Klaudius Goatikus: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: sw:Kaisari Claudius II
SieBot (oerlis | bydragen)
L robot Erbij: ca:Claudi II el Gòtic
Rigel 21: Rigel 21:


[[bg:Клавдий II Готски]]
[[bg:Клавдий II Готски]]
[[ca:Claudi II el Gòtic]]
[[cy:Claudius II]]
[[cy:Claudius II]]
[[cs:Claudius II.]]
[[cs:Claudius II.]]

De ferzje fan 1 des 2007 om 05.44

Ofbyld:ClaudiusII(CNG).jpg

Klaudius Goatykus of Klaudius II (Latyn: Marcus Aurelius Valerius Claudius; 10 maaie 214 - jannewaris 270) wie keizer fan Rome fan 268 oant 270.

Libben

Klaudius syn ôfkomst is ûndúdlik. Nei gedachten wie er berne yn Syrmia (Sirmium; yn Neder-Pannoonje). Klaudius tsjinne as tribuun ûnder Traianus Desius en Falerianus I, en waard troch dizze lêste beneamd as oerbefelhawwer yn Illyricum. Hy koe keizer wurde doe hy tegearre mei Aurelianus yn septimber 268 in koup belei tsjin keizer Gallienus.

It keizerskip fan Klaudius bestie foar in grut part út oarlochfiere. It begûn allegearre mei in opstân fan it leger yn Mediolanum (Milaan) dy't hy allinnich delslaan koe troch de soldaten jild ta te sizzen fan 20 aurei de man.

Wylst de Romeinen in Mediolanum mei inoar fjochten, wienen yn it noarden de Allemannen, in Germaansk folk, oer de Brennerpas it ryk ynfallen. Yn de lette hjerst fan 268 fûn der in fjildslach plak by it Gardamar. It leger fan Klaudius brocht de Allemannen san ferpletterjende nederlaach ta dat amper de helte fan de tsjinstanner it slagfjild libben ferlitte koe. Fuort dernei moast Klaudius him werom keare nei Rome want swierighedens yn Galje freege om syn oandacht.

Klaudius stjoerde syn maat Aurelianus mei troepen nei it súden fan Galje en dizze slagge deryn om de gebieten eastlik fan de Rhône wer by it Romeinske Ryk te foegen. Mei ûnderhandelings koe Klaudius itselde berikke yn Spanje. It ferfal fan it ryk koe hjiermei tydlik ta stân wurden bracht.

Underwilens soargen de Goaten foar grutte problemen op de Balkan. Klaudius sette him der hinne mei syn troepen en helle flakby Marcianopolis in skittere oerwinning. Dat besoare him de namme "Goatykus". Dermei wienen de problemen lykwols net oplost. Nije ynfallen fan de Goaten moasten tjinhâlden wurden en fierders wie der in soad ûnrêst yn it easten, der't Keningin Senobia fan Palmyra yn 269 de Romeinske gebieten ynfallen wie. Har troepen hiene de seehaven fan Egypte, Aleksandria oermastere en dermei wie de foar Rome sa wichtige graan-tafier ôfsneden. Dêrnei stjoerde sy har legers nei it noarden ta en oermastere grutte stukken Romeinsk grûngebiet yn Asia Minor (Turkije). Klaudius, dy op 'e Balkan genôch te stellen hie mei de Goaten, koe him in oarloch yn it easten net tastean. Hy wie twongen om mei har frede te sletten.

Hy krieg mei noch mear oarloggen te krijen; der kamen ek ynfallen yn Brittanje, Raetia en yn Pannoonje. Om al dizze problemen oan te kinnen, liet Klaudius de striid tsjin de Goaten oer oan Aurelianus en sels gong er nei Sirmium. De pest, dy't de Goaten grutte ferliezen tabrocht hie, briek der út yn syn eigen leger. Klaudius rekke sels besmet en ferstoar yn jannewaris fan 270. Alhoewol't hy mar twa jier keizer west hie, waard syn dea tige betreure troch de Romeinske senaat en it leger. Derom waard er fuort en daliks godlik ferkleare.

Eksterne keppeling