Tjeerd Bottema: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Boarne: Grafysk museum De Jouwer
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 28 sep 2008 om 10.05

Tjeerd Bottema ( Langsweagen, 6 febrewaris 1885 - Laren, 9 maart 1978 ) wie in Fryske skilder en grafikus. Yn it Frysk Grafysk Museum op De Jouwer hat in soad ynformaasje en wurk fan him.

Tjeerd kaam út in keunstsinnich laach, syn broer Tsjerk Bottema wie ek skilder en grafikus. Syn beide dochters Hil (Hillegonda) en Johanna Bottema wienen ek keunstners. Nei de basisoplieding tekenjen by Rosenbeek op It Hearrenfean folge er jûnslessen oan de ambachtsskoalle. Dêrnei gie Bottema nei de Ryksakademy yn Amsterdam. Yn 1904 helle hy de akte tekenjen en wûn yn 1907 de Prix de Rome. Hy wurke yn Laren, oan de Houtwei 472.

Tseard Bottema wurke yn Frankryk, Itaalje, Spanje, Marokko en Ingelân. Hy brûkte hast alle techniken fan de frije skilderkeunst en de grafyk. Hjirfoar makke hy ek wurk yn opdracht. Syn ferneamdste wurk is it byldmerk fan de RVS, de man mei de wannelstôk, de frou mei de paraplu en harren hûntsje, út 1905.