Dokkumer Grutdjip: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Aliter (oerlis | bydragen)
Utwreide
Rigel 1: Rigel 1:
It '''Dokkumer Djip''' wie eartiids de ferbining fan [[Dokkum]] mei de iepen see. It wie in smelle see-earm dy't fan Dokkum nei it easten rûn en yn de [[Lauwerssee]] útkaam.
It '''Dokkumer Djip''' wie eartiids de ferbining fan [[Dokkum]] mei de iepen see. It wie in smelle see-earm dy't fanút de [[Lauwerssee]] oant Dokkum ta nei it westen kaam. De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek nog lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. De súdlike dyk hjit de [[Wâlddyk]]. Hjir wiene ek noch in tal silen foar de ôfwettering fan it lân.
De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek nog lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. De súdlike dyk hjit de [[Wâlddyk]]. Hjir wiene ek noch in tal silen foar de ôfwettering fan it lân.


De [[Ald Swemmer]] kaam by de [[Aldwâlder syl]] in it djip út. Flak yn de buert fan de Aldwâlder syl is by in dyktrochbrek in grut wiel ûntstien. Omdat der op it plak fan de trochbrek in djip gat ûntstie wurde letter de dyk oan de bûtekant om it gat hinne lein sadat in djippe rûne mar untstie, de saneamde wiel.
Ien fan dizze silen wie de [[Aldwâlder syl]], dêr't de [[Ald Swemmer]] troch yn it djip útkaam. Flak yn de buert fan de Aldwâlder syl is by in dyktrochbrek in grut [[wiel]] ûntstien. De dyk is letter bûten it plak fan de trochbrek om lein, en binnen de dyk bleau it wiel, it [[Mâllegraefsgat]], oer.


Yn 1729 is it Dokkumer Djip ôfslúten fan de Lauwersee troch de wetterboukundiche [[Willem Loré]]. Hjirfoar binne by [[Dokkumer Nijesilen]], nije sylen oanlein. Yn 1969 is der neist de silen in nije slús oanlein.
Wylst noch yn [[1596]] yn Dokkum de [[Fryske Admiraliteit]] oprjochte waard, en de oarlochsskippen doe noch yn de stêd komme koenen, rekke it Dokkumer Djip yn de rin fan de [[17 ieu]] fersâne ta in kringeljende stream. Yn [[1729]] is it Dokkumer Djip ôfslúten fan de Lauwersee troch de wetterboukundiche [[Willem Loré]]. Hjirfoar binne de nije sylen oanlein dêr't it doarp [[Dokkumer Nijesilen]] by ûntstien is. Yn [[1969]] is der neist de silen in nije slús oanlein.


Yn de [[19e ieu]] binne tal fan bochten yn it djip rjochtlûtsen. Foaral by it lêste stik yn de buert fan [[Ingwierrum]]. Dêrtroch is in eilân ûntstien wêrop noch in pear pleatsen en wat hûzen steane. It eilân is te berikken fia de brêge by Ingwierrum.
Yn de [[19e ieu]] binne tal fan bochten yn it djip rjochtlûtsen. Dêrtroch is der in rige fan fjouwer eilannen ûntstien, mei it nije kanaal fan it Dokkumer Djip oan de noardkant, en in meänder fan it [[Alddjip]] oan de súdkant. It grutste fan de fjouwer is it eastlikste eilân, tsjin [[Ingwierrum]] oer. Op dit eilân lizze in pear pleatsen en steane wat hûzen. It eilân is allinnich te berikken fia de brêge by Ingwierrum.

Sûnt de Lauwerssee op [[23 maaie]] 1969 ôfsletten is, set it Dokkumer Djip him ek foarby de Dokkumer Nije Silen fuort. Om de [[Ingwierrumer Polder]] hinne, draait it Djip nei it noarden, rint tusken dy polder en de [[Djipster Bosk]] troch, en komt nei in pear kilometers út yn de [[Lauwersmar]].

De ferzje fan 31 mrt 2005 om 04.54

It Dokkumer Djip wie eartiids de ferbining fan Dokkum mei de iepen see. It wie in smelle see-earm dy't fanút de Lauwerssee oant Dokkum ta nei it westen kaam. De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek nog lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. De súdlike dyk hjit de Wâlddyk. Hjir wiene ek noch in tal silen foar de ôfwettering fan it lân.

Ien fan dizze silen wie de Aldwâlder syl, dêr't de Ald Swemmer troch yn it djip útkaam. Flak yn de buert fan de Aldwâlder syl is by in dyktrochbrek in grut wiel ûntstien. De dyk is letter bûten it plak fan de trochbrek om lein, en binnen de dyk bleau it wiel, it Mâllegraefsgat, oer.

Wylst noch yn 1596 yn Dokkum de Fryske Admiraliteit oprjochte waard, en de oarlochsskippen doe noch yn de stêd komme koenen, rekke it Dokkumer Djip yn de rin fan de 17 ieu fersâne ta in kringeljende stream. Yn 1729 is it Dokkumer Djip ôfslúten fan de Lauwersee troch de wetterboukundiche Willem Loré. Hjirfoar binne de nije sylen oanlein dêr't it doarp Dokkumer Nijesilen by ûntstien is. Yn 1969 is der neist de silen in nije slús oanlein.

Yn de 19e ieu binne tal fan bochten yn it djip rjochtlûtsen. Dêrtroch is der in rige fan fjouwer eilannen ûntstien, mei it nije kanaal fan it Dokkumer Djip oan de noardkant, en in meänder fan it Alddjip oan de súdkant. It grutste fan de fjouwer is it eastlikste eilân, tsjin Ingwierrum oer. Op dit eilân lizze in pear pleatsen en steane wat hûzen. It eilân is allinnich te berikken fia de brêge by Ingwierrum.

Sûnt de Lauwerssee op 23 maaie 1969 ôfsletten is, set it Dokkumer Djip him ek foarby de Dokkumer Nije Silen fuort. Om de Ingwierrumer Polder hinne, draait it Djip nei it noarden, rint tusken dy polder en de Djipster Bosk troch, en komt nei in pear kilometers út yn de Lauwersmar.