Reboelje: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Rigel 46: Rigel 46:
[[kategory:Band]]
[[kategory:Band]]


Die site kloppet net, wont ost er op klikt komt dit er foar:
Die site hjir boven kloppet net, wont ost er op klikt komt dit er foar:


Not Found
Not Found

De ferzje fan 21 feb 2008 om 15.24

Reboelje is in Frysktalige band dy’t yn 1987 begjint yn as Rommert Reitsma, Durk Hogendorp en Tiede Lanting yn kontakt komme mei Marius de Boer en Tsjerk Bootsma. Troch de jierren hinne bliuwt de band himsels fernijen. Harren bekendste singel wie 'Marije Maria'. Se trede in soad op by, lykas by Aaipop en Oerol. Yn 2002 wint Reboelje as earste de Bernlef-priis fan de provinsje Fryslân. Reboelje wurke ek mei oaren, lykas de Fryske frouljusslachgroep Femmes Vattaal. De band hâldt op 2 novimber 2003 op te bestean. Fjouwer bandleden gean troch ûnder de namme Swee, mar Marius de Boer beslút yn it earstoan te stopjen mei komponearjen en musisearjen, mar begjint yn 2005 as soloartyst Mariusz.

Gearstalling

Skiednis

De freonegroep oefenet by boer Loadsma yn Kûbaard en einiget op in talintejacht yn Assen op in dield earste plak. Troch de priis, in dei studiotiid, nimt de groep syn earste fjouwer nûmers op kassette op mei de titel 'Yn In Sabeare Wrâld'. De CD 'Medusa' wurdt presintearre mei in toanielopfiering mei swalkers, dwazen en pylgrims. Yn 1996 folget de earste folsleine muzykteaterproduksje: 'De Brulloft'. Dit projekt omfiemet film, dia’s, muzyk, toaniel, teater en realiteit. Yn 2002 giet Reboelje wer it téater yn mei it programma 'Blau Paradys'. Op'e nij mingt de band muzyk mei film, teater, byldzjende keunst en poëzy. Mar by de rockopera 'Gysbert, Gysbert', dy't yn 2003 as earbetoan oan de fjouwerhûndert jier lyn berne dichter Gysbert Japiks opfierd is, lûkt Marius de Boer him werom om him te berieden op syn ynbring. Hy wurdt ferfongen troch Tsaerd Nauta.

Diskografy

CD:

  • 1987 - 'Reboelje yn in sabeare wrâld' ( demo )
  • 1989 - 'Skepper fan de Skepper' folkrockalbum.
  • 1991 - 'Magysk Teater'
  • 1992 - 'Simmersnie' ( miny-cd )
  • 1993 - 'De fûgel yn dy'
  • 1994 - 'Medusa'
  • 1995 - 'Flecht'
  • 1996 - 'Merkeman' ( mini-cd )
  • 1996 - 'De Brulloft'
  • 1998 - 'Hotel Reboelje' ( kompilaasje )
  • 1999 - 'Merkeman'
  • 2000 - 'De Oere 0 part 1’
  • 2001 - 'Wûnslân'

Singles:

  • 'Marije Maria' 1998
  • 'Sielesiik', B-kant fan de finylsingle 'de Swarte Ridder'
  • 'De Fûgel Yn Dy' 1998
  • 'It Famke, de Hûn en de Houtkapper'

Projekten

  • 'Medusa' [1994)
  • 'De Brulloft [1995]
  • 'Eilân yn de see' 1999
  • 'Wûnslân'
  • 'Blau Paradys'
  • 'Gysbert Gysbert'

eksterne links

http://www.reboelje.nl

Die site hjir boven kloppet net, wont ost er op klikt komt dit er foar:

Not Found The requested document was not found on this server.



Web Server at swee.nl