Nearo Klaudius Drusus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Rigel 32: Rigel 32:
[[it:Druso maggiore]]
[[it:Druso maggiore]]
[[ja:大ドルスス]]
[[ja:大ドルスス]]
[[ko:네로 클라우디우스 드루수스]]
[[la:Nero Claudius Drusus]]
[[la:Nero Claudius Drusus]]
[[nl:Nero Claudius Drusus]]
[[nl:Nero Claudius Drusus]]

De ferzje fan 27 aug 2008 om 11.25

Búste fan Drusus

Drusus folút Nero Klaudius Drusus (38 f. Kr.9 f. Kr.), wie in Romeinsk generaal ûnder keizer Augustus dy't him as syn bêste befelhawwer beskôge.

Libben

Nero Klaudius Drusus wie de jongste soan fan Livia en Tiberius Klaudius Nero. Hy wie de broer fan de lettere keizer Tiberius en de takomstige keizers Kalikula en Nero wienen neisieten fan him.

Troch keizer Augustus dy't mei syn mem troude nadat er syn heit twongen hie om fan har te skieden, waard er grutbrocht as wied er syn eigen soan.

Om 18 f. Kr. troude Drusus mei Antonia, in nicht fan de keizer. Yn de koarte tiid dat sy tegearre wienen, krigen sy trije bern, nammentlik Germanikus, berne om-ende-by 15 f. Kr., Livilla yn 13 f. Kr., en de gammelige Tiberius yn 10 f. Kr., dy't letter keizer wurde soe.

Hy wie in súksesfol Romeinsk militêr dy't in protte gearwurke mei syn broer Tiberius. Hy stoar op 29-jierrige leeftyd yn 9 f. Kr. nei in ûngelokkige fal fan syn hynder.

Drusus yn Fryslân

Yn Fryslân is Drusus foaral bekend wurden troch syn oerweldiging fan Germaanje yn 12 f. Kr.. Troch him waarden de Friezen skatplichtich makke oan it Romeinske ryk. Omdat er it nij oermastere gebiet goed yn de knipe hâlde woe, hat er de Drususgrêft oanlizze litten en om de tafier fan wetter goed regelje te kinnen, liet er by de splitsing fan de Ryn en de Waal de Drususdaam bouwe. De Germanen hawwe dy daam letter ferwoaste.

Nei syn dea yn Mainz waard Drusus op talrike plakken troch de Romeinske legioenen yn Boppe-Germaanje en Neder-Germaanje fereare. De „Drususstien“ yn Mainz (doe noch: Mogontiacum) is nei alle gedachten in oerbliuwsel fan in tige grut monumint dat oprjochte waard foar Drusus.