Tromboane: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
VolkovBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: bg:Тромбон
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: ga:Trombón
Rigel 47: Rigel 47:
[[fi:Pasuuna]]
[[fi:Pasuuna]]
[[fr:Trombone]]
[[fr:Trombone]]
[[ga:Trombón]]
[[gl:Trombón]]
[[gl:Trombón]]
[[he:טרומבון]]
[[he:טרומבון]]

De ferzje fan 9 mai 2008 om 07.17

Ofbyld:Trombone.jpg
Trombone

De tromboane (troch guon ek - ferkeard - skotrompet neamd) is in koperblaasynstrumint en wurdt ta it skerp koper rekkene. De tromboane bestiet út trije parten: In tsjettelfoarmich of V-foarmich mûlestik. Dat stekt yn in lange silindryske metalen u-foarmige út te skowen buis (de coulisse). Dêrnei komt it bekerstik, dat wol koanysk útrint. Troch it útskowen kin de bespiler de effektive buislingte langer of koarter meitsje wêrmei't ek de toanhichte feroaret.

It lûd ûntstiet by it mûlestik. Dêr wurdt de lucht troch liptrillings yn beweging brocht en sa ûntstiet in steande golf yn de buis. Omdat yn in beskate buislingte mear hiele steande golven passe, is it mooglik om by gelyk bliuwende buislingte mear toanen te produsearjen, de saneamde boppetoanen: 1 golf mei lingte "X" (de grûntoa), 2 golven mei lingte 1/2 "X" (earste boppetoan), 3 golven mei lingte 1/3 "X" (twadde boppetoan) ensfh.

Yn de fierst útskode posysje is de buislingte sawat oardel kear sa lang as yn ynskode tastân. De produsearre grûntoan is dêrmei in fermindere kwint leger. Ienkear oerblaze - troch it ferheegjen fan de lipspanning - jout in toan dy't in oktaaf heger is en dus de heale golflingte hat. Nochris oerblaze jout 1/3 fan de golflingte en in oktaaf + kwint heger.

Ut de fierst útskode stân wie is de toan in fermindere kwint leger, mei oerblazen kin in oktaaf fan dy toan krigen wurde, der mist lykwols in suver kwart yn it ûnderste oktaaf. Mei in saneamd kwartfentyl kin dat 'gat' sljochte wurde. In kwartfentyl jout in ekstra ferleging sadat de effektive buislingte úteinlik hast ferdûbele wurde kin (de skúf meirekkene) en it ynterfal in grut septym omfiemet.

Troch de skúf yn te lûken ûntstiet in steande golf mei koarte golflingte en wurdt de toan heger. Fan alle mooglike skoposysjes wurde ornaris 7 brûkt dy't oerienkomme mei 7 opienfolgjende heale toanen. Alle tuskenlizzende posysjes wurde benammen brûkt foar glissando.

De klank fan de trombone is wat plechtich.

De tromboanefamylje bestiet út de folgjende farianten:

  • Sopranissimotromboane yn Bb
  • Sopraninotromboane yn Es
  • Sopraantromboane yn Bb
  • Alttromboane yn Es of F
  • Tenoartromboane yn Bb (sûnder fentyll) of Bb/F (mei fentyll)
  • Bastromboane yn Bb/F (mei ien fentyll) of Bb/F/D(Des) (mei twa fentilen)
  • Kontrabastromboane yn F en Bb (F ferzje meast mei twa fentilen, Bb ferzje mei ien fentyll)

Fan al dy farianten sil men yn it deistich libben foar't neist allinnich de tenoar- en bastromboane tsjinkomme en inkeldris de alttromboane. De tenoar- en bastromboane ha de Bes as grûntoan. Se wurde oant no ta net as transponearjend ynstrumint beskôge. Dat wol dus sizze dat foar in tromboane de grûntoan net C neamd en skreaun wurdt, sa't gewoan is by in soad oare koperblaasynstruminten, mar de werklik klinkende toan. Yn ferliking mei bygelyks fentylynstruminten en houtblaasynstruminten makket dat it oerskeakeljen op oare tromboanes (alt b.g.) lestiger mei't men jin dan foar de ferskate stimmings hieltyd in oare grepetabel eigen meitsje moat.

Histoarysk sjoen is der yn in tal lannen in tradysje oangeande de bou en it brûken fan de tromboane. Yn Dútslân (en ek yn Eastenryk en in tal oare East-Jeropeeske lannen) wurde fan âlds trije tromboanes brûkt yn de symfony-orkesten. In alttromboane (yn Es of F), in tenoartromboane (yn Bes) en in bastromboane (yn F of Es). Yn Frankryk wurde fan âlds trije tenoartromboanes brûkt. Dy tradysjes komme ek werom yn de bou fan de tromboane. Der is in dúdlik ûnderskie yn bou en klank tusken de Dútske en Frânske tromboane.

It brûken fan de sopraantromboane is eins fan mear jongere datum, as oanfolling op it saneamde 'Posaunenchor'. De sopraninotromboane en de pikkolotromboane binne de eksoaten yn de famylje en wurde komselden brûkt. It wie in besykjen om de famylje fan de tromboanes út te wreidzjen nei in folslein 'koar', sa't dat al bestie by bygelyks de blokfluit en klarinet. De alttromboane wurdt hast allinnich brûkt yn Dútske symfoanyske en tsjerklike muzyk út dy tradysje. Foarbylden dêrfan binne de 'Rheinische' symfoany fan R. Schumann en it 'Requiem' fan W.A. Mozart. Nei sawat 1900 is foar dat ynstrumint in bitter lyts bytsje skreaun. De tenoartromboane is fierwei de meast brûkte fariant. Troch syn formaat is dit lid fan de tromboanefamylje it bêst te brûken. In earm fan in folwoeksene fan gewoan postuer hat krekt de nedige lingte foar de skúf fan dit ynstrumint. De bastromboane bestie oarspronklik allinnich as model yn de stimming F (inkeld Es). It ynstrumint is dêrtrch de helte langer as de tenoartromboane. Sadwaande is de skúf te lang om hielendal troch de minsklike earm betsjinne wurde te kinnen. In ferlingstik (pookje) waard dêrom oanbrocht. It hie eigenskip dat it ynstrumint dêrtroch net fuortendaalks handich te bespyljen wie. Nei it útfinen fan it fjilde fentyl is it ynstrumint stadichoan ferfongen troch in grutter boude fariant fan de tenoartromboane mei ien of twa fentilen. Dêrtroch waard it in fleksibele bastromboane mei de foardielen fan de tenoartromboane as it giet om hantearberens en de donkere klank fan de âlde bastromboane. Itselde is bard mei de kontrabastromboane. Yn oarsprong wie dat ynstrumint dûbeld sa lang as de tenoartromboane. Troch it tapassen fan de earder neamde fentilen wurdt it ynstrumint hjoed de dei allinnich noch boud as kontrabastromboane yn F mei tafoeging fan twa fentilen. Omdat de skúf dan noch hieltyd te lang is foar de earm fan de tromboanist wurdt der in ynkoarte skúf brûkt. Yn de lichte muzyk wurde allinnich de tenoar- en bastromboane brûkt. Yn de moderne symfoanyske orkesten wurdt meast in trijefâldige besetting brûkt dy't bestiet út twa tenoartromboanes en ien bastromboane. Dat jildt ek foar in brassband. Yn in symfoany-orkest wurdt hiel inkeld noch in alt- of kontrabastromboane brûkt.

Yn de hjoeddeistige tiid (2007) binne der trije skoallen fan tromboanebou: De Dútske, de Frânske en de Amerikaanske bou. De Dútske boustyl is in histoarysk gefolch fan de tromboane sa't dy begûn yn de 15de ieu en is te werkennen oan de bekerkrâns (Schmetterkranz yn it Dútsk). Dy wurdt noch brûkt yn de grutte Dútske en Eastenrykske orkesten. Ek yn Nederlânske en Amerikaanske orkesten wurde datsoarte ynstruminten ek brûkt, al is it meast foar muzyk dy't by dy ynstruminten past, lykas yn de symfoanyen fan Anton Bruckner, Gustav Mahler en Robert Schuman. Yn de neamde Dútske orkesten wurde dy ynstruminten foar alle muzyksoarten brûkt. Hjir docht dan ek út bliken dat in tal orkesten harren klank oanpasse doare oan de muzyk en dat in tal orkesten krekt fêsthâlde wolle oan har tradisjonele eigen lûd. De muzikanten brûke gauris tromboanes dy't om 1900 hinne booud binne. Yn alle oare lannen fan de wrâld wurde hast allinnich tromboanes fan Amerikaanske bou brûkt. Dat is in boustyl dy't mear †ut de Frânske styl fuortkommen is en troch ynfloeden fan de jass. De Amerikaanske en Frânske tromboanes ha gjin bekerkrâns, mei om't de bekers út twa stikken besteane dy't oanelkoar laske binne foar't se oer de matrys útsmard wurde. Yn Frânske orkesten wurde ek wol Amerikaanske tromboanes brûkt, mar se besykje ek dêr om har nasjonale heldere klankstyl fêst te hâlden.

Njonken de (sko)tromboane is der ek in fentyltromboane mar dy wurdt hast net mear brûkt.