Ferskil tusken ferzjes fan "Teodoarik I"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
L (robot Anders: no:Teoderik I)
 
== De slach by Sjalôns ==
Yn 451 foelen de [[Hunnen]] mei in geweldich grut leger it Romeinske ryk yn. Dit leger dat, útsein de Hunnen ek bestie út ferskate ûnderwurpen Germaanske folken, stuts de [[Limes|Ryn-grins]] oer en krongen oant [[Orléans]] Galje yn. Diderik wegere tenearsten gehoar te jaan oan de oprop fan it Romeinsk oerbefel, him oan te sluten by it Romeinske leger. Generaal Aetius, dy't net sûnder help fan de Fisigoaten foldwaande wjerstân biede koe tsjin de Hunnen, kearde him ta de ynfloedrike senator út Auvergne, [[Avitus]], dy't 14 jier letter ta keizer beneamd wurde soe. Avitus, dy't in wichtige rol spile hie by de opfoeding fan Diderik, slagge dêryn om him oer te heljen. Tegearre mei it leger en oare foederaty luts Diderik yn juny 451 op tsjin de Hunnen. Yn Champagne op de Katalaunyske fjilden by Sjâlons kaam it ta in grouwélich treffen tusken beide legers. De [[slach op de Katalaunyske fjilden|slach by Sjalon]] waard troch de Romeinen en harren bûnsmaten wûn. Yn de striid sneuvele de Fisigoatyske kening. Neffens de oerlevering waard hy rekke troch in spear dy't troch in Ostrogoat nei him tasmit waard. Hy waard opfolge troch syn âldste soan [[Torismund]].
 
== Literatuer ==
56.981

bewurkings

Navigaasjemenu