Raard: ferskil tusken ferzjes
L Bot - derby: en:Raard |
→Keppeling om utens: koordinaten |
||
Rigel 44: | Rigel 44: | ||
* [http://www.aldefrysketsjerken.nl/raard.htm De tsjerke fan Raard]. |
* [http://www.aldefrysketsjerken.nl/raard.htm De tsjerke fan Raard]. |
||
* [http://www.oerka.nl/ Oerka Irene Verbeek Museum] |
* [http://www.oerka.nl/ Oerka Irene Verbeek Museum] |
||
{{Koördinaten|53_19_34_N_5_56_45_E_type:city_zoom:14_region:NL|53° 20' NB, 5° 57' EL}} |
|||
[[Kategory:Dongeradiel]] |
[[Kategory:Dongeradiel]] |
De ferzje fan 14 okt 2008 om 08.23
Raard is in terpdoarp yn de gemeente Dongeradiel. Raerd wurdt wolris betize mei Raerd yn Boarnsterhim.
Oarsprong
Raard is in âld doarp. Der wurdt tocht dat hjir al inkele ieuwen foar it begjin fan de jiertelling minsken wenne hawwe. De sa'n 240 Raarders fan hjoed de dei binne dus de opfolgers fan in rige slachten foar harren.
De terp is ek hjir foar in part ôfgroeven. Oan de noardkant, by de sa om 1870 hinne oanleine Van Kleffenswei nei Lichtaard, is dat hiel dúdlik te sjen. Der kaam sa sels romte foar in iisbaan.
Namme
Mei de namme Raard kin je ferskate kanten út: It kin 'reade terp' betsjutte; oaren tinke oan it âlde Fryske wurd 'hrriäd' dat yn it Nijfrysk reid betsjut. We komme dan op: 'reidterp'. In mooglikheid is Runwerd. Wy moatte hjirby tinke oan 'beskutting tsjin it rinnende wetter'. It soe ek noch kinne dat de namme ôflaat is fan it wurd 'rad' dat folksgearkomste betsjut. Dit soe der op wize kinne dat der in âlde tiden rjocht sprutsen is yn Raard.
De tsjerke
De tsjerke wie tawijd oan Jehannes de Doper. De toer is yn 1807 boud. De tsjerke sels is romaansk en moat yn de 13e ieu boud wêze. It koar is it âldste part. Yn'e tsjerke lizze grêfsarken en op it tsjerkhôf is in sark út 1662 fan Eelco Clasen toe Spryens. De tsjerke is ek yn Raard oerdroegen oan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. It is no it OerKa Irene Verbeek Museum wurden. De keunstneres Irene Verbeek brûkt it foar it eksposearjen fan har wurk.
It doarpswapen en -flagge
Yn it doarpswapen komt it symboal fan de patroanhillige foar. De letter W en it klaverblêd binne oernommen út it wapen fan de famylje van Kleffens. De streek troch it wapen en de flagge tsjut oan dat Raard tsjin de grins fan de gemeente oan leit.
De famylje van Kleffens
Oan de dyk nei Lichtaard lizze twa monumintale pleatsen, de Noard en de Súd Kleffens. De Van Kleffens hawwe lang hear en master yn Raard west. Sawol yn 't doarp as de gritenij spilen se mei. Letter hawwe se ek in rol yn Dokkum hân. Under de Dokkumer boargemasters en wethâlders wie faak in van Kleffens. Eelco Nicolaas van Kleffens waard minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Gerbrandy.
Mienskip
It doarpshûs hjit de Nije Pôle, it wurdt brûkt troch de feriening foar Doarpsbelang Boarnwert/Raard. Bernewird is de basisskoalle fan Raard.
Befolking
Ferskaat
Oan de Dokkumer Ie stiet in Alvestêdebyld fan keunstner Evert van Hemert.
Strjitten
Bannerhûs, De Buorren, De Tange, It Fintsje, Lindeleane, Lytse Buorren, Spriens, Van Kleffenswei.