Achterhoeksk: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 44: Rigel 44:
It Achterhoeksk kent in skiednis wêr't in protte muzyk yn foarkomt. Benammen sûnt de jierren sechtich, mei it opkommen fan de band [[Normaal]], is de muzyk yn it dialekt ferneamd. Fan de jierren njoggentich ôf binne der in protte bands by kaam. Bygelyks [[Jovink en de Voederbietels]], Boh foi toch, de Spitfires en Old ni-js.
It Achterhoeksk kent in skiednis wêr't in protte muzyk yn foarkomt. Benammen sûnt de jierren sechtich, mei it opkommen fan de band [[Normaal]], is de muzyk yn it dialekt ferneamd. Fan de jierren njoggentich ôf binne der in protte bands by kaam. Bygelyks [[Jovink en de Voederbietels]], Boh foi toch, de Spitfires en Old ni-js.


==Keppelings om utens==
* [[:nds-nl:Kattegerie:Achterhooks artikel|Keppeling nei de Achterhoekske ferzje fan Wikipedy ]]
* It ferhaal fan de Ferlerne Soan yn de Achterhoekske fariëteiten fan [http://www.meertens.nl/books/winkler/dinxperlo.html Dinksperlo], [http://www.meertens.nl/books/winkler/varsseveld.html Farssefjild] en [http://www.meertens.nl/books/winkler/winterswijk.html Winterswyk]


[[Kategory:Dialekt]]
[[Kategory:Dialekt]]

[[li:Achterhooks]]
[[nds-nl:Achterhooks]]
[[nl:Achterhoeks]]

De ferzje fan 28 mrt 2008 om 23.42

It Achterhoeksk is in Nederlânske streektaal dy’t sprutsen wurdt yn de Achterhoek yn de provinsje Gelderlân.

It Nederlânske dialekt hat in protte ynfloeden út it Dútsk. Tusken de ferskillende gebieten yn de Achterhoek bestean lytse ferskillen yn it dialekt. Sa wurdt yn it noarden en it easten fan de Achterhoek in dialekt sprutsen dat sterk op it Twents en it Sallâns liket. Wylst it dialekt yn het suden mear wei hat fan it East-Veluws. In offisjele stavering is der net, mar meastal wurdt wol deselde skriuwwize hantearre.

Stavering en spraaklear

Tsjintwurdige tiid

De tsjintwurdige tiid yn it Achterhoeksk wurdt oars bûge as yn it Nederlânsk. It meartal is lyk oan de 2e persoan inkelfâld:

  • Iental:
ik loope
i-j loopt
hee löp
  • Meartal:
wi-j loopt
jullie loopt
zie loopt

Doetiid

ik leepe (sprek út: liepe)
i-j leep'n
hee leep
wi-j leep'n
jullie leep'n
zie leep'n

It ôfslutend mulwurd krijt in ‘e’ foar it wurd.

Umlaut

In oar skaaimerk fan it Achterhoeksk is de ümlaut by ferlytsingswurden en by it meartal (ûngefear krektlyk as yn it Dútsk):

Inkele foarbylden:

  • Hûn: hond - höndjen - hönde
  • Hân: hand - hendjen - hende
  • Mûs: moes ("muis") - muusken - muuze
  • Man: man - menneken - mansleu

Namfallen

Yn sommige gefallen binne de tredde en fjirde namfal te hearren:

  • 1e namfal (ûnderwerp) 'De man / de vrouwe steet veur 't huus' (De man/de frou stiet foar it hûs)
  • 3e en 4e namfal: 'Den breef is veur d'n man / de vrouwe' (De brief is foar de man / de frou)

Muzyk

It Achterhoeksk kent in skiednis wêr't in protte muzyk yn foarkomt. Benammen sûnt de jierren sechtich, mei it opkommen fan de band Normaal, is de muzyk yn it dialekt ferneamd. Fan de jierren njoggentich ôf binne der in protte bands by kaam. Bygelyks Jovink en de Voederbietels, Boh foi toch, de Spitfires en Old ni-js.

Keppelings om utens