Feepest: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
ik haw wat lytse wizigings oanbrocht yn twa sinnen
Rigel 1: Rigel 1:
'''Kowestjerte''' kaam yn de [[18e ieu]] in soad foar. De besmetlike sykte gie tusken [[1713]] - [[1719]], [[1744]] - [[1767]] en [[1768]] - [[1786]] yn trije grutte weagen troch it lân. Yn de earste weach giene mear as 61000 kij dea. Stadichoan waard de sykte bestriden, benammen troch ynintsjen. De [[Boazum]]er predikant [[Eelko Alta]] hat hjir tige war foar dien.
'''Kowestjerte''' kaam yn de [[18e ieu]] in soad foar. De besmetlike sykte gie tusken [[1713]] - [[1719]], [[1744]] - [[1767]] en [[1768]] - [[1786]] yn trije grutte weagen troch it lân. Yn de earste weach giene mear as 61000 kij dea. Stadichoan waard de sykte bestriden, benammen troch ynintsjen. De [[Boazum]]er predikant [[Eelko Alta]] hat hjir tige war foar dien.


As yn 1713 de pest om [[Amsterdam]] hinne útbrekt, keapje in soad Hollanners yn Fryslân skiep om it lân te beweidzjen. Mar dan blykt de sykte ek al yn Fryslân te wêzen. De Steaten fan [[Fryslân]] ferbiede dan it ynfieren fan fee út [[Hollân]] en [[Oerisel]]. Ek swalkers, dy't ommers faak yn it hea sliepe wurde keard om de fersprieding tsjin te hâlden. Kij wurde in ein bûten de doarpen begroeven yn djippe gatten bedekt mei ûnleske [[kalk]]. Ek fee fan besmette stâlen mei net ferkocht of ferfierd wurde. Op de hikke of de stâldoar komt in swart krús te stean. Dochs besykje in soad boeren oan de maatregels te ûntkommen, diels út ûnwittendheid, men wit net krekt hoe't de fersprieding krekt giet en foar in soad minsken is it de straf fan god. Boppedat is der grutte earmoede. Earst mei it fee net slachte wurde en ek de hûden meie net ferhannele wurde. As it letter tastien wurdt is de priis fan hûden in hiel ein sakke.
As yn 1713 de pest om [[Amsterdam]] hinne útbrekt, keapje in soad Hollanners yn Fryslân skiep om it lân te beweidzjen. Mar dan blykt de sykte ek al yn Fryslân te wêzen. De Steaten fan [[Fryslân]] ferbiede dan it ynfieren fan fee út [[Hollân]] en [[Oerisel]]. Ek swalkers, dy't ommers faak yn it hea sliepe wurde keard om de fersprieding tsjin te hâlden. Deade kij wurde in ein bûten de doarpen begroeven yn djippe gatten en bedekt mei ûnleske [[kalk]]. Ek fee fan besmette stâlen mei net ferkocht of ferfierd wurde. Op de hikke of de stâldoar komt in swart krús te stean. Dochs besykje in soad boeren oan de maatregels te ûntkommen, diels út ûnwittendheid, se witte net krekt hoe't de fersprieding yn inoar stekt en foar in soad minsken is it de straf fan god. Boppedat is der grutte earmoede. Earst mei it fee net slachte wurde en ek de hûden meie net ferhannele wurde. As it letter tastien wurdt is de priis fan hûden in hiel ein sakke.


Yn ús tiid wurde boeren noch wolris kompensearre, mar eartiids barde dat hast net. Se hoegden allinnich gjin [[hoarnjild]] te beteljen foar deade bisten en betelllen gjin floreenbelesting. De stjerte fan fee wie ekstra heech omdat it fee net sa'n goede kondysje hie troch wiete riten en broei.
Yn ús tiid wurde boeren noch wolris kompensearre, mar eartiids barde dat hast net. Se hoegden allinnich gjin [[hoarnjild]] te beteljen foar deade bisten en betelllen gjin floreenbelesting. De stjerte fan fee wie ekstra heech omdat it fee net sa'n goede kondysje hie troch wiete riten en broei.

De ferzje fan 8 jun 2008 om 22.26

Kowestjerte kaam yn de 18e ieu in soad foar. De besmetlike sykte gie tusken 1713 - 1719, 1744 - 1767 en 1768 - 1786 yn trije grutte weagen troch it lân. Yn de earste weach giene mear as 61000 kij dea. Stadichoan waard de sykte bestriden, benammen troch ynintsjen. De Boazumer predikant Eelko Alta hat hjir tige war foar dien.

As yn 1713 de pest om Amsterdam hinne útbrekt, keapje in soad Hollanners yn Fryslân skiep om it lân te beweidzjen. Mar dan blykt de sykte ek al yn Fryslân te wêzen. De Steaten fan Fryslân ferbiede dan it ynfieren fan fee út Hollân en Oerisel. Ek swalkers, dy't ommers faak yn it hea sliepe wurde keard om de fersprieding tsjin te hâlden. Deade kij wurde in ein bûten de doarpen begroeven yn djippe gatten en bedekt mei ûnleske kalk. Ek fee fan besmette stâlen mei net ferkocht of ferfierd wurde. Op de hikke of de stâldoar komt in swart krús te stean. Dochs besykje in soad boeren oan de maatregels te ûntkommen, diels út ûnwittendheid, se witte net krekt hoe't de fersprieding yn inoar stekt en foar in soad minsken is it de straf fan god. Boppedat is der grutte earmoede. Earst mei it fee net slachte wurde en ek de hûden meie net ferhannele wurde. As it letter tastien wurdt is de priis fan hûden in hiel ein sakke.

Yn ús tiid wurde boeren noch wolris kompensearre, mar eartiids barde dat hast net. Se hoegden allinnich gjin hoarnjild te beteljen foar deade bisten en betelllen gjin floreenbelesting. De stjerte fan fee wie ekstra heech omdat it fee net sa'n goede kondysje hie troch wiete riten en broei.

Eelko Alta en de Frjentsjerter heechlearraar Petrus Camper ha de situaasje fan de kij en de sykte doe wiidweidich beskreaun. Alta die proeven mei ynintsjen fan sike kij yn syn eigen stâl mar de bisten giene dochs dea. Mar geandewei krige hy yn de gaten dat it ynintsjen fan keallen wol resultaat joech.

Yn it lânskip stean noch ferskate pestboskjes as stille tsjûgen yn it lân. Dêr binne soms hûnderten kij bedobbe. Ek yn de 19e ieu waard dat noch dien by feesykten as tuberkuloaze, tongblier en myltfjoer. Dizze lêste sykte kin nei hûndert jier noch besmetlik wêze.