Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kategory
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Lütsen ynstee fan Lútzen
Rigel 8: Rigel 8:
Hy boaske [[25 novimber]] [[1587]] mei Willem fan Oranje syn dochter, [[Anna fan Nassau]], mar sy ferstoar noch net in jier letter. Nei de dea fan syn heit waard er yn [[1607]] greve fan Nassau. Om't er sels gjin bern hie gong dy titel nei syn dea oer op syn broer, [[Georg fan Nassau-Dietz]]. Syn broer [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]] folge him op as steedhâlder fan Fryslân.
Hy boaske [[25 novimber]] [[1587]] mei Willem fan Oranje syn dochter, [[Anna fan Nassau]], mar sy ferstoar noch net in jier letter. Nei de dea fan syn heit waard er yn [[1607]] greve fan Nassau. Om't er sels gjin bern hie gong dy titel nei syn dea oer op syn broer, [[Georg fan Nassau-Dietz]]. Syn broer [[Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz|Ernst Kasimir]] folge him op as steedhâlder fan Fryslân.


As earebetoan oan Willem Loadewyk waard op [[17 septimber]] [[1906]] in byld fan him ûnthuld op it [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] Hofplein. By de taspraak fan [[Lútzen Wagenaar]] wiene keninklike gasten oanwêzich. It byld is makke troch Bart van Hove en W.B.G. Molkenboer.
As earebetoan oan Willem Loadewyk waard op [[17 septimber]] [[1906]] in byld fan him ûnthuld op it [[Ljouwert (stêd)|Ljouwerter]] Hofplein. By de taspraak fan [[Lútsen Wagenaar]] wiene keninklike gasten oanwêzich. It byld is makke troch Bart van Hove en W.B.G. Molkenboer.


[[Kategory:Fryske Steedhâlder]]
[[Kategory:Fryske Steedhâlder]]

De ferzje fan 12 mai 2008 om 09.04

Willem Loadewyk, greve fan Nassau, steedhâlder fan Fryslân en Grinslân

Willem Loadewyk fan Nassau, Us Heit, (13 maart 1560, Dillenboarch - 13 july 1620, Ljouwert) wie greve fan Nassau en steedhâlder fan Fryslân.

Willem Loadewyk is berne yn Dillenboarch as earste soan fan Jan fan Nassau. Hy wie dêrmei de omkesizzer fan Willem fan Oranje. Oant 1577 libbe er yn Dútslân; dat jier kaam er mei syn heit nei de Nederlannen. Yn 1579 waard er kolonel by it Nederlânske leger. Doe't Renneberch mei Grins yn 1580 foar Spanje keas, folge Willem Loadewyk dy yn 1584 op as steedhâlder fan earst Fryslân en letter ek Grinslân, Drinte en Oerisel, en fan 1580 oant 1594 focht er yn dêr tsjin Spanje.

Willem Loadewyk wie in herfoarmer, dy't net allinnich it leger better organisearre, mar ek de maatskippij beynfloede. Hy wie in wichtige faktor yn it hast algemien protestantsk wurden fan it gebiet ûnder syn bestjoer, en ta dat doel soarge er ek foar de stifting fan twa skoallen foar dûmnys, de Universiteit fan Frjentsjer en de Universiteit fan Grins.

Hy boaske 25 novimber 1587 mei Willem fan Oranje syn dochter, Anna fan Nassau, mar sy ferstoar noch net in jier letter. Nei de dea fan syn heit waard er yn 1607 greve fan Nassau. Om't er sels gjin bern hie gong dy titel nei syn dea oer op syn broer, Georg fan Nassau-Dietz. Syn broer Ernst Kasimir folge him op as steedhâlder fan Fryslân.

As earebetoan oan Willem Loadewyk waard op 17 septimber 1906 in byld fan him ûnthuld op it Ljouwerter Hofplein. By de taspraak fan Lútsen Wagenaar wiene keninklike gasten oanwêzich. It byld is makke troch Bart van Hove en W.B.G. Molkenboer.