Loadewyk II fan Beieren: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L Kategory
JAnDbot (oerlis | bydragen)
Rigel 30: Rigel 30:
[[fr:Louis II de Bavière]]
[[fr:Louis II de Bavière]]
[[he:לודוויג השני, מלך בוואריה]]
[[he:לודוויג השני, מלך בוואריה]]
[[hu:II. Lajos bajor király]]
[[id:Ludwig II dari Bayern]]
[[id:Ludwig II dari Bayern]]
[[it:Ludovico II di Baviera]]
[[it:Ludovico II di Baviera]]

De ferzje fan 21 jan 2008 om 13.07

Loadewyk II

Loadewyk Frederik Willem (Ludwig Friedrich Wilhelm) (25 augustus 184513 juny 1886), út it Hús Wittelsbach (bynamme: de Mearkekening), wie fan 1864 oant 1886 kening van Beieren.

Hy is berne yn Nymphenburg by München as soan fan kening Maximiliaan II en prinses Marie fan Prussen.

Loadewyk waard al as 18-jierrige kening, doe't Maximiliaan II yn 1864 ferstoar. De nije kening hie altiten al wat minskeskou en ûnlykwichtich west, mar meidat hy langer oan de macht wie, luts Loadewyk him hieltiten mear werom yn de Alpen, dêr't hy in tal hiel djoere mearkekastielen boue liet. It meast ferneamde kastiel, Neue Burg Hohenschwangau (better bekind as Neuschwanstein), waard pas nei syn dea foltôge en is no in tige populêre toeristyske attraksje.

Lodewyk wie fersein oan syn nicht Sofy, de suster fan keizerin Elisabet fan Eastenryk ("Sisi"), mar neidat er de troudei al in pear kear útsteld hie, blies hy it houlik yn oktober 1867 úteinlik ôf. Reden dêr foar wie syn homoseksuele aard.

Loadewyk ferdronk yn 1886 ûnder núvere omstannichheden yn de Starnberger See, ek al wie er in goed swimmer. By dy mar, súdlik fan München, waard nei syn ferstjerren in lytse kapel boud. Alle jierren wurdt dêr op syn stjerdei in seremoanje hâlden ta syn neitins.

Syn bekindste kastielen:

Slot Linderhof
Slot Herrenchiemsee
Slot Neuschwanstein