Raerd: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: basisskoalle
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Strjitten: st en [[
Rigel 34: Rigel 34:


==Strjitten==
==Strjitten==
Aldfeartswei, Buorren, De Blink, De Dille, De Pôle, [[Flânsum]], Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, [[Poppenwier]]sterdyk, Sealânswei, Skoallestrjitte, Slotsdyk, Smitshoeke, [[Snits]]erdyk, Sylsterhoeke.
Aldfeartswei, Buorren, De Blink, [[De Dille]], De Pôle, [[Flânsum]], Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, [[Poppenwier]]sterdyk, Seelânswei, Skoalstrjitte, Slotsdyk, Smitshoeke, [[Snits]]erdyk, Sylsterhoeke.


==Keppeling om utens==
==Keppeling om utens==

De ferzje fan 17 feb 2008 om 13.25

de himrik fan Raerd

Raerd, is in doarp yn Boarnsterhim, mei 602 ynwenners (1 jannewaris 2003). Raerd lei oarspronklik oan de rivier De Boarn en oan de Middelsee. It wie it haadplak fan de eardere gemeente Raerderhim. Raerd is net itselde plak as Raard (Dongeradiel). Ta it gebiet fan Raerd heart ek it buorskip Flânsum.

Raerd is in terpdoarp deun by de wei fan Ljouwert nei Snits. By die wei hat eartiids ek in state west, Jongema State, dêr't no allinnich de poarte noch fan oerein stiet. Op dit stee is no in park mei beammen op in terrein mei stinzeplanten. Dit park wurdt beheard troch It Fryske Gea. Utsûndere de maitiid is it park frij tagonklik foar it publyk. De ynwenners hawwe de bynamme "Raerder Roeken", troch it grut tal roekenêsten dat op it terrein fan de eardere state, yn'e folksmûle de "Raerder Bosk" neamd, te finen is.

Ferskaat

Mienskip

Yn 2000 is it Doarpshûs Raard oprjochte, mei arsjitekt Rein Hofstra waard it eardere kafee ferboud. De feriening foar Doarpsbelang hat hjir har gearkomsten. "Praet van Raerd" is de doarpskrante. Stifting Festiviteiten Kommisje Raerd, ek wol merkekommisje neamd, regelt de festiviteiten yn it fjirde wykein fan augustus. Foar de jongerein wurdt der yn de wintermoannen wat organisearre yn sportkantine "Jongemakrite". Oan de Seelânwei stiet basisskoalle It Raerderhiem.

Ferienings

  • Nije Moed - toaniel
  • De Tûke Roeken - karnaval
  • Dokumintenkommisje
  • Euphonia - koar
  • Stifting Farrend Erfgoed
  • OSO - gymnastyk
  • iisklub Raerderhim
  • tennisferiening
  • KF Wês Wis - kuorbal
  • Miss Stoot - biljerten

Befolking

Strjitten

Aldfeartswei, Buorren, De Blink, De Dille, De Pôle, Flânsum, Frijhofke, Hegedyk, It Fintsje, Kleaster, Poppenwiersterdyk, Seelânswei, Skoalstrjitte, Slotsdyk, Smitshoeke, Snitserdyk, Sylsterhoeke.

Keppeling om utens