Kassius Dio: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: ro:Dio Cassius
L Bot - derby: ko:디오 카시우스
Rigel 59: Rigel 59:
[[it:Cassio Dione Cocceiano]]
[[it:Cassio Dione Cocceiano]]
[[ja:カッシウス・ディオ]]
[[ja:カッシウス・ディオ]]
[[ko:디오 카시우스]]
[[la:Cassius Dio]]
[[la:Cassius Dio]]
[[ms:Dio Cassius]]
[[ms:Dio Cassius]]

De ferzje fan 21 jul 2008 om 12.11

Lusius Kassius Dio wie in Romeinsk senator en skiednisskriuwer út de 2e en 3e ieu nei Kr. Hy wie de lêste dy't in algemiene skiedskriuwing makke fan it Imperium Romanum. Syn wurk soe yn it Byzantynske Ryk noch lang de standert bliuwe foar Romeinske skiednis. Hy wie ek tûk yn de keunst fan de prodigmata (foartekens).

Libben

Lusius Kassius Dio waard as Gryk en soan fan Kassius Apronianus, lid fan in wichtige lokale famylje én senator, berne te Nicaea yn Bithynia (± 155 n. Kr.). Hy folget yn Nicaea in retoarenoplieding, dêr't hy ynteressearre rekke foar û.o. Thucydides. Mei syn heit ferfarde hy nei Rome en foltôge dêr syn oplieding.

Neidat syn heit him yntrodusearre hie yn de Romeinske senaat wurket hy in skoft as amtner en makket opgong sa om 190 hinne ta senator. Wannear't yn 192 Kommodus fermoarde wurdt en Septimius Severus as oerwinner út de striid komt, stjoert Dio in wurkje nei Severus oer dreamen en foartekens dy't syn troansbestiging foarseit. Op dizze wize komt Dio yn de rûnten terjochte fan de keizer en rekket mei him befreone. Oan dit kontakt hat er ek syn beneaming as praetor (195) en gûverneur fan in provinsje te tankjen. Yn 204 wurdt er beneamd ta konsul.

Dio makket fan tichteby de útspattings mei fan de soan fan Septimius, Karakalla dêr't er letter oer skriuwe sil. Hy beselskippet him op in reis troch Lyts-Aazje. Sûnt 218 reizget Dio faak rûn bûten Itaalje yn ferskate funksjes. Nei 222 begjint in nije faze yn syn karriêre. Dio wurdt efterinoar gûverneur fan Afrika (223), Dalmaasje (224 - 226) en úteinlik Pannoonje (226 - 228). Yn 229 is hy foar de twadde kear konsul tegearre mei keizer Severus, in útsûnderlike prestaasje foar in net-Romein. Lang om let keart hy werom nei Nicaea dêr't er him dwaande hâlde sil mei it ôfmeitsjen fan syn grutte histoaryske wurk.

Wurken

Dio skreau allinnich lytse wurkjes en einige mei syn magnum opus.

Biografy fan Arrianus

Nei alle gedachten in jeugdwurk dat Dio skreau oer syn streekgenoat Arrianus.

Wurkje oer Prodigia

Dit wurkje oer dreamen en foartekens skreau hy yn 192 en foarseit dêryn de troansbestiging fan Septimius Severus. Troch dit wurk waard hy opnommen yn de rûnten om keizer Severus hinne.

Foarfallen nei de dea fan Kommodus'

'Doe hy dit wurkje klear hie, hied er de smaak te pakken, en skreau hy ek noch in ferslach oer de boargerkriich fan 193 oant 197. Dit wie tige nei it sin fan it Romeinske lêzerspublyk, sa lit er ús witte.

Romeinske skiednis

Omdat syn wurk sa goed ûntfongen waard, beslút Dio om de Romeinske skiednis te beskriuwen fan har stifting yn 753 f.Kr. ôf. Oan dit wurk soe er him mear dan tweintich jier wije, wêrfan tsien jier allinnich mei it byinoar sykjen fan boarnemateriaal. Mei dit wurk fêstige Dio syn namme ûnder de grutten fan de historici. It is in wiidweidich skiedniswurk yn it Gryksk dat mar foar in part bewarre bleaun is. Syn oersjoch fan de Romeinske skiednis einiget mei it bewâld fan keizer Aleksander Severus.

Koarte bibliografy

  • Cassius Dio, Vier keizers. Rome onder Tiberius, Caligula, Claudius en Nero, oerset troch G.H. de Vries, Amsterdam, 2000, siden 7-25.

Nederlânske oersettings

  • Cassius Dio, Vier keizers. Rome onder Tiberius, Caligula, Claudius en Nero, oerset troch G.H. de Vries, Amsterdam, 2000.
  • Cassius Dio, Augustus. Keizer van Rome, oerset troch G.H. de Vries, Amsterdam, 2002.
  • Cassius Dio, Samenzwering en verraad. De strijd om de macht na de moord op Julius Caesar, oerset troch G.H. de Vries, Amsterdam, 2006.
  • Cassius Dio, Geschiedenis van Rome. Boek 37., oerset troch Kox Kollum, 2002. (werk in uitvoering, oerset: XXXVII 1-3.)

Online edysje

Keppeling om utens