Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Liuwe (oerlis | bydragen)
Liuwe (oerlis | bydragen)
Rigel 15: Rigel 15:
It klavesimbel en it klavichord wienen de foarrinners fan de fortepiano, dy't oan' e ein fan' e 18de ieu langsum it plak fan klavesimbel en klavichord oernaam. Mar ek Mozart spile syn grutte klavierkonserten noch faken op klavesimbel.

Sûnt yn de 19e ieu de Barokmuzyk wer spile waard, wurde der ek wer klavesimbels boud en bespile. Ien fan' e earsten dy' t dêr mei begiun, wie de Ingelsman fan Frânske kom-ôf Arnold Dolmetch (1858-1940). Yn it begjin fan' e 20ste ieu bouwde men dizze ynstruminten noch fuortbouwend op' e fierder ûntwikkele pianobouwwize, mei dikke kastwanden en sûnder boaium ûnder de kast, Fierder waarden dizze ynstruminten fersjoen fan tal fan registers om klankferoaringen mooglik te meitsjen. It folume fan dizze ynstruminten wie swak, de klank keal en net botte sjongend.
Sûnt yn de 19e ieu de Barokmuzyk wer spile waard, wurde der ek wer klavesimbels boud en bespile. Ien fan' e earsten dy' t dêr mei begûn, wie de Ingelsman fan Frânske kom-ôf Arnold Dolmetch (1858-1940). Yn it begjin fan' e 20ste ieu bouwden de firma's Erard, Pleyel en Neupert dizze ynstruminten noch fuortbouwend op' e fierder ûntwikkele pianobouwwize, mei dikke kastwanden en sûnder boaium ûnder de kast, Fierder waarden dizze ynstruminten fersjoen fan tal fan registers om klankferoaringen mooglik te meitsjen. It folume fan dizze ynstruminten wie swak, de klank keal en net botte sjongend.

Nei de Twadde Wrâldkriich begûn men kopiën te meitsjen fan ynstruminten út de 17de en 18de ieu. Dizze kopiën hiene tinne kastwanden en in boaium, sadat dizze sletten klankkast soarge foar in folle grutter folume! Yn' e selde perioade begûn men ek wer âlde stimmingen te brûken. Om' t klavesimbels fanwege alle handwurk djoer wiene, waarden der nei 1960 ek klavesimbels yn' e foarm fan boupakketten op' e merk brocht, dizze boupakketten kinne tige goed klinkende ynstruminten opleverje, al moat men fansels wol krekt wurkje kinne.

De ferzje fan 12 okt 2008 om 22.42

Klavesimbel yn Flaamske styl

De klavesimbel is in toetsynstrumint dêr't troch it yndrukken fan in toets in snaar by poand wurdt.

Toanfoarming

It klavesimbel is yn fleugelfoarm boud. Oan de koarte kant sitte de toetsen. Wurdt in toets yndrukt, dan komt der in houten dokje omheech, deryn sit in hulsthouten tonkje dat mar ien kant út kin. Yn dit tonkje sit in plektrum fan fûgelfear (eartiids fan in raaf), hjoeddeis meastentiids fan delrin, in keunststof, dy't de snaar poent. Oan it dokje sit ek in demperke fan lekken of sêft lear, dat by it loslitten fan de toets de snaar dempt. In speciaal klavesimbeltechnykje is it yndrukt hâlden fan bepaalde parten fan in akkoard om dizze toanen trochklinke te litten. Dizze technyk is noch famylje fan it luitspyljen.

De âldste Flaamske klavesimbels hiene twa registers, dat wol sizze, eltse toets hie twa snaren, ien op gewoane toanhichte, de saneamde acht-foet, en in register dat in oktaaf heger klonk, mei snaren dy' t heal sa lang wiene as it acht-foetsregister, dit register neamt men de fjouwer-foet. Ek makke men klavesimbels mei twa acht-foets registers. Om' t men yn' e 17de ieu maklik transponearje woe, bouwde men yn Vlaanderen ek klavesimbels mei twa klavieren, wêrby' t elts klavier in eigen toanhichte hie. Letter, likernôch om 1650 hinne, waarden de Vlaamske klavesimbels boud mei twa klavieren mei likense toanhichte en koe men de klavieren koppelje, wat de mooglikheden foar de registraasje tige fergrutte.

De Frânske bouwers namen nei 1680 de Vlaamske bouwwizen oer, wreiden de klaviergrutte út fan fjouwer nei fiif oktaven (grande ravalement) en makken de Frânske ynstruminten ta de moaiste fan' e 18de ieu, mei bouwers as Francois Etienne Blanchet en syn learling Pascal Taskin. Hjoeddeise bouwers brûke harren ynstruminten faken as foarbyld.

Skiednis

It klavesimbel is nei alle gedachten om 1500 hinne ûntwikkele yn Ytaalje, mar ek yn Frankryk waarden al yn' e 15de ieu ynstruminten boud mei in tokkelmechanyk. Yn de 17e ieu wie Antwerpen, en ek fierder de Súdlike Nederlannen, ferneamd om de klavesimbels dy't dêr boud waarden. Dizze ynstruminten waarden fral foar keamermuzyk brûkt. Yn Frankryk boude men earst op' e Italiaanske manier, mar letter namen de Frânsken de Vlaamske bouwwize oer. Yn Dútslân bouwde men om 1700 hinne yn in mingstyl tusken Italiaanske en Frânske ynstruminten. It klavesimbel waard yn orkesten brûkt as dirigear-ynstrumint, mei de lieder fan it orkest, de maestro al cembalo, achter it klavesimbel, mei de oare ynstruminten der yn in heale sirkel omhinne. De fine heldere klank joech dúdlik it tempo oan!