Evert van Hemert: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Algont (oerlis | bydragen)
+ Webstek Evert van Hemert
J'88 (oerlis | bydragen)
Rigel 2: Rigel 2:


==Bylderûte==
==Bylderûte==
De bylderûte sa't van Hemert dy tocht hie soe earst út alve stânbylden bestean, mar it binne tsien stânbylden en in brûnsplastyk wurden. [[Kommissaris fan de Keninginne]] yn de [[provinsje]] [[Fryslân]] de hear [[Ed Nijpels]] hat freed [[8 april]] [[2005]] it lêste fan de tsien stânbylden ûnthuld, mei de namme ''De lêste tsjerkegongster''.
De bylderûte sa't van Hemert dy tocht hie soe earst út alve stânbylden bestean, mar it binne tsien stânbylden en in brûnsplastyk wurden. Ald-[[Kommissaris fan de Keninginne]] yn de [[provinsje]] [[Fryslân]] de hear [[Ed Nijpels]] hat freed [[8 april]] [[2005]] it lêste fan de tsien stânbylden ûnthuld, mei de namme ''De lêste tsjerkegongster''.


==Wurk==
==Wurk==

De ferzje fan 25 nov 2008 om 21.51

Evert van Hemert (Haarlim, 12 april 1954) is in Nederlânske byldhouwer en skilder, dy't op it stuit wennet yn Kolderwâlde. De Oardenwei yn syn wenplak bylâns stean alve skeppings fan Van Hemert, de bylderûte Us Famkes fan Kolderwâlde.

Bylderûte

De bylderûte sa't van Hemert dy tocht hie soe earst út alve stânbylden bestean, mar it binne tsien stânbylden en in brûnsplastyk wurden. Ald-Kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Fryslân de hear Ed Nijpels hat freed 8 april 2005 it lêste fan de tsien stânbylden ûnthuld, mei de namme De lêste tsjerkegongster.

Wurk

Syn wurk is fral figuratyf. Hy brûkt faak froulju, en dieren, mei rûnde foarmen, mar ek it tsjinoerstelde komt foar yn syn wurk. Syn bylden út brûns makket er hielendal sels, fan de earste waaksfoarm oant en mei it jitten en it brûnzjen. By syn skilderwurk brûket er fral akrylferve op linnen.

It wurk fan Van Hemert wurdt ek bûtenslâns wurdearre, en hy hat dan ek al eksposysjes hân yn it bûtenlân.

Skeppings

Brûnswurk

  1. Zeus zittend op Europa (Zeus sittend op Europa)
  2. Milkmaid (Milkfaam)
  3. Trekzakspeelster (Treksekspylster)
  4. Een dagje naar de stad (In dei nei de stêd)
  5. Sietske (Sytske)
  6. Klaske
  7. De Reedrydster
  8. Famke op'e bolle
  9. Venus van Kolderwolde met poes (Fenus fan Kolderwâlde mei poes)
  10. De Verleiding (It Ferlied)
  11. De laatste kerkgangster (De lêste tsjerkegongster)
  • Dansend (Dûnsjend)
  • Dancing in the street (Dûnsje op strjitte)
  • Kermispaardje (Merkehyndertsje)
  • Show your tits (Lit dyn titten sjen)
  • Kleine poes (Lytse poes)

Skilderwurk

  • Hobbelpaard / Anna's wild ride (Hobbelhynder of Anna's wylde tocht)
  • De verdeling (De ferdieling)
  • Bull riding (Bolleride)
  • Leda (mingde technyk)

Keppeling om utens