Iens: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 25: Rigel 25:
* [[Fryske doarpen]]
* [[Fryske doarpen]]
==Keppeling om utens==
==Keppeling om utens==
*[[http://spannum-edens.nl/nieuw/ Webstee Spannum/Iens]
* [http://spannum-edens.nl/nieuw/ Webstee Spannum/Iens]





De ferzje fan 18 sep 2008 om 20.01

de himrik fan Iens

Iens is in doarp yn de gemeente Littenseradiel, noardeast fan Wommels. It doarp hat likernôch 50 ynwenners (2004) en leit ticht by Spannum. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Iens diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel. Yn 1991 waard de namme Edens offisjeel feroare yn Iens. De bern geane nei skoalle De Tarissing yn Spannum.

It doarp leit mids pleatsen yn de Greidhoeke. Binnen de buorren, in beskerme doarpsgesicht, steane twa pleatsen. De measte ynwenners wurkje bûten it doarp. Fan oarsprong lei it oan in dearinnende dyk, letter is in fytspaad oanlein lâns de Boalserter Feart. Iens wurdt al sûnt it begjin fan de jiertelling bewenne. De karakteristike tsjerke kmt foar in part út de 13e ieu. Yn it tsjerke binne grêfsarken út de 16e ieu. Der stie hjir oait in stins dy't bewenne waard troch de famylje Van Burmania. In't tsjerke hinget noch in rouboerd mei it wapen fan dizze famylje.

Ferskaat

  • Ienzers wurde wol Swannepopels neamd
  • By Iens stiet ek de Sinteklazepleats.
  • Fan Iens nei Boalsert rint in fytspaad: It Fersepaad. Op plakettes steane fersen fan Fryske skriuwers.

Mienskip

It Popelhûs is it doarpshûs dat simmerdeis ferhierd wurdt. Alle jierren wurdt in doarpsfeest holden.

Befolking:

Strjitten:

Bûten de Kom, Hegenserleane, Van Burmaniawei.

Sjoch ek

Keppeling om utens