Ferskil tusken ferzjes fan "J.H.J. van Wageningen thoe Dekema"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
(haakjes)
 
Jelsum wie frijsinnich en Jan van Wageningen wie otterdoks. Doe’t der yn Jelsum hieltyd frijsinniger dominys kamen, gie dat Jan te fier. Syn heit en de dominy hienen ek al spul hân oer it spiritisme, wêr’t dominy, op oanrieden fan Jan van Wageningen syn mem mei dwaande wie. <br>
Yn ‘t lêst koe Jan de preken net mear ferneare. Der waard yn Jelsum tocht dat vanVan Wageningen wol grifformeard wurde soe. Dy stap wie foar Jan te grut. Yn 1899 rjochte van Wageningen mei meistanders in evangelisaasje op. Se kamen ynearsten gear yn in âlde smidderij. Yn 1901 kaam der in geboutsje klear op Finsterbuorren. Van Wageningen joech de grûn dêrfoar oan de evangelisaasje. It hat in twaspjalt yn it doarp jûn. Guon fûnen it in streek fan van Wageningen. Wat ek faaks meispile hat dat ds. J. Faber, dy’t yn 1901 yn Jelsum kaam te stean, de earste sosjalistyske dominy yn Fryslân west hat. <br>
De evangelisaasje frege om it nachtmiel yn 'e tsjerke te hâlden. De tsjerkerie wegere botwei en dat is hiel lang sa bleaun. Doe’t nei de Twadde Wrâldkriich in petear tusken frijsinnigen en otterdoksen begûn, hat Jelsum him lang ôfsidich holden. Yn ‘t lêst is de evangelisaasje wer in part fan de herfoarme gemeente fan Jelsum wurden.
 
56.977

bewurkings

Navigaasjemenu