Ferskil tusken ferzjes fan "Gundobad"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
62 bytes grutter ,  13 jier lyn
ynterne ferwizings goedmakke
(→‎Autokraat: noch twa ynterne ferwizings)
(ynterne ferwizings goedmakke)
 
== Kriich om it Keningskip ==
Werom yn Galje feroarsake Gundobad in opfolgingskrisis. Syn heit [[Gundiok]], wie yn [[473]] stoarn en hie syn keninkryk ferparte oer syn trije oare soannen, [[Godigisel (fan de Boergonden)|Godigisel]], [[Gilperik II (fan de Boergonden)|Gilperik II]] en [[Gundomar]]. Gundobad wie it hjir fansels net mei iens en kearde him tsjin syn bruorren. Hy deade Gundomar yn [[486]] en fersloech Gilperik yn [[493]].
 
Tsjin Godegisel ferlear hy de slach. Dizze broer slagge deryn om mei help fan de [[Franken]] Gundobad te ferslaan by [[slach by Dijon|Dijon]] yn [[500]]. Gundobad koe lykwols nei [[Avignon]] flechten en kearde mei help fan de [[Fisigoaten]] it jier dêrop wêrom. Diskear waard Godegisel by Vienne troch Gundobad ferslein, finzen nommen en yn [[501]] fermoarde, wêrmei't Gundobad úteinlik allinnich hearsker fan de Boergonden waard.
 
== Oer ==
Under it bewâld fan Gundobald waard it Boergondyske rjocht op skriftt steld. Gundobald kaam te ferstjerren yn [[516]] en waard opfolge troch syn soan [[Sigismund (fan de Boergonden)|Sigismund]].
 
[[kategory:Kening fan de Boergonden]]
Anonime meidogger

Navigaasjemenu