Rinsmastate: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
sin weihelle nei oerlis
Theun (oerlis | bydragen)
plaatsje fan Rinsmastate, lesten al ris makke
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Driezum Rinsmastate.JPG|right|thumb|300px|Rinsmastate yn it simmergrien]]
'''Rinsmastate''' is in state yn [[Driezum]], gemeente [[Dantumadiel]].
'''Rinsmastate''' is in state yn [[Driezum]], gemeente [[Dantumadiel]].



De ferzje fan 2 jul 2008 om 21.13

Rinsmastate yn it simmergrien

Rinsmastate is in state yn Driezum, gemeente Dantumadiel.

Skiednis

Op in kaart fan 1664 wurdt it state "Buwinga" neamd. De bosk, it park om de hjoeddeiske state, is folle âlder. Yn 1511 wurdt al skreaun oer "Riensma gued". Eigner wie doe Taco Buwinga.

Yn 1747 liet Fecco Dominicus it âlde hûs ôfbrekke. De túnoanlis waard fernijd en de grêften ferlein. Yn 1941 waard de stins in hûs foar âlderein. Yn'e oarloch 1944 waard it troch brânbommen ferwoaste.

Yn 1948 waard it hûs nijboud, mar it like net bot mear op de âlde State. Fan 1971 ôf waard Rinsmastate brûkt as gemeentehûs fan de gemeente Dantumadiel. Yn 1997 ferhuze it gemeentehûs nei it sintraler lizzende Damwâld en waard Rinsmastate yn 1998 ferkocht oan Jan Smeeing út Soest dy't ek eigener is fan de Rivel fytsefabryk yn Surhústerfean.

Yn 2002 waard Rinsmastate oankocht troch Dirk Scheringa. Syn frou komt út Driezum en sy binne yn 1973 sels ek yn Rinsmastate troud. Hy hat de state wêr yn âlde styl opknappe litten. De kantoarútbou oan de achterkant, taheakke doe't it gebou brûkt waard as gemeentehûs, is wêr fuorthelle. Ek is it park om de state wer opknapt.

It park by de state, it saneamde Driezumer bosk hat kenmerken fan de ferneamde tûnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard; it is lykwols net wis dat it park troch him oanlein is.

Eigners/bewenners

Rinsma State hat yn 'e rin fan 'e tiid ek bewenne west troch de famyljes Fan Aysma en Fan Sytzama.

Literatuer

  • Rinsma State, Familiehuis-gemeentehuis Driesum, Gem. Dantumadeel 1975, W. Loonstra.
  • Rinsma state, Van Sytzama tot Sheringa, Penn Uitgeverij 2008, Lammert de Hoop.

Sjoch ek