Seine (ark): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: bat-smg, ja, ms, qu, scn, sk
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: sl:Kosa
Rigel 56: Rigel 56:
[[scn:Fàuci]]
[[scn:Fàuci]]
[[sk:Kosa]]
[[sk:Kosa]]
[[sl:Kosa]]
[[sv:Lie]]
[[sv:Lie]]
[[wa:Få (usteye)]]
[[wa:Få (usteye)]]

De ferzje fan 11 okt 2008 om 03.44

Seine
It brûken fan in seine
Harhammer,harspit en strikel

In seine is in stik lânbou-ark dat beskôge wurde kin as in fierdere ûntwikkeling fan de sikkel. In tuskenfoarm is de sichte. It bestiet út in lang bûchd mes, oan de binnebocht skerp, mei in skerpe punt, befêstige oan in stâle mei bytiden 1 mar meast 2 hantfetten. De seine wurdt brûkt troch mei in flugge swaaiende beweging lang gers of nôt te meanen, sûnder dat de meander him dêrfoar hoecht te bûken.

Hierskerp

De seine wurket it bêste as dizze flymskerp is. Hoewol't de measte seinen mei in swiere metalen stâle út Nederlânske winkels faak allinnich mei in strikel (in mei grofkerrelich slypmateriaal beplakte latte) skerp holden wurdt, wurde de bêste resultaten berikt troch de seine te harjen en te setten.

It "harjen fan de seine" kin dien wurde by ûnbehurde meanblêden fan fan hege kwaliteit izer, dy't yn East-Jeropa en Eastenryk (Teufelskerl) noch wol te krijen binne. It snijflak fan sa'n blêd wurdt bylâns de râne nei bûten dreaun mei in harhammer op in harspit (ambyld), sadat in tinne râne ûntstiet dy't flymskerp is. Hoewol't soks tige ienfâldich liket, is der foar dizze bewurking frijwat fakkennes nedich. Op grutte fjilden, dy't mei de seine meand waarden, wie der geregeld ien persoan by waens taak it wie om oan ien tried wei te harjen.

Under it wurk urdt it bled troch de meander sels geregeld set troch in yn wetter wietmakke silexstien (slypstien) mei lange swaaiende bewegingen fan de breedste kant ôf nei de punt te bewegen.

Trivia

  • Gers wurdt leafst yn de moarntiid meand, omdat it middeis stiif wurdt.
  • Der bestiet in ferskaat oan meanblêden, fan ± 30sm foar presys meanen, -bygelyks yn in hôving- oant mear as 60sm foar gruttere stikken lân. Ek bestean der grutte blêden om tinne tûkjes mei te meanen.
  • De seine mei metalen stâle en stielen 'mes' is lichaamlik folle swierder as de lichtere houten seinestâlen dy't yn East-Jeropa te keap wienen ( en dy't sels wol op maat makke waarden ) en wêrby't in hierskerp sêftmetalen mes brûkt wurdt. By de gode technyk wurdt der amper krêft brûkt, en wurdt de rêch rjocht holden. It mes wurdt yn in floeiende swaai leech oer de grûn beweecht, wêrnei't in stap foarút dien wurdt en de beweging werhelle wurdt. Ek froulju op leeftyd dy't dizze technyk yné macht hawwe kinne dit in dei folhâlde.
  • Yn de leginde fan de Wite Wieven spilet it smiten fan in harspit in wichtige rol.
  • Alle jierren wurdt der yn de feestwike yn Surhuzum it wrâldkampioenskip seineharjen holden. Yn 2004 foar de 25e kear. Wa't oan'e ein fan it kampioenskip de skerpste seine hat mei him in jier lang wrâldkampioen neame.
  • Yn it Skotsk Museum yn Edinburgh is yn de kelder in grut seineblêd út de Romeinske tiid te bewûnderjen. De tekst derby oer it skerpjen is mooglik ferkeard.
  • Elk jier wurdt der by de tradysjonele Flayelfeesten, altyd de lêste sneon yn septimber, n Aldhoarne en Nijhoarne it Frysk kampioenskip seinemeanen holden.

Symbolyk

Yn de symbolyk hat de figuer fan de dea (Meagere Hein) altyd in seine by him.