Jan van Hoof: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4: Rigel 4:
== Syn ferhaal ==
== Syn ferhaal ==


Foar de kriich wie Jan van Hoof in paadfiner ([[Skout]]). Yn de Twadde Wrâldkriich wie skouting ferbean yn de measte besette lannen. Alle skouting organisaasjes soenen oergean yn de [[Nasjonale Jeugdstoarm]] (Nederlânsk: Nationale Jeugdstorm of NJS), de Nederlânske ferzje fan de Hitler-Jongerein (Dútsk: Hitler-Jugend of HJ). De Nederlânske skouting organisaasjes gienen net akkoard mei de betingsten fan de Dútsers en gienen ûndergrûns en sommige groepen sels yn it ferset.
Foar de kriich wie Jan van Hoof in paadfiner ([[Skout]]). Yn de Twadde Wrâldkriich wie skouting ferbean yn de measte besette lannen. Alle skouting organisaasjes soenen oergean yn de [[Nasjonale Jeugdstoarm]] (Nederlânsk: Nationale Jeugdstorm of NJS), de Nederlânske ferzje fan de [[Hitler-Jongerein]] (Dútsk: Hitler-Jugend of HJ). De Nederlânske skouting organisaasjes gienen net akkoard mei de betingsten fan de Dútsers en gienen ûndergrûns en sommige groepen sels yn it ferset.


Ek Jan van Hoof gie yn it ferset. Wylst de besetting fan de Dútsers yn Nederlân oan de gong wie, bestudearre hy de omkriten en makke dêr tekeningen fan. Doe't de [[Alliearden]] nei Nederlân kamen mei Operaasje Market Garden brûkte hy syn kunde troch de Alliearden troch Nymwegen te loadsen.
Ek Jan van Hoof gie yn it ferset. Wylst de besetting fan de Dútsers yn Nederlân oan de gong wie, bestudearre hy de omkriten en makke dêr tekeningen fan. Doe't de [[Alliearden]] nei Nederlân kamen mei Operaasje Market Garden brûkte hy syn kunde troch de Alliearden troch Nymwegen te loadsen.

De ferzje fan 21 des 2007 om 18.12

Ofbyld:Pasfoto Jan van Hoof.JPG
Jan van Hoof

Jan Jozef Lambert van Hoof (Nymwegen 7 augustus 1922, Nymwegen, 19 septimber 1944) wie lid fan it ferset yn de Twadde Wrâldkriich en waard deasketten wylst er Amerikaanske soldaten holp mei Operaasje Market Garden.

Syn ferhaal

Foar de kriich wie Jan van Hoof in paadfiner (Skout). Yn de Twadde Wrâldkriich wie skouting ferbean yn de measte besette lannen. Alle skouting organisaasjes soenen oergean yn de Nasjonale Jeugdstoarm (Nederlânsk: Nationale Jeugdstorm of NJS), de Nederlânske ferzje fan de Hitler-Jongerein (Dútsk: Hitler-Jugend of HJ). De Nederlânske skouting organisaasjes gienen net akkoard mei de betingsten fan de Dútsers en gienen ûndergrûns en sommige groepen sels yn it ferset.

Ek Jan van Hoof gie yn it ferset. Wylst de besetting fan de Dútsers yn Nederlân oan de gong wie, bestudearre hy de omkriten en makke dêr tekeningen fan. Doe't de Alliearden nei Nederlân kamen mei Operaasje Market Garden brûkte hy syn kunde troch de Alliearden troch Nymwegen te loadsen.

It is faak sein dat hy ek de eksplosiven op Brêge oer de Waal ûnskealik makke hat, mar nimmen hat him it dwaan sjoen. Doe’t er thús kaam sei er tsjin syn suster: ‘de brêge is rêden’. Hy gie werom nei de Amerikaanske soldaten om harren opnij te helpen.

Yn dizze dagen hienen de Nederlânske fersetsstriders ûnderskiedende klean oan, sadat sy werom te kennen wienen as soldaten. De Dútsers seagen de fersetsstriders net as soldaten, mar as feeriders.

Op de 19e septimber fan 1944 loadste hy wer Amerikaanske soldaten troch Nymwegen. Yniens iepenen de Dútsers it fjoer op de wein wêr’t hy yn siet. Doe kamen de Dútsers nei de wein en seagen him lizzen. De Amerikaanse soldaten wienen al dea, mar Jan van Hoof net. De Dútsers pakten syn wapen, syn identifikaasje papieren en syn earmbân dy’t him offisjeel in Alliearde soldaat makken. Sy mishannelen him en skeaten him troch de holle.

Ûnderskiedings

Foar wat Jan van Hoof dien hat yn de kriich is hy postúm ûnderskieden mei:

Monuminten

Dizze monuminten binne opset foar Jan van Hoof:

(Allegear Nederlânsk)

Keppelings om utens