Skrikkelsekonde: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L skriuwflaterke
Robbot (oerlis | bydragen)
L Andre Engels - Robot-geholpen doorverwijzing: Moanne
Rigel 5: Rigel 5:


==Foarkommen==
==Foarkommen==
Sûnt de ynfiering fan dit systeem yn 1972 binne der totaal 22 skrikkelsekonden tafoege, wat likernôch del komt op elste 18 [[moanne]]n in skrikkelsekonde.
Sûnt de ynfiering fan dit systeem yn 1972 binne der totaal 22 skrikkelsekonden tafoege, wat likernôch del komt op elste 18 [[moanne (tiid)|moannen]] in skrikkelsekonde.


# [[30 juny]] [[1972]]
# [[30 juny]] [[1972]]

De ferzje fan 20 sep 2004 om 17.27

In skrikkelsekonde is in sekonde dy't tafoege wurdt ta korreksje fan it ferbân tusken de sinnedei en de oerwurkdei.

Besteansgrûn

Om't de sekonde hjoeddeisk in definysje hat dy't gjin ferbân hâldt mei de dei, is it no mooglik dat in dei net krekt 24*60*60 sekonden lang is. De gemiddelde rotaasje fan de ierde nimt marzjinaal ôf, dat de middeldei yn de rin fan jierren is indie krekt wat langer. Hjirom moat út en troch in sekonde tafoege wurde om foar te kommen dat de oerwurkdei foar midsnacht eindiget.

Foarkommen

Sûnt de ynfiering fan dit systeem yn 1972 binne der totaal 22 skrikkelsekonden tafoege, wat likernôch del komt op elste 18 moannen in skrikkelsekonde.

  1. 30 juny 1972
  2. 31 desimber 1972
  3. 31 desimber 1973
  4. 31 desimber 1974
  5. 31 desimber 1975
  6. 31 desimber 1976
  7. 31 desimber 1977
  8. 31 desimber 1978
  9. 31 desimber 1979
  10. 30 juny 1981
  11. 30 juny 1982
  12. 30 juny 1983
  13. 30 juny 1985
  14. 31 desimber 1987
  15. 31 desimber 1989
  16. 31 desimber 1990
  17. 30 juny 1992
  18. 30 juny 1993
  19. 30 juny 1994
  20. 31 desimber 1995
  21. 30 juny 1997
  22. 31 desimber 1998

Stuit fan ynfoegjen

De sekonde wurdt ynfoege oan it ein fan in moanne, en leafst wurde hjirby de oergongen brûkt fan desimber nei jannewaris en fan juny nei july. Nei UTC 23:59:59 komt dan de skrikkelsekonde UTC 23:59:60, en pas dan begjint de nije dei, op UTC 0:00:00. De oanpassing wurdt tagelyk dien foar alle tiidzônes, dat yn tiidzônes op it eastlik healrûn wurdt de sekonde tafoege yn de rin fan de nije dei, wylst op it westlik healrûn de âlde dei langer wurdt.

Negative skrikkelsekonden

Yn it systeem wurdt ek rekken hâlden mei negative skrikkelsekonden. As dêr ferlet fan is wurdt UTC 23:59:59 oerslein. Om't oannaam wurdt dat de rotaasje fan de ierde marzjinaal ôfnimt, wurdt net ferwachte dat dit ea barre sil, mar mooglik is it fansels al. Sa is de tiid sûnt de lêste skrikkelsekonde, yn 1998, folle langer as it ynterfal tusken twa skrikkelsekonden ea earder wêst hat.

Gregoriaanske kalinder

It wurdt wolris tocht dat skrikkelsekonden de lytse ôfwiking fan de Gregoriaanske kalinder oanpasse moatte, mar dat is net sa. Dat ôfwiken hâldt ferbân mei de rotaasje fan de ierde om de sinne, dat as it ea sa fier komt dan moat dat oanpast wurde mei in skrikkeljier.