Neil: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: right|thumb|200px|In koarte neil De '''neil''' is de hurde beskerming dy't minske of dieren hawwe op de boppekant fan de fingersein, tean, neilen fan ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 19 okt 2008 om 22.52

In koarte neil

De neil is de hurde beskerming dy't minske of dieren hawwe op de boppekant fan de fingersein, tean, neilen fan in klau of de bûtenkant fan de hoef.

Funksje

De neilen hawwe as funksje de beskerming fan de senuwen yn de einen fan de fingers sadat der gjin foarming fan [yl]] plakfynt op de fingerseinen. Troch de oanwêzigens fan de neilen bliuwt it gefoel yn de fingerseinen behâlden, ek wol it ‘finger-spitzen gefühl’.

Minske brûke de neilen om lytse foarwerpen te bewurkjen en om te krabben, pulken ensfh.

Froulju hawwe litte harren neilen lang waakse om der oantrekliker of frouliker út te sjen.

Guon minsken binne ferslaafd oan neilbiten.

De neilplaat, (de sichtbere boppekant), bestiet út trije lagen:

  • Hoarnlaach (skubbenlaach), is de boppenste laach dy't by útdroegjen loskomt. Ek wel splittende neilen neamd.
  • Keratinelaach (spûnslaach), nimt alle fiedingstoffen op en hâldt focht en fet fêst.
  • Epiteellaach (ûnderste laach), is de befestigingslaach fan de neilwal, dy't him oan de sydkant fan de neilplaat befinnet.

Ofwikings

Oan de neilen kinne sykten en ôfwikings ûntstean, dy't meastentiids [Onychopaty]] en onychosen neamd wurde. Faaks giet dat gear mei hûdsyktes, lykas psoriasis.

Keppeling om utens