Krystkongres: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
útnoeging foar krystkongres 2007 ferwidere
Rigel 6: Rigel 6:


De twadde dei is û.o. ornearre foar de Federaasje Lede Gearkomste. Gauris stiet in besite oan in museum yn Frjenstjer op it program. Ek in stedkuier of Fryske tsjerketsjinst hat in aktiviteit west.
De twadde dei is û.o. ornearre foar de Federaasje Lede Gearkomste. Gauris stiet in besite oan in museum yn Frjenstjer op it program. Ek in stedkuier of Fryske tsjerketsjinst hat in aktiviteit west.

It 75e Krystkongres wurdt hâlden op 28 en 29 desimber 2007. Foar it program en it boekje kinne jo sjen op www.krystkongres.nl. Fansels is eltsenien wolkom op it 75e Krystkongres!


==List fan Krystkongressen 1931-1982==
==List fan Krystkongressen 1931-1982==

De ferzje fan 19 jul 2008 om 21.11

It Krystkongres is it jierlikse meardaachske kongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings yn Frjentsjer.

It kongres wurdt hâlden yn it âldste studintewaerdshûs fan Nederlân, de Bogt fen Guné, neist it Sjûkelân yn Frjentsjer. Fryske studinten fan hiel Nederlân út komme hjir ienris yn it jier gear. De lêste jierren duorret it kongres twa dagen, yn it ferline hat it ek wol trije dagen west. De earste Krystkongressen hiene plak yn Ljouwert.

Op de earste dei fan it kongres wurde de studinten moarns troch de boargemaster ûntfongen yn it stedhûs. Middeis wurdt der in debat of lêzing hâlden oer in spesifyk en aktueel fraachstik yn de boppenseal fan de Bogt. It ûnderwerp of tema fan it debat hat meastentiids mei fraachstikken yn Fryslân te krijen, somtiden ek oer ynternasjonale minderhedenfraachstikken. Nei it waarme miel is it dan tiid foar ferdyvedaasje. Leden fan de ferskate ferienings stride om de keëlkas (tsjelken) fan de Bierkriich en de Kabaretkriich. Gauris spilet der 'tot in de kleine uurtjes' in band of in dj.

De twadde dei is û.o. ornearre foar de Federaasje Lede Gearkomste. Gauris stiet in besite oan in museum yn Frjenstjer op it program. Ek in stedkuier of Fryske tsjerketsjinst hat in aktiviteit west.

List fan Krystkongressen 1931-1982

  • 1931 - Ljouwert - P. Sipma: Fen it Fryske wirkfjild en D. Kalma: Fryslân en de wrâld
  • 1932 - Ljouwert - G. Gosses: Patriottistyske lûden yn Fryslân's skriftekennisse en H. Algra: De Germaenske Frijheitsidé
  • 1933 - Ljouwert - E.B. Folkertsma: Hwet bilang hat Nederlân by de ûntjouwing fen it Fryske libben? en W. Hielkema: De geastlike grounslaggen fen de Fryske folklore
  • 1934 - Ljouwert - Pref. Dr. H. Wirth hold trije lêzings yn it Dútsk oer de âlde Fryske religy. Drs. L. Bouma hold in lêzing oer it kosmopolitisme.
  • 1935 - Ljouwert - R.P. Sybesma: Folk en literatuer en T. Brandsma: 350 jier nei de stifting fan de Frjentsjerter hegeskoalle
  • 1936 - Frjentsjer - Pref. Dr. C. Borchling (Hamburch): Alteste Stammegeschichte der germanischen Völker, insbesondere der Friezen en Mr. J.P. Winsemius: It beaken for de Fryske Biweging en S. van Tuinen: It studintelibben yn âld Frjentsjer
  • 1937 - Frjentsjer - Pref. Dr. J.M.N. Kapteyn: Taak en grenzen der Friesche cultuurmorphologie en S.D. de Jong: Agraryske en yndustriéle problemen yn Fryslân
  • 1938 - Frjentsjer - J.M. van der Goot: De polityk en de Fryske Biweging en Drs. L.H. Bouma: Inkele nijere aspekten fen it nasjonalisme yn Hollân en D.H. Kiestra: Fergreating fen it tal besteansmûglikheden yn de Fryske lânbou
  • 1939 - Frjentsjer - Dr. A. Wassenbergh: Kunst en Volkskunst en M.K. Scholten: Yn tsjinst fen Fryslân en P. Sipma: Piter Jelles en syn tiid
  • 1940 - Frjentsjer - J.J. Kalma: Whet kinne wy no dwaan?
  • 1941 - Ljouwert (De Bogt fen Guné is troch de Dútsers beset) - Pref. Dr. J. Brouwer: Jan Jelles Hof as in strider for Fryslân en F. Schurer: Ien en ienriedich De lêzing fan Dr. Kok waard op it lêste momint ferbean.
  • 1942 - Ljouwert - Dr. T. van der Zee: Fryslân foar hûndert jier en Dr. S. van Tuinen: Studintelibben yn Frjentsjert en Ir. D. Tuinstra: Architektuer en Fryslân
  • 1945 - Frjentsjer - G.J.A. Bouma: Fryske styl (foarlêzen troch L. Eringa) en Drs. F.J. Bergstra: It plak fan de yntellektueel yn de Fryske folksmienskip
  • 1946 - Frjentsjer - Dr. W. Kok: It houlik by de Germanen en Dr. Ir. J. B. van der Meulen: Lânbou en yndustrialisaasje yn Fryslân en L.J. de Jong: Muzykbylden út Fryslân
  • 1947 - Frjentsjer - J. Piebenga: Tusken Noard en Súd en E.B. Folkertsma: De tsjintwurdige sitewaesje fan 'e Biweging en Pref. Dr. G. Gosses: Liudger de foltôger
  • 1948 - Frjentsjer L. H. Bouma: Ek nou Natio Frisica en Dr F. Bergstra: De Fryske studint tusken Universiteit en Akademy
  • 1949 - Frjentsjer - H. Algra: Frysk en Ynternasjonael en Drs. G. de Groot: De lânboupolityk fan it regear en de bitsjutting dêrfan foar it Fryske folk
  • 1950 - Frjentsjer - B. Tuinstra: Kunst en Dr. W. Kok: De Fryske kultuer en Dr. H. G. W. van der Wielen: It emigrearjen út Fryslân
  • 1951 - Frjentsjer - F. Dam: Ferzen fan de Reiddompmannen en D. Osinga: It stedsmuseum fan Amsterdam (1800-hjoed) en R.J. Sipkens: Twataligens en proefskoallen
  • 1952 - Frjentsjer - T.D.Boelens: Kristlik leauwe en Frysk folk en P. Dykstra: Folksoplieding en Pref. Merx (Feriene Steaten): It krystliet yn'e wrâld
  • 1953 - Frjentsjer - Drs. G. de Groot hold in lêzing oer Fryske sosjaal-ekonomyske fraachstikken. Oer de Fryske kwestje waard sprutsen troch: P. van der Mark (ARP), W. Nauta (CHU), J.K. Dijkstra (PvdA), B.C. Algra (VVD), Dr. M.P. van Buitenen (KVP), G. Roorda (Soc. Unie)
  • 1954 - Frjentsjer - Dr. P. Galema: It filosofysk ûnderwiis oan'e Frentsjerter Hegeskoalle
  • 1955 - Frentsjer - K. Boelens: De tael fan Jelle Jolle en Janneman
  • 1956 - Frjentsjer - J. Piebenga: It Oera Linda Bok Oer de problematyk fan ús Wadde-eilannen waard sprutsen troch: J. Anker, J. van der Bent, R. Wolda
  • 1957 - Frjentsjer - Oer de fraach of't der in takomst is foar studinte yn Fryslân sprieken: drs. K. Dijkstra, Dr. H.T. Piebenga, Ir. G.J. Bouma, A. Haima.
  • 1958 - Frjentsjer - Oer it tema fan Fryslân en de yndustrialisaasje waard sprutsen troch: Mr. L.H. Bouma, Drs. W. Westra, Mr. P. Terpstra, W. Harmsma
  • 1959 - Frjentsjer - Der waard in diskusje holden oer fjirtjin punten dy't benammen de ferhâlding stêd - plattelân oanbelangen, troch: Mr. L.H. Bouma, R. Bergsma
  • 1960 - Frjentsjer - Oer it tema Fryslân hjoed de dei sprieken: P. Sipma, Y. Foppema, J. Piebenga
  • 1961 - Frjentsjer - Dr. F.J. Bergstra: Selsbistjûr foar Fryslân en Pref. dr. A. Hilckmann (Mainz) hold in lêzing oer de taak fan de lytse folken fan Europa
  • 1962 - Frjentsjer - L.O. ten Cate hold in lêzing oer de Fryske kultuer
  • 1963 - Frjentsjer - Dr. Dyserink: De Vlaamse beweging als cultureel en sociaal verschijnsel en H.K. Schippers: Yn en om it Planetarium
  • 1964 - Frjentsjer - L.O. ten Cate: Folk is mear as tael Oer de fraach Fryslân wherhinne sprieken: B. Roolvink, A. Oosterhoff, Ds. S. Bijleveld
  • 1965 - Frjentsjer - Ds. J.J. Kalma: Ald en Nij yn Gysberts tiid en D. Tamminga: Oer de Gysberts Japiks-útstalling
  • 1966 - Frjentsjer - Oer de regionale televyzje waard sprutsen troch: A. Bosma-Banning, Mr. H. Laudy, Drs. L. Mulder, K. Sikkema, P. Tania
  • 1967 - Frjentsjer - S.J. van der Molen: De Wâlden, fan lawei ta Lawei, drs. M. Dijkstra: Yndustrialisaasje en kultuer Oer it tema Wurkgelegenheid yn it Noarden sprieken: L.O. ten Cate, Ir. H.J. Louwes
  • 1968 - Drachten - Oer it tema Better wenjen waard sprutsen troch: I. Wibaut, Hartsuyker, F. van Klingeren, Dr. C. de Galan, L. Schimmelpenninck, A. van Dien. Dr. P. D. Fiedeldey Dop: De burger kreeg een woning maar de mens viel onder de tafel T. Visser: Sprekke oer kunst kin net
  • 1969 - Frjentsjer - Temakongres oer Wittenskiplik ûnderwiis yn Fryslân, mei meiwurking fan: Mr. T. J. Kingma, Mr. K. de Vries, Drs. M. Dijkstra, P. van der Mark, Mr. L. H. Bouma, Mr. L. Viersen, U. Jansma, pref. Dr. H. Freudenthal
  • 1970 - Frjentsjer - Temakongres Kinne lytse kultueren noch wol bestean yn in forienige Europa? mei meiwurking fan: J. Smit, J. B. Singelsma, S. Bijleveld, R. Leenstra, K. de Vries
  • 1971 - Frjentsjer - Temakongres De optimale ekonomyske struktuer fan Noard-Nederlân, mei bihâld fan syn eigen karakter, lânskippelik likegoed as kulturiel mei meiwurking fan: Mr L.H. Bouma, J. Swierstra, N. Tiemstra, J.H. Zoon
  • 1972 - Frjentsjer - Temakongres Diskriminaasje en kulturele mindertallen mei meiwurking fan: Dr. P. Boskma, Drs. L. van Bogaert, Drs. R. Straatsma, P. Kramer, Drs. W. Nijboer
  • 1973 - Frjentsjer - Temakongres oer Fryske keunst mei meiwurking fan: P. Boersma, T. Mercuur, P. Boorsma, N. Verhoeven, W. Abma, M. Bylsma
  • 1974 - Frjentsjer - Temakongres Wales en Fryslân mei meiwurking fan: G van Rijn, S. Sybrandy, J.B. Singelsma
  • 1975 - Frjentsjer - Temakongres Fan streek fan it Streekplan? mei meiwurking fan: Ir. S.A. Brouwers, G. Wartena
  • 1976 - Frjentsjer - Temakongres Wurk yn Fryslân? mei meiwurking fan: J.P. Reehoorn, Ir. S.A. Brouwers, J. Vellinga, R. Visser, Drs. D. van der Zee
  • 1977 - Frjentsjer - Temakongres De Europeeske Ekonomyske Mienskip mei meiwurking fan: J.G. van Rijn, R. Zijlstra, J. van Minnen
  • 1978 - Frjentsjer - Temakongres De ynfiering fan it Frysk yn it offisjele ferkear mei meiwurking fan: H. Bloemhof, C. Arlman, T. Kingma, J. van der Meer
  • 1979 - Frjentsjer - Temakongres De takomst fan it Fryske toaniel en kabaret mei meiwurking fan: T. de Vries, T. van der Goot, J. Spieksma, L. Dykstra, O. Spoelstra
  • 1980 - Frjentsjer - Temakongres De regionale omrop yn Fryslân mei meiwurking fan: J. Spyksma, J. Mulder, D. van Dam, K. Wielinga
  • 1981 - Frjentsjer - Temakongres Lytsskealigens mei meiwurking fan: J. Huisman, J. Hettinga, H.T. Algra, R. Falkena, W. Tjoelker
  • 1982 - Frjentsjer - Temakongres Dwaande mei in Fryske takomst mei meiwurking fan: J. Buve, P. van der Plank, H. ten Hoeve

Keppeling om utens

Lustrumalmenak 1982 - fan de Federaasje fan Fryske Jongerein-ferienings