Irminsul: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: De '''Irminsul''' wie eartiids in wichtich hillichdom fan de Saksen, in Germaansk folk dat yn it noarden fan Dútslân wenne. Troch Karel de Grutte waard de I...
 
L Bot - derby: nl:Irminsul
Rigel 27: Rigel 27:
[[it:Irminsul]]
[[it:Irminsul]]
[[nds:Irminsul]]
[[nds:Irminsul]]
[[nl:Irminsul]]
[[pl:Irminsul]]
[[pl:Irminsul]]
[[pt:Irminsul]]
[[pt:Irminsul]]

De ferzje fan 3 jul 2008 om 00.50

De Irminsul wie eartiids in wichtich hillichdom fan de Saksen, in Germaansk folk dat yn it noarden fan Dútslân wenne. Troch Karel de Grutte waard de Irminsul ferneatige yn syn kriich tsjin de Saksen.

It hillichdom wurdt neamd en summier omskreaun yn de Annales regni Francorum, de Translatio St. Alexandri fan Rudolf fan Fulda en in de Gesta Hammaburgensis ecclesiae pontificum (Boek I, haadstuk 8) fan Adam fan Bremen. Yn dizze boarnen wurdt de Irminsul omskreaun as in grutte, oprjochte houten stam dy't neffens de Saksen de hiele wrâld stipe.

De Irminsul wurdt wol ferlike mei Yggdrasil-beam út Noarske mytology: de wrâldbeam dy't syn woartels yn de ûnderwrâld hat en mei syn tûken it dak fan de wrâld stipet. Neffens Rudolf fan Fulda en Adam fan Bremen moart Irminsul oerset wurde as “al-pylder” (Latyn: columna univeralis), omdat it 'alles stipet', mar it wurdt ek wol yn ferbân brocht mei (net oerlevere) Germaanske god Hirmin of Irmin.

Wat lokaasje oan giet, se binne der noch lang net út wêr't in no krekt lizzen hat. Sawol Eresburch en it Teutoburger Wâld wurde neamd as mooglike plakken fan it hillichdom.

Friezen

Ek yn it leauwen fan de Friezen, dat nau besibbe wie oan dat fan de Saksen, makken hillige beammen in wichtich plak út. Dizze beammen waarden allyksa ferneatige mei de komst fan it kristendom.

Keppeling om utens

Sjoch ek