Prinses Margrietkanaal: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Van Harinxmakanaal
Robbot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij:nl
Rigel 10: Rigel 10:
# Fan Twellingea fierder, de [[Westerbrêgesleat]] nei it [[Aldhôf]]; de [[Nije wei]] nei de [[Kûfurd]]; fierder nei de [[Jiskenhúster Mar]]; fierder nei [[Spannenburg]].
# Fan Twellingea fierder, de [[Westerbrêgesleat]] nei it [[Aldhôf]]; de [[Nije wei]] nei de [[Kûfurd]]; fierder nei de [[Jiskenhúster Mar]]; fierder nei [[Spannenburg]].
# Fan Spannenburg fierder nei de [[Grutte Brekken]]; fierder nei [[de Lemmer]], mei de [[Prinses Margrietsluis]].
# Fan Spannenburg fierder nei de [[Grutte Brekken]]; fierder nei [[de Lemmer]], mei de [[Prinses Margrietsluis]].

[[nl:Prinses Margrietkanaal]]

De ferzje fan 26 nov 2004 om 16.49

It Prinses Margrietkanaal is in kanaal foar grutte skipfeart troch Fryslân, fan 64,5 km. lang. It rint fan Strobos, mei oanslúting op it Van Starkenborghkanaal yn Grinslân, oant de Lemmer, mei oanslúting op de Yselmar.

It is yn 1951 iepensteld, en om 1965 hinne útdjipt ta 3,8 m. dat ek kustfarders tagong ta de Fryske wetters hienen. It wie net in nij-groeven kanaal; it foarmet in ferdjipping, ferbreding en ferbyning fan wetterwegen:

  1. Fan Strobos it Knillesdjip nei de Burgumer Mar; de Grinzer Feart nei Burgum.
  2. Fan Burgum de Kromme Ie, de Wide Ie en de Wide Hop nei Fonnejacht, mei oanslúting op it Van Harinxmakanaal.
  3. Fan Fonejacht it Nije Kanaal, de Mearsleat en de Krúswetters nei de Kweamar; de Greft en fierder nei de Biggemar; fierder nei de Pikmar en Grou.
  4. Fan Grou fierder nei Aldskou, dêr't de Boarn krúst wurdt.
  5. Fan Aldskou de Nije Wjittering nei de Terhernster Mar; troch de Terhernster slûzen nei de Snitser Mar; it Ald Tsjerkhôf, it Krúswetter, de Modderige Geau en fierder nei Twellingea.
  6. Fan Twellingea fierder, de Westerbrêgesleat nei it Aldhôf; de Nije wei nei de Kûfurd; fierder nei de Jiskenhúster Mar; fierder nei Spannenburg.
  7. Fan Spannenburg fierder nei de Grutte Brekken; fierder nei de Lemmer, mei de Prinses Margrietsluis.