Jeropeeske Ekonomyske Romte: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
Rigel 35: Rigel 35:
[[it:Spazio economico europeo]]
[[it:Spazio economico europeo]]
[[ja:欧州経済領域]]
[[ja:欧州経済領域]]
[[ko:유럽 경제 지역]]
[[lb:Espace Économique Européen]]
[[lb:Espace Économique Européen]]
[[nl:Europese Economische Ruimte]]
[[nl:Europese Economische Ruimte]]

De ferzje fan 14 nov 2008 om 07.09

In kaart mei de dielnimmende lannen oan de Jeropeeske Ekonomyske Romte.

De Jeropeeske Ekonomyske Romte (JER) is in ferdrach tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny (JU) en de Jeropeeske Frijhannelassosjaasje (JFA). It ferdrach bestiet sûnt 1 jannewaris 1994. It akkoard moat it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de dielnimmende lannen befoarderje.

De organisaasje ûntstie omt de lannen fan de JFA dy’t net dielnimme oan de Jeropeeske Uny ek profiteare te litten fan it frije ferkear fan persoanen, guod, tsjinsten en kapitaal tusken de lannen fan de Jeropeeske Uny. Hjirfoar moasten wetten fan de Jeropeeske Uny ynfierd wurde yn de lannen fan de JER.

Dielnimmers

De dielnimmers oan it ferdrach binne alle lannen fan de Jeropeeske Uny en trije fan de fjouwer lannen fan de JER, útsein Switserlân. It ferdrach is hjirmei allinnich fan tapassing op Yslân, Noarwegen en Lychtenstein.

Switserlân ûnderhannele mei om diel te nimmen oan it ferdrach, mar de befolking fan it lân liet troch in referindum witte net meidwaan te wollen.

Organisaasje

Der is in Rie foar allen lannen, besteande út de fertsjintwurdiger fan de fjouwer leden en de Jeropeeske Kommisje. De bedoeling fan dizze rie is om de wetjouwing fan de fjouwer lannen ôf te stimmen op dy fan de Jeropeeske Uny. De rie komt twa kear yn it jier byelkoar.

Sjoch ek