Swimmen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
st
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Swemmen feroare ta Swimmen: krekte stavering neffens wurdboek fan Zantema
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 2 okt 2008 om 18.45

In swimwedstriid

Swimmen wurdt beöefene yn in 25 -meter bad (koartebaan) en ( foar grutte wedstriden) yn in 50-meterbad (langebaan). By swimwedstriden kinne, ôfhinklik fan it oantal banen yn in swimbad, meestal fjouwer (koartebaan) oant acht (langebaan) dielnimmers tagelyk starte. De banen binne skieden troch dripjende linen dy’t spesjaal ûntwurpen binne om sa min mooglik weagen te krijen yn de oare banen. Waarden eartiids start- en oankomsten altyd mei de hân klokke, tsjintwurdich wurde op wichtige wedstriden (kampioenskippen, ynternasjonale wedstriden) dizze tiden elektroanysk mjitten middels sensoaren, wêrby't it thúsplak oantikke wurde maot, itsy mei de hân of mei in oar lichemsdiel. Dit hinget ôf fan de swimslach. Ek it korrekt nimmmen fan it kearpunt kin mei help fan sensoaren en bytiden ek ûnderwetterkamera’s kontrolearre wurde.