Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Kanttekenings, dêr't de side wer wat mei waakst is.
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Oarsaken en gefolgen: Aurich ->Aurich (stêd)
Rigel 19: Rigel 19:
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]]. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de [[Magnusfane]]. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e ieu ferbaarne is.
Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde [[Karelsprivileezje]] dat [[Karel de Grutte]] oan [[Magnus Forteman]] jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan [[Almenum]], [[Ferwâlde]] of [[Aldeboarn]]. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de [[Magnusfane]]. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e ieu ferbaarne is.


It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwen noch net dudlik fan inoar skieden wienen. Om dat gât op te follen waard lykwols besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen regels fêst te lizzen. Ut ferkate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de [[Opstalbeam]] by [[Aurich]]. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd [[Grins]].
It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwen noch net dudlik fan inoar skieden wienen. Om dat gât op te follen waard lykwols besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen regels fêst te lizzen. Ut ferkate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de [[Opstalbeam]] by [[Aurich (stêd)|Aurich]]. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd [[Grins]].


Neast de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht tebek te gripen op ''âld'' rjocht lykas dat fêstlein wie yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhald fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûnbrutsen de middels om him dêrta te twingen.
Neast de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht tebek te gripen op ''âld'' rjocht lykas dat fêstlein wie yn de [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten]]. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhald fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûnbrutsen de middels om him dêrta te twingen.

De ferzje fan 19 okt 2008 om 07.17

De Fryske seelânnen.
Skiednis fan Fryslân

Frisii
Grutte Folkeferfarren


Skiednis fan Fryslân
Skiednis fan de Friezen
Tiidline fan de Fryske skiednis


Fryslân yn de Midsiuwen
Fryske Ryk (6e iuw-734)
Fryske Frijheid (11e iuw-1498)
Upstalbeam (1156-1327)


Dieling nei de midsiuwen
Hearlikheid Fryslân (1524-1795)
Grinzer Ommelannen
Eastfrysk Greefskip en Foarstedom (1464-1744)


Hjoed
West-Fryslân (gjin lid Fryske Rie)
Westerlauwersk-Fryslân
Grinslân (gjin lid Fryske Rie)
East-Fryslân
Noard-Fryslân

De Fryske frijheid wie de útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsieuwen. Dizze frijheid ûntwikkele har op it ein fan de 11e ieu.

It ûntstean

Yn de tiid fan de Karolingen wie harren ryk opdield yn yn lytse gebieten, wol goaën neamd, dy't bestjoerd waarden troch in hear. Foar it meastepart wienen dat greven, dy't harren, úteinlik, ferantwurdzje moasten foar in kening. By de Friezen wie dat op in bepaald stuit lykwols oars. Sy bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels.

Oft dyselde situaasje ek gou foar de Romeinske tiid is net dúdlik. Wol skriuwe de Romeinske boarnen al oer de Friezen as in folk dat yn minne omstannichheden libbet, mar de seinings fan it Romeinske ryk net wol, om't it dy betelje moat mei syn frijheid.

Oft dy frijheid in rjocht wie, of fuortkaam út omstannichheden sa min dat gjin hear der belang by hie, is ek net wis. Al is dúdlik dat dy frijheid op basis fan it Karelsprivileezje ek wier fêstlein is, al wurdt der no oannaam dat dat privileezje sels, at it bestien hat, in falsifikaasje west hat.

Oarsaken en gefolgen

As wichtichste oarsaak foar it ûntstean fan dy frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens tsjinoer de lânshearen dat harren stadichoan ûntwikkele en op it ein fan de 11e ieu as gefolch fan de hieltyd werom kearende twisten oer de greeflike rjochten.

De deaslach op greve Arnulf yn 993 liket it earste teken fan de Libertas fan de Friezen. Dizze Fryske greef sneuvele doe't er probeare de opstannige ûnderdienen fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve Hindrik de Fette yn 1101 wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de Fryske frijheid.

Dy Frijheid waard op 3 novimber 1248 troch de Roomske Kening Willem II oan de Friezen befêstige. Dat die er neidat er help krige hie fan de Friezen by it belis fan de stêd Aken. Hy wie nammentlik tsjin-kening fan it Hillige Roomske ryk, tsjin de kroande keizer Freark II. Yn 1417 waard de Fryske Frijheid op 'e nij befêstige, mar nor troch in foarst sûnder tsjinfoarst, keizer Sigismund, dy't Fryslân ta ryksûnmidlik gebiet ferkleare. Tsjin disse befêstigings fan de Fryske Frijheid oer stiet lykwols dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, lykas yn de 14e ieu Loadewyk IV oan de grêven fan Hollân.

Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde Karelsprivileezje dat Karel de Grutte oan Magnus Forteman jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan Almenum, Ferwâlde of Aldeboarn. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de Magnusfane. In oare feklearing is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stêdbrannen fan de 15e ieu ferbaarne is.

It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsieuwen noch net dudlik fan inoar skieden wienen. Om dat gât op te follen waard lykwols besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen regels fêst te lizzen. Ut ferkate omkriten kamen dêrfoar ôffeardigers geregeldewei by inoar by de Opstalbeam by Aurich. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd Grins.

Neast de regelings fan de Opstalbeam waard ek besocht tebek te gripen op âld rjocht lykas dat fêstlein wie yn de 17 Kêsten en 24 Lânrjochten. In slim probleem bleau lykwols de útfiering fan it rjocht. Faak wie der wol oerienstimming oer de ynhald fan it rjocht, mar stjitte it ôftwingjen fan dat rjocht op swierichheden. As in wichtich man him net by de útslach fan in útspraak dellizze woe dan ûnbrutsen de middels om him dêrta te twingen.

In oar gefoch fan it ûntbrekken fan in drekt gesach wienen dat de partijstriid, de twisten lykas tusken Skieringers en Fetkeapers, him yn Fryslân yn de laach fan de bestjoerders ôfspile, de haadlingen, yn stee fan yn it laach fan hearskers. De twisten waarden dêrtroch yn Fryslân persoanliker, wat ek gearhong mei it rjocht op bloedwraak dat bestean bleaun is oant de Saksyske Tiid.

Ein

Oan de ein fan de Midsieuwen wie Fryslân yn alle gefallen wichtich genôch dat der in eigen groep fan eallju yn ûntstie, en dat ek de eallju fan bûten har each der op rjochten. Op himsels wie mei dy eigen Fryske eallju de frijheid al foar in grut part ferdwûn, mar as de formele ein fan de Fryske frijheid wurdt it gearkommen fan dy twa groepen ealju sjoen. Foar 1500 wienen de Fryske eallju al ûnderdiel wurden fan it feodale systeem, trochdat se sels feodale titels oannamen, of troch bûtenlânske machthawwers oerwûn waarden.

Hjoeddeiske betsjutting

Sûnt dy tiid libbet der in sterke tradysje yn Fryslân fan de ferlerne Fryske frijheid. Mar it byld dêrfan feroaret dúdlik mei it feroarjen fan de tiden. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif ieuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de Friezen as selsstannich folk. Wat dy frijheid betsjut, hinget dêrmei ôf fan hoe't men dat folk telt.