Albert Egges van Giffen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
ferwizing nei hunebed
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Steen Van Giffen bij D49.JPG|rigth|thumb|200px|tinkstien by De Papeloze Kerk]]
[[Ofbyld:Steen Van Giffen bij D49.JPG|rigth|thumb|200px|tinkstien by De Papeloze Kerk]]
'''Albert Egges van Giffen''' wie in Nederlânsk [[argeology|argeolooch]] ferbûn oan de [[Ryksuniversiteit fan Grins]]. Mei syn ferneamde ûndersyk nei [[terp|terpen]] yn Noard-Nederlân en de [[hunebêden]] yn [[Drinte]] waard it fûndemint lein foar de moderne Nederlânske argeology.
'''Albert Egges van Giffen''' wie in Nederlânsk [[argeology|argeolooch]] ferbûn oan de [[Ryksuniversiteit fan Grins]]. Mei syn ferneamde ûndersyk nei [[terp|terpen]] yn Noard-Nederlân en de [[hunebed|hunebêden]] yn [[Drinte]] waard it fûndemint lein foar de moderne Nederlânske argeology.


Van Giffen waard berne op [[14 maart]] [[1884]] yn [[Noardhoarn]] as soan fan in herfoarme dûmny, en groeide op yn [[Diever]]. Nei it gymnasium begûn der oan in stúdzje plant- en dierkunde yn Grins.
Van Giffen waard berne op [[14 maart]] [[1884]] yn [[Noardhoarn]] as soan fan in herfoarme dûmny, en groeide op yn [[Diever]]. Nei it gymnasium begûn der oan in stúdzje plant- en dierkunde yn Grins.

De ferzje fan 24 aug 2008 om 11.28

tinkstien by De Papeloze Kerk

Albert Egges van Giffen wie in Nederlânsk argeolooch ferbûn oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Mei syn ferneamde ûndersyk nei terpen yn Noard-Nederlân en de hunebêden yn Drinte waard it fûndemint lein foar de moderne Nederlânske argeology.

Van Giffen waard berne op 14 maart 1884 yn Noardhoarn as soan fan in herfoarme dûmny, en groeide op yn Diever. Nei it gymnasium begûn der oan in stúdzje plant- en dierkunde yn Grins.

Terpen

Yn 1908 begûn de doe 24-jierrige biologystudint Van Giffen oan syn ûndersyk nei de terpen, yn Grinslân ek wol wierden neamd. In soad terpen waarden yn dizze tiid ôfgroeven en wichtige ynformaasje út it ferline rekke op dizze wize wei. Dochs kamen der ek in bulte dingen út de mysterieuze heuvels wei dy't bewarre waarden. Van Giffen ûndersocht dizze fynsten en besocht terpôfgravings lykas yn Dorkwerd. Hy kaam as earste ta de konklúzje dat terpen echte wenheuvels wienen.

Van Giffen waard ferneamd troch syn ôfgravings yn Esinge. Hy lei as earste de struktuer fan in doarp troch de ieuwen hinne sichtber. Mei dit projekt ûntwikkele hy de saneamde kwadrantmetoade, wêrby it te ûndersykjen gebiet sawol mei fertikale as horizontale sleuven ôfgroeven waard. Sa waard in maksimum oan gegevens krige mei minimale fersteuring. Oan't dy tiid waard in argeologysk fynplak hielendal, laach foar laach, ôfgroeven. Mar troch de nije metoade bleau in part fan it fynplak yntakt.

Fryslân

Yn Fryslân ûndersocht Van Giffen ûnder oare de oerbliuwsels fan it kleaster Klearkamp by Rinsumageast. Op guon grêffjilden út de betide Midsieuwen yn 'e omkriten fan Dokkum wie Van Giffen in bekende ferskining. Yn 'e tritiger jierren wie de professor belutsen by de archeologyske aktiviteiten by de grêfheuvels yn de Stellingwarfen. Tidens de Twadde Wrâldkriich hiene de alderearste bewennersspoaren yn de Fryske terpen de oandacht fan Van Giffen. Op basis fan syn gegevens koe letter de komôf fan de Friezen fêststeld wurde. Kontakten wiene der mei de Fryske argeologen H.J. Popping, H. Halbertsma en P.C.J.A. Boeles.

Hunebêden

De Papeloze Kerk
De Papeloze Kerk

Yn 1917 waard Van Giffen ek oanstelt as konservator fan it Drints Museum yn Assen. Van Giffen hat yn dy tiid in protte opgravings dien by de hunebêden en hat ek in protte restaureare. Ek makke hy in ynventarisaasje fan alle noch besteande hunebêden yn Drinte. Yn 1928 publisearre hy hjiroer in boek dat noch altiten as in standertwurk oer de hunebêden sjoen wurd.
Van Giffen bleau syn hiele libben belutsen by de hunebêden. Yn de Twadde Wrâldkriich hat der bygelyks de stiennen fan D53 by Havelte tydlik fuorthelle om't de dútsers dêr in fleanfjild hawwe woene, nei de oarloch koe Van Giffen de stienen wer tebeksette op it oarspronklike plak sadat dit hunebêd ek noch hieltiten te besjen is.
Foaral yn de jierren fyftich en sechtich hat Van Giffen in protte hunebêden restaureare en noch ferskate opgravings dien. In bekend hunebêd is ek de Papeloze Kerk, IN hunebêd by Schoonoord dêr t net folle fan oer wie. Van Giffen hat doe mei stiennen fan in twadde hunebêd dat net folle mear wie, in rekonstruksje makke hoe at in hunebêd der eartiids mei dekheuvel út sjoen hat. In part fan de dekheuvel is weilitten om de opbou fan it hunebêd sjen te litten.

Grins

Foar de stêdsargeology fan de stêd Grins hat er ek wichtich wurk ferset. Yn 1928 ûndersocht hy de súdkant fan de Grutte Merk en yn de jierren fyftich hat hy in opgraving dien fan de Walburchtsjerke op in Martinitsjerkhof.

Ferskaat

Yn 1920 rjochte hy it Biologysk-Argeologysk Ynstitút op. Fierder wie der foarsitter fan de Feriening fan Terpenûndersyk, ynspekteur by it Grinzer Museum en al neamd konservator by it Drints Museum.

Yn 1932 waard hy keazen as lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).

Yn 1930 kocht hij it bûten De Heezeberg by Diever wêr hy de rest fan syn libben wenne. Van Giffen ferstoar yn de âldens fan 89 jier op 31 maaie 1973 yn Swol.

Yn it Grinzer Museum wie fan desimber 2005 oant april 2006 in grutte tentoanstelling plak mei de namme: Professor van Giffen en it geheim fan de wierden

Literatuer

  • E. van Ginkel, S Jager en W. van der Sanden, Hunebedden, Monumenten van de Steentijdcultuur, Uniepers Abcoude (2005).

Keppeling om ûtens