Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
ik haw der alle gefallen fan makke
Robbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: en:Frisian freedom
Rigel 20: Rigel 20:


[[de:Friesische Freiheit]]
[[de:Friesische Freiheit]]
[[en:Frisian freedom]]
[[nl:Friese Vrijheid]]
[[nl:Friese Vrijheid]]

De ferzje fan 18 jul 2008 om 23.47

De Fryske seelânnen.

De Fryske frijheid wie de útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa. Dizze frijheid ûntwikkele harren op it ein fan de 11e ieu. Alle lannen dy't part west hienen fan it Karolingyske ryk, waarden bestjoerd troch in hear, lykas in greve, dy't him, úteinlik, ferantwurdzje moast foar in kening. Mar by de Friezen wie dat net langer mear de regel. Sy bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels. As wichtigste oarsaak foar it ûntstean fan dizze frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens tsjinoer harren lanshearen dat harren stadichoan ûntwikkele op it ein fan de 11e ieu as gefolch fan de hieltyd werom kearende twisten oer de greeflike rjochten.

Oft dyselde situaasje ek gou foar de Romeinske tiid is net dúdlik. Wol skriuwe de Romeinske boarnen al oer de Friezen as in folk dat yn minne omstannichheden libbet, mar de seinings fan it Romeinske ryk net wol, om't it dy betelje moat mei syn frijheid.

Oft dy frijheid in rjocht wie, of fuortkaam út omstannichheden sa min dat gjin hear der belang by hie, is ek net wis. Der hat al sprake west fan in Karelsprivileezje dat dizze frijheid fêstlein hawwe soe, mar der wurdt no oannaam dat dat, as it bestien hat, in falsifikaasje west hat

Oarsprong

De deaslach op greve Arnulf yn 993 liket it earste teken van de Libertas fan de Friezen. Dizze Fryske greef sneuvele by een poging syn opstannige ûnderdienen ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve Hindrik de Fette yn 1101 wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de Fryske frijheid. Dizze Frijheid waard yn alle gefallen op 3 novimber 1248 troch de kening fan it Hillige Roomske ryk Willem II. Dat die der neidat er help krige hie fan de Friezen by it belis fan de stêd Aken. Yn 1417 waard dit op 'e befêstige troch keizer Sigismund dy't Fryslân ta ryksonmiddellijk gebiet ferkleare. Dêr stjit tsjinoer dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, bygelyks Lodewijk IV oan de grêven fan Hollân.

Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it sanneamde Karelsprivilege dat Karel de Grutte oan Magnus Forteman jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmetsele yn de muorre fan in Tsjerke. Nei alle gedachten dy fan Almenum, Ferwâlde of Aldeboarn.

Oan de ein fan de Midsieuwen wie Fryslân yn alle gefallen wichtich genôch dat der in eigen groep fan eallju yn ûntstie, en dat ek de eallju fan bûten har each der op rjochten. Op himsels wie mei dy eigen Fryske eallju de frijheid al foar in grut part ferdwûn, mar as de formele ein fan de Fryske frijheid wurdt it gearkommen fan dy twa groepen ealju sjoen. Foar 1500 wienen de Fryske eallju al ûnderdiel wurden fan it feodale systeem, trochdat se sels feodale titels oannamen, of troch bûtenlânske machthawwers oerwûn waarden.

Sûnt dy tiid libbet der in sterke tradysje yn Fryslân fan de ferlerne Fryske frijheid. Mar it byld dêrfan feroaret dúdlik mei it feroarjen fan de tiden. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif ieuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de Friezen as selsstannich folk. Wat dy frijheid betsjut, hinget dêrmei ôf fan hoe't men dat folk telt.