Jannum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
F-diel (oerlis | bydragen)
No edit summary
Ofbylding fan tsjerke mei hegere resolúsje en mei jildige lisinsje; stavering
Rigel 3: Rigel 3:

==Skiednis==
==Skiednis==

=== Kleaster ===
=== Kleaster ===
Der wurdt tocht dat Jannum sûnt de [[13e ieu]] bewenne west hat. It [[kleaster Klaarkamp]] hie yn it doarp in protte yn 'e molke te krommeljen. Mar fanwegen de bêste grûn hienen ek oare pommeranten yn [[Dantumadiel]] grûn yn Jannum, dy't se djoer ferhiere koenen. Sa is Jannum, al lei it benoarden de [[Dokkumer Ie]], in part fan Dantumadiel wurden.

Rigel 12: Rigel 13:

=== Ferwerderadiel ===
=== Ferwerderadiel ===
Jannum wie sa in part fan Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkelju kamen út [[Reitsum]] en [[Ginnum]]. By de grinswiziging yn [[1984]] waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. Om it doarp libben te hâlden waard dan ek oansluting fûn by de [[Flieterpen]]: [[Ginnum]], Jannum, [[Reitsum]] en [[Lichtaard]]. Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan [[beskerme doarpsgesicht]] krige.
Jannum wie sa in part fan Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkellju kamen út [[Reitsum]] en [[Ginnum]]. By de grinswiziging yn [[1984]] waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. Om it doarp libben te hâlden waard dan ek oansluting fûn by de [[Flieterpen]]: [[Ginnum]], Jannum, [[Reitsum]] en [[Lichtaard]]. Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan [[beskerme doarpsgesicht]] krige.

==De tsjerke==
==De tsjerke==
[[Ofbyld:Jannum_tsjerke.jpg|left]]De romaanskgoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de likebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e ieu is it nedige feroare.
[[Ofbyld:Kerk van Jannum.jpg|thumb|De tsjerke fan Jannum]]
De romaanskgoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de likebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e ieu is it nedige feroare.

<br clear=both>
===Restauraasje ===
===Restauraasje ===
De tsjerke rekke sûnt dy tiid hieltyd mear ferwaarloaze. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt [[J.J.M. Vegter]]. Dit wie ek om boufakkers út Dútslân te hâlden.

Rigel 24: Rigel 26:
Doe't de restauraasje klear wie moast de tsjerke in bestimming hawwe. Dy kaam yn 1947 doe't it [[Frysk Museum]] dêr in úthôf stifte. Jannum krige sa syn tsjerkemuseum. Dit waard de op ien nei grutste kolleksje fan sarkofagen, deksels en stiennen kisten. De âldsten stamme út de [[12e ieu]]. Ek oare tsjerklike stikken út de kolleksje hawwe yn Jannum in plak krige.

Letter hat it Fries Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de [[Stifting Monuminten Ferwerdadiel]] oprjochte. Dizze hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht. De Stichting is no dwaande mei de foarberieding fan de needsaaklike restauraasje.
Letter hat it Fries Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de [[Stifting Monuminten Ferwerderadiel]] oprjochte. Dizze hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht. De Stichting is no dwaande mei de tarieding fan de needsaaklike restauraasje.

==Mienskip==
==Mienskip==
De eardere gereformeerde tsjerke yn Reitsum is Doarpshûs foar de fjouwer doarpen fan Flieterpen. It nijsbled ferskynt 11 kear yn't jier.
De eardere grifformearde tsjerke yn Reitsum is Doarpshûs foar de fjouwer doarpen fan Flieterpen. It nijsblêd ferskynt 11 kear yn't jier.

==Befolking:==
==Befolking:==
*[[1954]] - 74
*[[1954]] - 74
Rigel 38: Rigel 42:
=== Diakonijwenten ===
=== Diakonijwenten ===
By tsjerke steane trije diakonijwenten út de [[17e ieu]]. Dizze binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lanlike rêst sykje.
By tsjerke steane trije diakonijwenten út de [[17e ieu]]. Dizze binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lanlike rêst sykje.

==Strjitten:==
==Strjitten:==
Iedyk, Iewal, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.
Iedyk, Iewal, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.
Rigel 43: Rigel 48:
==Ferskaat==
==Ferskaat==
Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht, de riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.
Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht, de riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.

==Sjoch ek==
==Sjoch ek==
* [[Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]]
* [[Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân]]

==Keppeling om utens==
==Keppeling om utens==
*[http://www.deflieterpen.nl/ Webstee de Flieterpen]
*[http://www.deflieterpen.nl/ Webstee de Flieterpen]
{{koördinaten|53_18_44_N_5_54_19_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 19' NB, 5° 54' EL}}
{{koördinaten|53_18_44_N_5_54_19_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 19' NB, 5° 54' EL}}

[[Kategory:Ferwerderadiel]]
[[Kategory:Ferwerderadiel]]

De ferzje fan 9 jul 2008 om 20.59

de himrik fan Jannum

Jannum is in plak yn de gemeente Ferwerderadiel. It hat no (02-06-2008) 61 ynwenners. It hawwe der mear west, mar ek minder. Van der Aa neamt 100 ynwenners. In ieu earder, by de folkstelling fan 1744, wienen dat 44.

Skiednis

Kleaster

Der wurdt tocht dat Jannum sûnt de 13e ieu bewenne west hat. It kleaster Klaarkamp hie yn it doarp in protte yn 'e molke te krommeljen. Mar fanwegen de bêste grûn hienen ek oare pommeranten yn Dantumadiel grûn yn Jannum, dy't se djoer ferhiere koenen. Sa is Jannum, al lei it benoarden de Dokkumer Ie, in part fan Dantumadiel wurden.

De pastoar waard troch Klaarkamp beneamd, mar yn Jannum wie gjin úthôf fan Klaarkamp. Nei de Reformaasje waard Jannum mei Burdaard kombinearre.

Alde ferbinings

Jannum wie ek wichtich yn de ferbining tusken Ljouwert, Ferwert en Dokkum. De rydwei tusken dy plakken rûn oer Jannum. Troch de Jannumer Feart, in sydfeart fan de Ie, setten ek skippers harren dêr ta wenjen.

Ferwerderadiel

Jannum wie sa in part fan Dantumadiel, mar waard oer lân hielendal troch Ferwerderadiel omsletten. De winkellju kamen út Reitsum en Ginnum. By de grinswiziging yn 1984 waard Jannum in part fan Ferwerderadiel. Om it doarp libben te hâlden waard dan ek oansluting fûn by de Flieterpen: Ginnum, Jannum, Reitsum en Lichtaard. Jannum hat fanwege de bysûndere bebouwing dan ek de status fan beskerme doarpsgesicht krige.

De tsjerke

De tsjerke fan Jannum

De romaanskgoatyske tsjerke fan Jannum is om 1300 hinne boud, mar it âldste part, it koar, is fan likernôch 1200. De tsjerke bestie út twa parten. It iene part wie foar de likebruorren fan it kleaster en it oare part fan de geastliken. Yn de twadde helte fan de 16e ieu is it nedige feroare.

Restauraasje

De tsjerke rekke sûnt dy tiid hieltyd mear ferwaarloaze. Dêrom waard der tusken 1942 en 1944 in restauraasje útfierd ûnder lieding fan de arsjitekt J.J.M. Vegter. Dit wie ek om boufakkers út Dútslân te hâlden. De wichtichste feroaring dy't Vegter oanbrocht hat, wie it oanbringen fan in hingjende klokkestoel oan de westkant. Hjir hinget no de klok út 1489. Fierders hat er besocht de tsjerke wer werom te bringen nei de Midsieuske foarm.

Museum

Doe't de restauraasje klear wie moast de tsjerke in bestimming hawwe. Dy kaam yn 1947 doe't it Frysk Museum dêr in úthôf stifte. Jannum krige sa syn tsjerkemuseum. Dit waard de op ien nei grutste kolleksje fan sarkofagen, deksels en stiennen kisten. De âldsten stamme út de 12e ieu. Ek oare tsjerklike stikken út de kolleksje hawwe yn Jannum in plak krige.

Letter hat it Fries Museum de úthoven ôfstjitten. Yn Ferwerderadiel waard doe de Stifting Monuminten Ferwerderadiel oprjochte. Dizze hat tsjerke en museum ûnder syn hoede nommen. De tsjerke dy't altyd noch eigendom wie fan Herfoarme Gemeente Burdaard/Jannum, is ek oan de stichting ferkocht. De Stichting is no dwaande mei de tarieding fan de needsaaklike restauraasje.

Mienskip

De eardere grifformearde tsjerke yn Reitsum is Doarpshûs foar de fjouwer doarpen fan Flieterpen. It nijsblêd ferskynt 11 kear yn't jier.

Befolking:

Diakonijwenten

By tsjerke steane trije diakonijwenten út de 17e ieu. Dizze binne no restaurearre en ynrjochte as fjouwer fakânsjewenten foar lju dy't de lanlike rêst sykje.

Strjitten:

Iedyk, Iewal, Jannumerwei, Tsjerkestrjitte.

Ferskaat

Jannum leit oan de rûte fan de Alvestêdetocht, de riders komme twa kear by it doarp tusken Dokkum en Bartlehiem del.

Sjoch ek

Keppeling om utens