Klotildis: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Clothildis
Rigel 21: Rigel 21:
[[ja:クロティルダ (フランク王妃)]]
[[ja:クロティルダ (フランク王妃)]]
[[la:Sancta Clotildis]]
[[la:Sancta Clotildis]]
[[nl:Clothildis]]
[[pl:Chrodechilda]]
[[pl:Chrodechilda]]
[[pt:Clotilde]]
[[pt:Clotilde]]

De ferzje fan 26 okt 2008 om 16.25

De hillige Klotildis (Lyon, 474 - Toers, 3 juny 545) wie de frou fan Frankyske kening Klovis. Sy is de patroanhillige foar de froulju, de lammen en de notarissen. Troch Katoliken wurdt sy oanroppen tsjin koarts, bernesykten, en de plotse dea en ek foar bekearing fan de oare helte. Har hjeldei is op 3 juny.

Libben

Klotildis wie in Boergondyske keningsdochter. Har heit wie Gilperik II, ien fan de trije Boergondyske keningen. Gilperik waard mei syn frou yn 493 slachtoffer fan de kriich om de allinne hearskippij en fermoarde troch syn bruor Gundobad. Klotildis koe mei in suster flechtsje en waard fierder opfiede troch har oom Gundomar yn Genève.

Yn 491 trout sy mei de Frankyske kening Klovis I. Ien fan de houliksbetinksten hâlde yn dat Klovis it Katolike leauwen fan har respektearre moast. Hy sels wie oanhinger fan it Arianyske kristendom. Doe't harren âldste soan komt te ferstjerren foar syn doopsel en de twadde nei syn doopsel slim siik wurdt, tinkt Klovis ynearsten dat dat komt troch de god fan syn frou. As úteinlik syn twadde soan better wurdt en hy letter de wichtige slach by Tolbiak tsjin de Allemannen wint, lit Klovis him op krystdei 498 yn Reims dope ta it Katolike leauwen troch de hillige Remigius.

Nei Klovis syn dea yn 511, reizget Klotildis it lân troch en stiftet rûnom kleasters. Lang om let lûkt sy har tebek yn it kleaster fan Tours.