Didius Julianus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
fan nl
 
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Didius Julianus
Rigel 38: Rigel 38:
[[lt:Didijus Julianas]]
[[lt:Didijus Julianas]]
[[mr:मार्कस सेव्हेरस डिडियस ज्युलियानस]]
[[mr:मार्कस सेव्हेरस डिडियस ज्युलियानस]]
[[nl:Didius Julianus]]
[[no:Didius Julianus]]
[[no:Didius Julianus]]
[[pl:Didiusz Julianus]]
[[pl:Didiusz Julianus]]

De ferzje fan 25 aug 2008 om 17.10

munt mei ôfbylding fan Didius Julianus

Didius Julianus, folút yn it Latyn Marcus Severus Didius Julianus (133-193), wie keizer fan Rome fan 28 maart oant 2 juny 193. Hy kaam oan de macht troch de troan te keapjen. Dat barren wurdt sjoen as it begjin fan de Romeinske boargerkriich yn 193, dy't sawat fjouwer jier doarje soe. Hy waard it selde jier noch ôfset en fermoarde troch syn opfolger Septimius Severus.

Libben

Didius Julianus waard grutbrocht yn it húshâlde fan Domitia Lusilla, de mem fan Markus Aurelius en wie konsul yn 175. As generaal had er mei dien oan krigen tsjin de Sjauken en de Sjatten yn Germaanje. Hy wie letter gûverneur fan û.o. de provinsjes Neder-Germaanje, Dalmaasje en Pontus et Bithynia.

Nei de moard op Pertinaks waard de troan troch de praetoriaanske garde by opbod ferkocht oan de heechste bieder. Didius Julianus wie mei syn ûnbedich bod fan 25.000 sestertii foar eltse soldaat de heechste bieder en waard troch de senaat, mei twang fan de militêren as keizer útroppen. Syn frou en dochter krige beiden de titel Augusta.

Dizze gong fan saken joech yn it hiele Romeinske ryk in soad konsternaasje dat trije gûverneurs ûnôfhinklik fan inoar yn opstân kamen om hjir in ein oan te meitsjen. Ien fan har, Septimius Severus, loek fuortendaliks nei Rome, sette Didius Iulianus ôf en liet him ûnthaden; hy sette de praetoriaanske garde alhiel ôf, dejingen dy't Pertinaks fermoarde hiene liet er deadzje en spare de oaren.

Keppeling om utens