Springe nei ynhâld

Greg (striptekener): ferskil tusken ferzjes

Gjin feroaring yn grutte ,  14 jier lyn
st
No edit summary
(st)
'''Greg''', [[skúlnammeskûlnamme]] fan ''Michel Regnier'' ([[Elsene]], [[5 maaie]] [[1931]] - [[29 oktober]] [[1999]]) wie in [[Walloonje|Waalske]] [[striptekener]], dy´t sawol stripferhalen tekene as skreaun hat foar oare tekeners.
 
Greg groeide op yn [[Herstal]] en makke foaral as skriuwer opgong. Om´t hy oan in protte riges tagelyk wurke, brûkte hy ek ferskate oare skûlnammen, (lykas ''Louis Albert'').
 
Yn de sechstiger, santiger en tachtiger jierren hie Greg in grutte ynfloed op´e ûntwikkeling fan de strip. Hy hat wurke foar foaroansteande stripjeugdblêden as ''Spirou'' ([[Robbedoes]]) en ''Tintin'' ([[Kuifje]]). Under syn leidinglieding as haadredakteur fan it wykblêd Kuifje (fan 1966-1975) ferskynden der jeugdrigen dy´t stik foar stik klassikers wurden binne: ''[[Bernard Prince]]'' (mei Hermann en Dany), ''[[Comanche (stripferhaal)|Comanche]]'' (mei Hermann), ''[[Roze Bottel]]'' (mei Dany), ''[[Bruno Brazil]]'' (mei Vance) en ''[[Luc Orient]]'' (mei Paape). Under Greg waarden oare tekeners by Kuifje helle dy´t fan grutte ynfloed west ha op de fernijing fan it Jeropeeske byldferhaal, û.o. [[Hugo Pratt|Pratt]] en [[Auclair]].
 
It folsleine wurk fan Greg is tige grut mei mear as 250 albums en hjirfan is it tal súksesrigen al like grut.
56.999

bewurkings