Spoar fan Ljouwert nei Starum: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Fral wat skiednis oer it spoar
 
Aliter (oerlis | bydragen)
L - -
Rigel 16: Rigel 16:
Al yn [[1863]] wienen der plannen foar in ferbining tusken Ljouwert en Starum, en yn [[1875]] waard by wet besletten ta de oanlis, mar it duorre oant [[16 july]] [[1883]] eart Ljouwert - Snits iepene wurde koe en oant [[8 novimber]] [[1885]] eart it hiele spoar iepene waard. Dat it earste stik troch de [[Nije lannen]] gean soe, wie daalks wol dúdlik, mar net of de rûte fia [[Boalsert]] of fia [[Snits]] moast. In oare komplikaasje wie de sêfte grûn yn de [[Súdwesthoeke]]. Ek wie der it ferskil fan ynsicht of de spoarwei in lokale ferbining wêze moast, of in trochgeande ferbining nei Hollân. Der waard úteinlik keazen foar beide. Der kamen tuskenstasjons yn [[Jellum-Boksum]], Mantgum, [[Boazum]], Snits, Drylts, [[Aldegea (Wymbritseradiel)|Aldegea]], Warkum, Hylpen en Molkwar, en yn [[1895]] kamen dêr noch [[Bears]], [[Jorwert]], [[Wiuwert]] en [[Skearnegoutum]] by. Mar der kaam ek in boatferbining fan Starum nei [[Enkhuzen]], en fan dêr gong it spoar fierder gong nei [[Amsterdam]]. By de spoaren yn Fryslân en Hollân waard sels rekken holden mei útwreiding nei dûbeldspoar.

It spoar foel oarspronklik ûnder de [[Steatsspoarwegen]], mar fan [[1890]] ôf waard it part fan de [[Hollânske Spoarweimaatskippij]]. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. Als gefolch dêrfan waarden ûnder oaren yn [[1938]] de haltes Jellum-Boksum, Jorwert en Mantgum sletten, en nei't yn [[1964]] it [[fear]] ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer. Lykwols waard yn [[1972]] it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon, krige Snits yn [[1973]] in twadde stasjon mei Snits-Noard, en waard yn [[1985]] in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn [[1999]] waard [[NoardNed]] as nije behearder oanwiisd.
It spoar foel oarspronklik ûnder de [[Steatsspoarwegen]], mar fan [[1890]] ôf waard it part fan de [[Hollânske Spoarweimaatskippij]]. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de [[Nederlânske Spoarwegen]] krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. Als gefolch dêrfan waarden ûnder oaren yn [[1938]] de haltes Jellum-Boksum, Jorwert en Mantgum sletten, en nei't yn [[1964]] it [[fear]] ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer. Lykwols waard yn [[1972]] it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon, krige Snits yn [[1973]] in twadde stasjon mei Snits Noard, en waard yn [[1985]] in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn [[1999]] waard [[NoardNed]] as nije behearder oanwiisd.

== Takomst ==
== Takomst ==

De ferzje fan 8 mrt 2005 om 17.11

It spoar fan Ljouwert nei Starum is in spoarwei yn Fryslân, mei in langte fan 50,2 km en mei in reistiid fan likernôch 50 minuten.

Stasjons

Oan it spoar lizze 9 stasjons:

Skiednis

Al yn 1863 wienen der plannen foar in ferbining tusken Ljouwert en Starum, en yn 1875 waard by wet besletten ta de oanlis, mar it duorre oant 16 july 1883 eart Ljouwert - Snits iepene wurde koe en oant 8 novimber 1885 eart it hiele spoar iepene waard. Dat it earste stik troch de Nije lannen gean soe, wie daalks wol dúdlik, mar net of de rûte fia Boalsert of fia Snits moast. In oare komplikaasje wie de sêfte grûn yn de Súdwesthoeke. Ek wie der it ferskil fan ynsicht of de spoarwei in lokale ferbining wêze moast, of in trochgeande ferbining nei Hollân. Der waard úteinlik keazen foar beide. Der kamen tuskenstasjons yn Jellum-Boksum, Mantgum, Boazum, Snits, Drylts, Aldegea, Warkum, Hylpen en Molkwar, en yn 1895 kamen dêr noch Bears, Jorwert, Wiuwert en Skearnegoutum by. Mar der kaam ek in boatferbining fan Starum nei Enkhuzen, en fan dêr gong it spoar fierder gong nei Amsterdam. By de spoaren yn Fryslân en Hollân waard sels rekken holden mei útwreiding nei dûbeldspoar.

It spoar foel oarspronklik ûnder de Steatsspoarwegen, mar fan 1890 ôf waard it part fan de Hollânske Spoarweimaatskippij. De toptiid fan it spoar wie om 1910 hinne. Mei it ûntstean fan de Nederlânske Spoarwegen krige dy it behear oer it spoar. Troch oare tiiden naam lykwols it belang stadichoan ôf. Als gefolch dêrfan waarden ûnder oaren yn 1938 de haltes Jellum-Boksum, Jorwert en Mantgum sletten, en nei't yn 1964 it fear ek stillein waard wie der allinnich noch in lokaal spoar mei seis stasjons oer. Lykwols waard yn 1972 it wikselplak yn Mantgum wer útwreide ta in stasjon, krige Snits yn 1973 in twadde stasjon mei Snits Noard, en waard yn 1985 in nij stasjon in Drylts oanlein. Yn 1999 waard NoardNed as nije behearder oanwiisd.

Takomst

Sûnt 1964 is ferskate kearen útstelt en hef it spoar op, of yn elts gefal it part fan Snits nei Starum. Meast wurdt dan útstelt en ferfang it spoar troch in busferbining. Sûnt it idee fan de sweeftrein besprutsen wurdt, wurdt lykwols as alternatyf ek de rûte Ljouwert, Starum, Enkhuzen, Amsterdam neamt, mei in fear of mei in tunnel. Mar ek de Stifting Stoomtrein Fryslân stelt belang yn it spoar, en wol fan Snits nei Starum in museumstoomtrein ride litte.

Bysûndere halten

Njonken de fêste halten hat NoardNed ek in pear kear in bysûndere halte ynfoege. Mei Simmer 2000 wie der foar Orfeo Aqua in halte by de Bombrekken. En mei yngong fan 2002 is der yn Jorwert in halte foar it Iepenloftspul Jorwert.