Dokkumer Grutdjip: ferskil tusken ferzjes

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Yn [[1583]] waard yn Dokkum in nije syl oanlein. Dizze syl kaam yn plak fan de [[Aldsyl]] oan de westkant fan Dokkum. Tusken de Aldsyl en Dokkum leine ek noch de [[Boarnwirder Syl]] foar de ôfwettering fan West-Dongeradiel en de [[Dantumasyl]] foar de ôfwettering fan it westlik part fan Dantumadiel. Hjirmei ûntstiene fuort swierrichheden omdat [[West-Dongeradiel]] en [[Dantumadiel]] it wetter net mear goed kwyt koene.
 
Yn [[1584]] waard al in foarstel dien de see-earm by de Lauwerssee ôf te sluten om de situaasje te ferbetterjen. Dokkum wie dêr poer op tsjin omdat sy de iepen ferbining mei de see net kwyt reitsje woene. Yn de neikommende 150 jier feroare de situaasje. Wylst noch yn [[1596]] yn Dokkum de [[Fryske Admiraliteit]] oprjochte waard, en de oarlochsskippen doe noch yn de stêd komme koenen, rekke it Dokkumer Djip yn de rin fan de [[1717e ieu]] fersâne ta in kringeljende stream. Op [[16 augustus]] [[1723]] waard it foarstel troch de [[Deputearre Steaten]] oannommen om it Dokkumer Djip ôf te sluten.
 
De diken oan beide siden fan it Dokkumer Djip tsjinnen dêrom ek noch lange tiid as seediken en binne yn it lânskip noch dúdlik oanwêzich. Yn de súdlike dyk, de [[Wâlddyk]], wiene ek noch trije silen foar de ôfwettering fan it lân. Fan west nei east de [[Driezumer Syl]] dêr't de [[Driezumer Sylried]] yn it djip útkaam. Dan de [[Aldwâldmersyl]], dêr't de [[Aldswemmer]] troch yn it djip útkaam. As lêste de [[Kollumer Syl]] dêr't de [[Kollumer Sylried]] syn wetter yn it Dokkumer djip spijde.
56.999

bewurkings

Navigaasjemenu