marañón de ferneamste is, selskip fan tsjientallen oare rivieren foardat er yn Brazylje is telanne, hjirfan is de Ucayali de grutste. As de Amazone yn Brazylje oankomt is der útwaakse ta in reusachtige wetterstream dy't stadichoan syn wei siket troch it Amazonebekken.

Middenrin

Fierder steamôfwaarts krijt er fanút it noarden in hiel protte wetter te ferwurkje fanút it Heechlân fan Guyana, wêrfan de Rio Negro de grutste leveransier is. Ut it súden krijt er alyksa in reusachtige oanfier fan wetter te ferwurkjen út it Heechlân fan Bolivia en it Heechlân fan Brazylje. Dit binne de Rio Purús en benammen de Rio Madeira dy't dêroan bydrage.

Utrin

As de Amazone lang om let yn de Atlantyske Oseaan út komst hat er al it wetter ôffiere fan om-ende-by 1100 syrivieren. De Amazone bringt op dizze wize per sekonde mar leafst 190.000 kubike meter wetter nei de oseaan. Dizze wetterstream hat yn de rin fan miljoenen jierren in geul op de oseaanboaiem útsletten fan inkele hûnderden kilometers lingte en it gielkleurige wetter fan de Amazone is te ûnderskieden fan gewoan seewetter oant 320 kilometer út de kust.

Kleur fan de syrivieren

It rivierenstelsel fan de syrivieren fan de Amazone falt yn twa soarten útinoar. De giele rivieren en de blauswarte rivieren. De giele rivieren komme út de Andes fan Peru en binne giel fanwege de folle alluviaal slib dat sy befetsje. De kleare blauwswarte rivieren komme út geologyske sear âlde massieven lykas it Guyanese skild en arm oan slib. De Rio Negro is dêr in foarbyld fan.

Diskusje oer de lingte

De measten fan de gesachhawwende geografyske ynstansjes beskôge de Amazone as de op ien nei langste rivier fan 'e wrâld. De lingte fan de Amazone is lykwols troch ferskate geografen fêststeld, dêr't de útkomst leit tusken de 6259 km en 6800 km. Omdat de útkomsten fan de ferskate mjitings fan de Afrikaanske rivier de Nijl tusken de 5499 km en 6695 km lizze, beskôget in lytske minderheid de Amazone as de langste rivier fan 'e wrâld. De ferskillen tusken de mjitings binne faaks it resultaat fan de ferskate definitys.

Yn juny 2007 wienen der inkele Braziljaanske wittenskippers dy't seiden dat de boarne fan de Amazone yn it suden fan Peru leit en net yn it noarden fan Peru, wêrtroch de Amazone in lingte moat hawwe fan 6800 km[2]. As dizze bewearing troch it meastepart fan de gesachhawwende ynstansjes oernommen wurdt sil de Amazone de langste rivier fan wrâld wêze.

Fuotnoaten

  1. Sitearflater: Unjildige <ref>-oantsjutting; der is gjin tekst opjûn foar referinsjes mei de namme lengte
  2. BBC News: "Amazon river 'longer than Nile'" en NOS Journaal: "'Amazone is langste rivier'"