Runen: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
L wytsingen
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de stavering, de kopkes, de keppelings en it plak fan de plaatsjes wat oanpast.
Rigel 1: Rigel 1:
[[Ofbyld:Runen angelsaechsisch.jpg|right|thumb|300px|Angelsaksyske runenalfabet 'futhork'.]]
[[Ofbyld:Futhark.png|right|thumb|Noardlike runenalfabet:<br>f-u-th-a-r-k]]
[[Ofbyld:Futhark.png|right|thumb|300px|Noardlike runenalfabet]]


'''Runen''' (of it ''runeskrift'') is it âldst-bekende [[skrift]] dat yn Germaanske lannen brûkt waard; it bestiet út letters dy't besteane út rjochte en hoekige linen dy't maklik yn stien of hout krast wurde kinne. Nie de earste sechs letters hjit it ek wol ''futhark''.
''Foar it akrofoanysk prinsipe fan de runen, sjoch: [[Runen (akrofoanysk)]]


== Historysk ==
It '''runenschrift''' (koartwei '''runen''') of '''futhark''' is it âldst bekende [[skrift]] dat yn Germaanske lannen brûkt waard; it bestiet út letters dy't besteane út rjochte en hoekige linen dy't maklik yn stien of hout krast wurde kinne.
[[Ofbyld:Runen angelsaechsisch.jpg|right|thumb|Angelsaksyske runenalfabet 'futhork'.]]


Runeninskripsjes binne bekend fan sa. [[tredde ieu|200]] oant [[trettjinde ieu|1200]] nei Kristus, en yn Skandinaavje noch in pear ieuwen langer. Hjirnei ferlear it skrift stadichoan de konkurrinsjestriid mei it [[Latynske alfabet]]. It skrift waard benammen foar [[ynskripsje]]s op wapens, deiske korrespondinsje, grêfstiennen ensfh. brûkt. Yn hast alle gebieten wêr't Germaanske folken (wêrûnder de [[Wytsingen]]) west binne, kinne runenynskripsjes oantroffen wurde.
Rune-ynskripsjes binne bekend fan sa. [[tredde ieu|200]] oant [[trettjinde ieu|1200]] nei Kristus, en yn Skandinaavje noch in pear ieuwen langer. Hjirnei ferlear it skrift stadichoan de konkurrinsjestriid mei it [[Latynske alfabet]]. It skrift waard benammen foar [[ynskripsje]]s op wapens, deiske korrespondinsje, grêfstiennen ensfh. brûkt. Yn hast alle gebieten dêr't Germaanske folken (wêrûnder de [[Wytsingen]]) west hawwe, kinne rune-ynskripsjes oantroffen wurde.


De runentekens waarden, neist harren deiske gebrûk, ek foar it [[wiersizzen]] brûkt: omt elk skriftteken akrofoanysk] de namme fan in wurd draacht, waarden hjiroan magyske betsjuttings takend. It Dútske tiidwurd ''raunen'' (flústerje) is mei ''rune'' ferwant.
De runetekens waarden, neist harren deiske gebrûk, ek foar it [[wiersizzen]] brûkt: omt elk skriftteken de namme fan in wurd draacht, waarden hjiroan magyske betsjuttings takend. It Dútske tiidwurd ''raunen'' (flústerje) is oan ''rune'' besibbe.


Tige bekende antike runenyskripsjes binne:
Tige bekende antike rune-yskripsjes binne:


* '''EK HLEWAGASTIZ HOLTIJAZ HORNA TAWIDO''' (''„ik, Liuwgast, soan fan Holty, foltôge de hoarn“''): op de [[Hoarn fan Gallehus]]
* '''EK HLEWAGASTIZ HOLTIJAZ HORNA TAWIDO''' (''„ik, Liuwgast, soan fan Holty, foltôge de hoarn“''): op ien fan de [[Gallehus-hoarnen]];
* '''GUTANI O WIHAILAH''' (''„der Goaten erfdiel, wijd en hillich“'', folút moat der ''OÞAL WIH HAILAH'' stean): op de [[Ring fan Pietroassǎ]].

* '''GUTANI O WIHAILAH''' (''„der Goten erfdiel, wijd en hillich“'', folút moat der ''OÞAL WIH HAILAH'' stean): op de [[Ring fan Pietroassǎ]] (sjoch ek [[Goatyske Runenynskripsjes]]).


Yn it Sweedske [[Dalarna]] waarden guon kalinders noch oant resinte tiden yn runen opsteld.
Yn it Sweedske [[Dalarna]] waarden guon kalinders noch oant resinte tiden yn runen opsteld.


==Hjoeddeisk==
==Hjoeddeisk==
Utsein dat elk teken in klank hat en brûkt wurde kin om mei te skriuwen, hawwe runen ek in magyske betsjutting en in eigen namme per symboal. Runen wurde tsjintwurdich soms bestudearre en brûkt troch paganisten om harren heidensk kultureel-histoaryske wearden en ek foar harren tawiisde magyske eigenskippen.
Utsein dat elk teken in klank hat en brûkt wurde kin om mei te skriuwen, hat eltse rune ek in eigen namme en wurdt de runen ek in magyske betsjutting takind. Runen wurde tsjintwurdich soms bestudearre en brûkt troch paganisten om harren heidensk kultureel-histoaryske wearden en ek foar harren tawiisde magyske eigenskippen.


In foarbyld fan in soad foarkommend gebrûk ûnder inkele paganisten is it smiten fan runestiennen. Dit binne stiennen mei elk ien runeteken derop dy't dêrnei tagelyk smiten wurde, wêrnei't der oan de struktuer fan de posysje fan'e sichtbere tekens op de fallen stiennen bepaalde betsjuttings ûntliend wurde kinne, oer bygelyks ynsjoch yn in sitewaasje, fraach of in op de takomst rjochte saak. De betsjutting fan in rune is negatyf as it symboal op de kop stiet. De yndividuele betsjutting per rune is fan belang, en ek it ynsjoch dizze te kombinearjen mei de betsjutting fan oare runen dy't tegearre prominint nei foaren komme in in woarp, neffens in troch de brûker hantearre systeem.
In foarbyld fan in soad foarkommend gebrûk ûnder inkele paganisten is it smiten fan runestiennen. Dit binne stiennen mei elk ien runeteken derop dy't tagelyk smiten wurde, wêrnei't der oan de struktuer fan de posysje fan'e sichtbere tekens op de fallen stiennen bepaalde betsjuttings ûntliend wurde kinne, oer bygelyks ynsjoch yn in sitewaasje, fraach of in op de takomst rjochte saak. De betsjutting fan in rune is negatyf as it symboal op de kop stiet. De yndividuele betsjutting per rune is fan belang, en ek it ynsjoch dizze te kombinearjen mei de betsjutting fan oare runen dy't tegearre prominint nei foaren komme in in woarp, neffens in troch de brûker hantearre systeem.

==Oarsprong fan it runeskrift==
It runeskrift hat in tal oerienkomsten mei it Latynske alfabet. Wierskynlik is it fan Italjaanske oarsprong. It is mooglik dat it ûntliend is oan de [[Rhaetiërs]], in folk dat yn de ieuwen foar ús jiertelling yn de [[Alpen]] wenne. De Rhaetiërs soenen op harren beurt harren skrift oan de [[Etrusken]] ûntliend hawwe, dêr hienen sy yn de [[Poflakte]] kontakt mei.

==Runen yn de noardse mythology ==
Yn de ferhalen út de [[noardse mythology]] wurdt oan it wurd runen in oare betsjutting jûn, nl. dy fan wiisheid, kennis fan it ferburgene. Yn de Hávamál wurdt ferteld fan [[Odin (god)|Odin]], dy't yn syn einleaze syktocht nei mear wiisheid, himsels 9 nachten lang oan in beam ophong, wêrnei't hy ta ynsjoch kaam dat it geheim efter de runen djip yn syn eigen binnenste ferburgen siet.


==Oarsprong ==
It runeskrift hat in tal oerienkomsten mei it [[Latynske alfabet]]. Nei alle gedachten is it fan Italjaanske oarsprong. It is mooglik dat it ûntliend is oan de [[Retiërs]], in folk dat yn de ieuwen foar ús jiertelling yn de [[Alpen]] wenne. De Retiërs soenen op harren beurt harren skrift oan de [[Etrusken]] ûntliend hawwe, dêr't hja yn de [[Poflakte]] kontakt mei hienen.


==Noardse mythology ==
Yn de ferhalen út de [[noardse mythology]] wurdt oan it wurd ''runen'' in oare betsjutting jûn, nl. dy fan wiisheid, kennis fan it ferburgene. Yn de [[Hávamál]] wurdt ferteld fan [[Weda|Odin]], dy't yn syn einleaze syktocht nei mear wiisheid, himsels 9 nachten lang oan in beam ophong, wêrby er ta ynsjoch kaam dat it geheim efter de runen djip yn syn eigen binnenste ferburgen siet.


[[kategory:Wytsingen]]
[[kategory:Wytsingen]]
[[kategory:Noardske mythology]]
[[kategory:Noardske mythology]]



[[als:Futhark]]
[[als:Futhark]]

De ferzje fan 9 mai 2008 om 14.16

Noardlike runenalfabet:
f-u-th-a-r-k

Runen (of it runeskrift) is it âldst-bekende skrift dat yn Germaanske lannen brûkt waard; it bestiet út letters dy't besteane út rjochte en hoekige linen dy't maklik yn stien of hout krast wurde kinne. Nie de earste sechs letters hjit it ek wol futhark.

Historysk

Angelsaksyske runenalfabet 'futhork'.

Rune-ynskripsjes binne bekend fan sa. 200 oant 1200 nei Kristus, en yn Skandinaavje noch in pear ieuwen langer. Hjirnei ferlear it skrift stadichoan de konkurrinsjestriid mei it Latynske alfabet. It skrift waard benammen foar ynskripsjes op wapens, deiske korrespondinsje, grêfstiennen ensfh. brûkt. Yn hast alle gebieten dêr't Germaanske folken (wêrûnder de Wytsingen) west hawwe, kinne rune-ynskripsjes oantroffen wurde.

De runetekens waarden, neist harren deiske gebrûk, ek foar it wiersizzen brûkt: omt elk skriftteken de namme fan in wurd draacht, waarden hjiroan magyske betsjuttings takend. It Dútske tiidwurd raunen (flústerje) is oan rune besibbe.

Tige bekende antike rune-yskripsjes binne:

  • EK HLEWAGASTIZ HOLTIJAZ HORNA TAWIDO („ik, Liuwgast, soan fan Holty, foltôge de hoarn“): op ien fan de Gallehus-hoarnen;
  • GUTANI O WIHAILAH („der Goaten erfdiel, wijd en hillich“, folút moat der OÞAL WIH HAILAH stean): op de Ring fan Pietroassǎ.

Yn it Sweedske Dalarna waarden guon kalinders noch oant resinte tiden yn runen opsteld.

Hjoeddeisk

Utsein dat elk teken in klank hat en brûkt wurde kin om mei te skriuwen, hat eltse rune ek in eigen namme en wurdt de runen ek in magyske betsjutting takind. Runen wurde tsjintwurdich soms bestudearre en brûkt troch paganisten om harren heidensk kultureel-histoaryske wearden en ek foar harren tawiisde magyske eigenskippen.

In foarbyld fan in soad foarkommend gebrûk ûnder inkele paganisten is it smiten fan runestiennen. Dit binne stiennen mei elk ien runeteken derop dy't tagelyk smiten wurde, wêrnei't der oan de struktuer fan de posysje fan'e sichtbere tekens op de fallen stiennen bepaalde betsjuttings ûntliend wurde kinne, oer bygelyks ynsjoch yn in sitewaasje, fraach of in op de takomst rjochte saak. De betsjutting fan in rune is negatyf as it symboal op de kop stiet. De yndividuele betsjutting per rune is fan belang, en ek it ynsjoch dizze te kombinearjen mei de betsjutting fan oare runen dy't tegearre prominint nei foaren komme in in woarp, neffens in troch de brûker hantearre systeem.

Oarsprong

It runeskrift hat in tal oerienkomsten mei it Latynske alfabet. Nei alle gedachten is it fan Italjaanske oarsprong. It is mooglik dat it ûntliend is oan de Retiërs, in folk dat yn de ieuwen foar ús jiertelling yn de Alpen wenne. De Retiërs soenen op harren beurt harren skrift oan de Etrusken ûntliend hawwe, dêr't hja yn de Poflakte kontakt mei hienen.

Noardse mythology

Yn de ferhalen út de noardse mythology wurdt oan it wurd runen in oare betsjutting jûn, nl. dy fan wiisheid, kennis fan it ferburgene. Yn de Hávamál wurdt ferteld fan Odin, dy't yn syn einleaze syktocht nei mear wiisheid, himsels 9 nachten lang oan in beam ophong, wêrby er ta ynsjoch kaam dat it geheim efter de runen djip yn syn eigen binnenste ferburgen siet.