Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Liuwe (oerlis | bydragen)
Liuwe (oerlis | bydragen)
Rigel 3: Rigel 3:


== Toanfoarming ==
== Toanfoarming ==
Ithouten dokje klavesimbel is yn fleugelfoarm boud. Oan de koarte kant sitte de toetsen. Wurdt in toets yndrukt, dan komt der in houten dokje omheech, deryn sit in hulsthouten tonkje dat mar ien kant út kin. Yn dit tonkje sit in plektrum fan fûgelfear (eartiids fan in raaf), hjoeddeis meastentiids fan delrin, in keunststof, dy't de snaar poant. Oan it dokje sit ek in demperke fan kernlekken, dat by it loslitten fan de toets de snaar dempt. In speciaal klavesimbeltechnykje is it yndrukt hâlden fan bepaalde parten fan in akkoard om dizze toanen trochklinke te litten. Dizze technyk is noch famylje fan it luitspyljen.
It klavesimbel is yn fleugelfoarm boud. Oan de koarte kant sitte de toetsen. Wurdt in toets yndrukt, dan komt der in houten dokje omheech, deryn sit in hulsthouten tonkje dat mar ien kant út kin. Yn dit tonkje sit in plektrum fan fûgelfear (eartiids fan in raaf), hjoeddeis meastentiids fan delrin, in keunststof, dy't de snaar poent. Oan it dokje sit ek in demperke fan lekken of sêft lear, dat by it loslitten fan de toets de snaar dempt. In speciaal klavesimbeltechnykje is it yndrukt hâlden fan bepaalde parten fan in akkoard om dizze toanen trochklinke te litten. Dizze technyk is noch famylje fan it luitspyljen.





De ferzje fan 12 okt 2008 om 21.18

Klavesimbel yn Flaamske styl

De klavesimbel is in toetsynstrumint dêr't troch it yndrukken fan in toets in snaar by poand wurdt.

Toanfoarming

It klavesimbel is yn fleugelfoarm boud. Oan de koarte kant sitte de toetsen. Wurdt in toets yndrukt, dan komt der in houten dokje omheech, deryn sit in hulsthouten tonkje dat mar ien kant út kin. Yn dit tonkje sit in plektrum fan fûgelfear (eartiids fan in raaf), hjoeddeis meastentiids fan delrin, in keunststof, dy't de snaar poent. Oan it dokje sit ek in demperke fan lekken of sêft lear, dat by it loslitten fan de toets de snaar dempt. In speciaal klavesimbeltechnykje is it yndrukt hâlden fan bepaalde parten fan in akkoard om dizze toanen trochklinke te litten. Dizze technyk is noch famylje fan it luitspyljen.


De âldste Flaamske klavesimbels hiene twa registers, dat wol sizze, eltse toets hie twa snaren, ien op gewoane toanhichte, de saneamde acht-foet, en in register dat in oktaaf heger klonk, mei snaren dy' t heal sa lang wiene as it acht-foetsregister, dit register neamt men de fjouwer-foet. Ek makke men klavesimbels mei twa acht-foets registers. Om' t men yn' e 17de ieu maklik transponearje woe, bouwde men yn Vlaanderen ek klavesimbels mei twa klavieren, wêrby' t elts klavier in eigen toanhichte hie. Letter, likernôch om 1650 hinne, waarden de Vlaamske klavesimbels boud mei twa klavieren mei likense toanhichte en koe men de klavieren koppelje, wat de mooglikheden foar de registraasje tige fergrutte.

De Frânske bouwers namen nei 1680 de Vlaamske bouwwizen oer, wreiden de klaviergrutte út fan fjouwer nei fiif oktaven (grande ravalement) en makken de Frânske ynstruminten ta de moaiste fan' e 18de ieu, mei bouwers as Francois Etienne Blanchet en syn learling Pascal Taskin. Hjoeddeise bouwers brûke harren ynstruminten faken as foarbyld.

Skiednis

De klavesimbel is nei alle gedachten om 1500 hinne ûntwikkele yn Ytaalje. Yn de 17e ieu wie Antwerpen, en ek fierder de Súdlike Nederlannen, ferneamd om de klavesimbels dy't dêr boud waarden. Dizze ynstruminten waarden fral foar keamermuzyk brûkt.

De klavesimbel en de klavikort wienen de foarrinners fan de piano, dy't yn de 18e ieu it plak fan toetsynstrumint opeaske.

Sûnt yn de 19e ieu de Barokmuzyk wer spile waard, wurde der ek wer klavesimbels boud en bespile. Dêrby is it hjoeddeiske klavesimbel in fierder-ûntwikkele ynstrumint, mei ûnder oaren in wat krêftiger lûd.