Irak: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
tikflaterke
stavering
Rigel 21: Rigel 21:
tillefoan = 964 |
tillefoan = 964 |
}}
}}
'''Irak''' is in lan yn [[Aazje|Súdwest-Aazje]]. De haadstêd is [[Bagdad]] en de president fan de republyk is sûnt [[2005]] [[Jalal Talabani]].
'''Irak''' is in lân yn [[Aazje|Súdwest-Aazje]]. De haadstêd is [[Bagdad]] en de president fan de republyk is sûnt [[2005]] [[Jalal Talabani]].


Irak wurdt begrinze troch:
Irak wurdt begrinze troch:
Rigel 33: Rigel 33:
It tsjintwurdige Irak hiet earder [[Mesopotaamje]] en wie wat gruttens oanbelangjend sawat itselde as no; it bestie út it lân tusken de rivieren [[Eufraat]] en [[Tigris]]. In protte beskavings hawwe oer Mesopotaamje hearske: de [[Sumearjers]], [[Assyrjers]],[[Babyloanjers]] en [[Perzen]]. Yn de [[7e ieu]] waard Mesopotaamje troch de [[Moslims|Islamityske]] [[Arabieren]] oermastere.
It tsjintwurdige Irak hiet earder [[Mesopotaamje]] en wie wat gruttens oanbelangjend sawat itselde as no; it bestie út it lân tusken de rivieren [[Eufraat]] en [[Tigris]]. In protte beskavings hawwe oer Mesopotaamje hearske: de [[Sumearjers]], [[Assyrjers]],[[Babyloanjers]] en [[Perzen]]. Yn de [[7e ieu]] waard Mesopotaamje troch de [[Moslims|Islamityske]] [[Arabieren]] oermastere.


Sûnt de [[15e ieu]] soe Irak diel útmakke fan it [[Ottomaanse Rijk]], dat yn [[1917]] ta fal brocht waard. By it ferparten fan it Ottomaanse Ryk troch de [[Folkenbûn]] kaam Irak ûnder Britsk [[mandaat]]. [[Faisal Ibn Hoessein]] waard troch de Britten as kening oansteld. De Britten hawwe Irak yn [[1932]] selstannich makke, mar yn [[1941]] waard it opnij yn besit naam troch it [[Feriene Keninkryk]]; in militêre steatsgreep yn [[1958]] makke in ein oan it keningskip dat de Britten oplein hienen.
Sûnt de [[15e ieu]] soe Irak diel útmeitsje fan it [[Ottomaanse Ryk]], dat yn [[1917]] ta fal brocht waard. By it ferparten fan it Ottomaanse Ryk troch de [[Folkenbûn]] kaam Irak ûnder Britsk [[mandaat]]. [[Faisal Ibn Hoessein]] waard troch de Britten as kening oansteld. De Britten hawwe Irak yn [[1932]] selstannich makke, mar yn [[1941]] waard it opnij yn besit naam troch it [[Feriene Keninkryk]]; in militêre steatsgreep yn [[1958]] makke in ein oan it keningskip dat de Britten oplein hienen.


Yn [[1979]] waard [[Saddam Hoessein]] de machtigste man yn de [[Ba'ath-partij]] en dermei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhannige wize in ein makke oan alle opposysje.
Yn [[1979]] waard [[Saddam Hoessein]] de machtigste man yn de [[Ba'ath-partij]] en dêrmei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhannige wize in ein makke oan alle opposysje.


Under syn bewâld fierde Irak in sân jier-duorjende kriich mei buorlân [[Iran]], de [[Iran-Irakoarloch]]. Tagelyk mei de oarloch fûn ek de [[al-Anfal-kampanje]] plak, der't de [[Koerden]] by twongen waarden te ferfarren om plak te meitsjen foar [[Arabieren]]. De oanfal op it doarp [[Halabja]] wie hjir in part fan.
Under syn bewâld fierde Irak in sân jier-duorjende kriich mei buorlân [[Iran]], de [[Iran-Irakoarloch]]. Tagelyk mei de oarloch fûn ek de [[al-Anfal-kampanje]] plak, der't de [[Koerden]] by twongen waarden te ferfarren om plak te meitsjen foar [[Arabieren]]. De oanfal op it doarp [[Halabja]] wie hjir in part fan.


Op [[2 augustus]] [[1990]] foel Irak it folle lytsere buorlân [[Koeweit]] binnen en besette it lân. Dit wie it begjin fan de [[Golfoarloch (1990-1991)]]. Koeweit waard yn 1991 troch in ynternasjjonale koalisje befrijde yn wat it militêr operaasje ''Desert Storm'' neamde. It loftrek yn it noarden en it suden fan Irak waard dernei oernommen troch de FS, Frankryk en Inglân, neffens de útkomst fan VN-resoluusje 688.
Op [[2 augustus]] [[1990]] foel Irak it folle lytsere buorlân [[Koeweit]] binnen en besette it lân. Dit wie it begjin fan de [[Golfoarloch (1990-1991)]]. Koeweit waard yn 1991 troch in ynternasjjonale koalysje befrijd yn de militêre operaasje ''Desert Storm''. It loftrek yn it noarden en it suden fan Irak waard dêrnei oernommen troch de Feriene Steaten, Frankryk en Ingelân, neffens de útkomst fan VN-resolúsje 688.


Mei it ferlechje dat Irak kearnwapens of gemyske wapens hawwe soe foelen de [[Feriene Steaten]] en bûngenoaten it lân yn 2003 binnen, wat late ta de [[Golfoarloch (2003-2004)]]. Hjirby waard in ein makke oan it bewâld fan Saddam Hoessein en de besetting fan it lân. Om't der noch gjin oare autoriteit is dy sterk genôch is om it lân bestjoere te kinnen binne de oanfallers noch hieltiid yn it lân om te besykjen de frede dêr te hânhavenjen.
Mei it ferlechje dat Irak kearnwapens of gemyske wapens hawwe soe foelen de [[Feriene Steaten]] en bûnsgenoaten it lân yn 2003 binnen, wat late ta de [[Golfoarloch (2003-2004)]]. Hjirby waard in ein makke oan it bewâld fan Saddam Hoessein en de besetting fan it lân. Om't der noch gjin oare autoriteit is dy sterk genôch is om it lân bestjoere te kinnen binne de oanfallers noch hieltyd yn it lân om te besykjen de frede dêr te hânhavenjen.


== Geografy ==
== Geografy ==
It lân bestiet foar in grut part út [[woastyn]] en [[steppe]]s, mar it gebiet tusken de twa grutte [[rivier]]en de [[Eufraat]] en de [[Tigris]] is fruchtber. De twa rivieren komme yn it noardwesten út Syrje it lân binnen, trochkrúskje in grut part fan it lân en kommen dan út yn de [[Persyske Golf]]. It noarden is berchêftich, mei as heechste punt de [[Haji Ibrahim]] op 3.600 meter.
It lân bestiet foar in grut part út [[woastyn]] en [[steppe]]s, mar it gebiet tusken de twa grutte [[rivier]]en de [[Eufraat]] en de [[Tigris]] is fruchtber. De twa rivieren komme yn it noardwesten út Syrje it lân binnen, trochkrúskje in grut part fan it lân en komme dan út yn de [[Perzyske Golf]]. It noarden is bercheftich, mei as heechste punt de [[Haji Ibrahim]] op 3.600 meter.


Der is in [[woastynklimaat]] mei droege en hjitte simmers en mylde en koele winters. De temperaturen kinne simmers de 50°C helje. De measte delslach falt tusken desimber en april en dan benammen yn it noarden.
Der is in [[woastynklimaat]] mei droege en hjitte simmers en mylde en koele winters. De temperatueren kinne simmers de 50°C helje. De measte delslach falt tusken desimber en april en dan benammen yn it noarden.


[[Kategory:Aazje]]
[[Kategory:Aazje]]

De ferzje fan 31 jan 2008 om 13.51

Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.
الجمهورية العراقية
Al-Jumhuriyah Al-Iraqiyah
Flagge fan Irak Wapen fan Irak
Flagge Wapen
Lokaasje fan Irak
Offisjele taal Arabysk, Koerdysk
Haadstêd Baghdad
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
437.072 km²
1,10­%
Ynwenners (2005) 26.074.906
Munt Dinar (IQD)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 12 juny
Lânkoade IRQ
Ynternet .iq
Tillefoan 964

Irak is in lân yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Bagdad en de president fan de republyk is sûnt 2005 Jalal Talabani.

Irak wurdt begrinze troch:

Skiednis

It tsjintwurdige Irak hiet earder Mesopotaamje en wie wat gruttens oanbelangjend sawat itselde as no; it bestie út it lân tusken de rivieren Eufraat en Tigris. In protte beskavings hawwe oer Mesopotaamje hearske: de Sumearjers, Assyrjers,Babyloanjers en Perzen. Yn de 7e ieu waard Mesopotaamje troch de Islamityske Arabieren oermastere.

Sûnt de 15e ieu soe Irak diel útmeitsje fan it Ottomaanse Ryk, dat yn 1917 ta fal brocht waard. By it ferparten fan it Ottomaanse Ryk troch de Folkenbûn kaam Irak ûnder Britsk mandaat. Faisal Ibn Hoessein waard troch de Britten as kening oansteld. De Britten hawwe Irak yn 1932 selstannich makke, mar yn 1941 waard it opnij yn besit naam troch it Feriene Keninkryk; in militêre steatsgreep yn 1958 makke in ein oan it keningskip dat de Britten oplein hienen.

Yn 1979 waard Saddam Hoessein de machtigste man yn de Ba'ath-partij en dêrmei ek fan it lân. Troch him waard op hurdhannige wize in ein makke oan alle opposysje.

Under syn bewâld fierde Irak in sân jier-duorjende kriich mei buorlân Iran, de Iran-Irakoarloch. Tagelyk mei de oarloch fûn ek de al-Anfal-kampanje plak, der't de Koerden by twongen waarden te ferfarren om plak te meitsjen foar Arabieren. De oanfal op it doarp Halabja wie hjir in part fan.

Op 2 augustus 1990 foel Irak it folle lytsere buorlân Koeweit binnen en besette it lân. Dit wie it begjin fan de Golfoarloch (1990-1991). Koeweit waard yn 1991 troch in ynternasjjonale koalysje befrijd yn de militêre operaasje Desert Storm. It loftrek yn it noarden en it suden fan Irak waard dêrnei oernommen troch de Feriene Steaten, Frankryk en Ingelân, neffens de útkomst fan VN-resolúsje 688.

Mei it ferlechje dat Irak kearnwapens of gemyske wapens hawwe soe foelen de Feriene Steaten en bûnsgenoaten it lân yn 2003 binnen, wat late ta de Golfoarloch (2003-2004). Hjirby waard in ein makke oan it bewâld fan Saddam Hoessein en de besetting fan it lân. Om't der noch gjin oare autoriteit is dy sterk genôch is om it lân bestjoere te kinnen binne de oanfallers noch hieltyd yn it lân om te besykjen de frede dêr te hânhavenjen.

Geografy

It lân bestiet foar in grut part út woastyn en steppes, mar it gebiet tusken de twa grutte rivieren de Eufraat en de Tigris is fruchtber. De twa rivieren komme yn it noardwesten út Syrje it lân binnen, trochkrúskje in grut part fan it lân en komme dan út yn de Perzyske Golf. It noarden is bercheftich, mei as heechste punt de Haji Ibrahim op 3.600 meter.

Der is in woastynklimaat mei droege en hjitte simmers en mylde en koele winters. De temperatueren kinne simmers de 50°C helje. De measte delslach falt tusken desimber en april en dan benammen yn it noarden.