Pessennius Niger: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Nije Side: 200px|right|thumb|250px|Portret fan Pessennius Niger op in [[denarius]] '''Pessennius Niger''', ''folút Gaius Pessennius Niger'', (sa.135 - 194)...
 
Rigel 16: Rigel 16:
Nei de fjildslaggen, dy't beide sûnder dúdlike oerwinner einige wie, die Pessenius in begjin april [[194]] in twadde poging syn macht út te wreidzen.
Nei de fjildslaggen, dy't beide sûnder dúdlike oerwinner einige wie, die Pessenius in begjin april [[194]] in twadde poging syn macht út te wreidzen.


Op de grutte flakte fan Issus, dêr't 500 jier earder [[Aleksander de Grutte]] de Perzyske kening [[Darius]] ferslein hie, botsten beide legers op inoar. Yn de slach waard diskear Pessenius folslein ferslein en 20.000 fan syn soldaten sneuvele. De ferslagen keizer flechte nei Antiochië, waard finzen naam en deade.
Op de grutte flakte fan Issus, dêr't 500 jier earder [[Aleksander de Grutte]] de Perzyske kening [[Darius]] ferslein hie, botsten syn legers op dat fan Severusr. Yn de slach waard diskear Pessenius folslein ferslein en sneuvele 20.000 fan syn soldaten. De ferslagen keizer flechte nei [[Antiochië]], waard finzen naam en deade.



De ferzje fan 2 des 2007 om 20.03

Portret fan Pessennius Niger op in denarius

Pessennius Niger, folút Gaius Pessennius Niger, (sa.135 - 194), wie Romeinske keizer fan 193 oant 194. De namme "Niger" bestjut yn it Latynsk "swart", dat wie it tsjinoerstelde fan de namme fan ien fan syn rivalen foar it keizerskip, nammentlik Klodius Albinus, waans namme "albinus", "wyt" besjut.

Ofkomst

Pessennius Niger waard om-ende-by 135 berne yn Aquinum (tsjintwurdich Akwuino yn Itaalje). Hy hearde ta de Romeinske ridderstân en waard troch keizer Kommodus begjin tachtiger jierren opnommen yn de senaat. Hy wie in skoftlang gûverneur fan de grinsprovinsje Daasje en sûnt 191 wied er gûverneur fan Syrje.

Trije keizers

Nei de moard op keizer Pertinaks op 28 maart 193 waard de troan troch de Pretoariaanske Garde ferkocht oan de rike senator Didius Julianus. Lilk hjiroer kaam it Romeinske leger yn opstân en rop harren kommandanten ta keizer. Yn Syrje waard Pessennius Niger yn it poarper hisen, krektas Septimius Severus yn Pannoonje en Klodius Albinus yn Brittanje.

Fan de trije generaals wie Severus it earst yn Rome. Hy liet syn keizerskip foarmeel besegelje troch de senaat en waard it mei Albinus iens. Sy dielden de macht. Albinus krige yn ruil foar syn stipe de titel fan caesar en hâlde it bewâld oer syn westlik gebiet. De senaat, dy't leaver Pessennius as keizer woenen haw, waard troch Severus ûnder druk setten om him ta steatsfijân te ferklearjen.

Striid om de Macht

Pessenius Niger woe sa gau at er koe nei de haadstêd Rome om de hearskippy oer it Ryk te betwisten. Fanút Syrje luts er nei it westen, mar syn opmars waard lykwols stuiten troch Septimius Severus. Yn in twatal slaggen, by Sysikus en Nisea waard Pessenius Niger troch Severus tsjinhâlden.

Ein

Nei de fjildslaggen, dy't beide sûnder dúdlike oerwinner einige wie, die Pessenius in begjin april 194 in twadde poging syn macht út te wreidzen.

Op de grutte flakte fan Issus, dêr't 500 jier earder Aleksander de Grutte de Perzyske kening Darius ferslein hie, botsten syn legers op dat fan Severusr. Yn de slach waard diskear Pessenius folslein ferslein en sneuvele 20.000 fan syn soldaten. De ferslagen keizer flechte nei Antiochië, waard finzen naam en deade. [[tr:Pescennius Niger]