Boargerlik rjocht: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
No edit summary
Alle ynhâld fan de side weismiten
Rigel 1: Rigel 1:
[[Boargerlik rjocht]] is dat ûnderdiel fan it rjocht, dat it ferkear tusken boargers en boargers en saken regelet. Men kin it measte boargerlik rjocht weromfine yn it [[boargerlik wetboek]].

Ûnder boargers wurde ek de rjochtspersoanen begrepen dy't boargers oprjochtsje kinne, sa as in [[feriening]], [[stifting]] of [[besletten fennoatskip]]. Men kin yn it boargerlik wetboek dêrom ek de regels fine dêr't sokke rjochtspersoanen oan foldwaan moatte.

It [[boargerlik wetboek]] bestiet út acht boeken.

*Boek ien giet oer it [['persoanen en famyljerjocht]] en regelet saken sa as de administraasje fan de [[boargerlike stân]], it [[trouwen]] it [[skieden]], [[adopsje]], [[kuratele]] en [[alimintaasje]].

*Boek twa giet oer [[rjochtspersoanen]], sa as ferieningen, fennoatskippen, stiftingen en de regels dêr't se harren oan hâlde moatte, sa as it opstellen fan [[statuten]], it hâlden fan in [[jiergearkomste]] en it opstellen fan in [[jierferslach]].

*Boek trije giet oer it [[fermogensrjocht]], sa as [[rjochtshannelingen]], [[folmacht]], it krijen en ferliezen fan guod en oare [[rjochtsfigueren]] dy't ferbûn binne oan fermogens.

*Boek fjouwer giet oer it [[erfrjocht]], sa as [[legaten]] en [[erfopfolgingsrjocht]].

*Boek fiif giet oer [[saaklike rjochten]], sa as [[eigendom]], [[replike]] en [[ûnreplike saken]], [[opstal]] en [[hiemstjinberheid]].

*Boek seis giet oer algemiene bepalingen oer it [[ferbyntenisserjocht]], dus oer oerienkomsten tusken boargers.

*Boek sân en sân A giet oer bysûndere [[ferbyntenissen]], sa as [[keap]] en [[ruil]].

*Boek acht giet oer [[ferkeersmiddels]] en ferfier, sa as guodferfier, mar benammen ferfier oer see.

== Keppeling om utens ==
Alle Nederlânske [[wettten]] dy't op dit stuit fan krêft binne kinne opsocht wurde op http://www.wetten.nl , in webstee fan de [[Ryksoerheid]].

De ferzje fan 26 nov 2007 om 22.17