Fryske Frijheid: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
L cats
No edit summary
Rigel 1: Rigel 1:
[[Image:Friesische Seelande.png|thumb|300px|De Fryske seelânnen.]]
[[Image:Friesische Seelande um 1300.png|thumb|300px|De Fryske seelânnen.]]
De '''Fryske frijheid''' wie de útsûnderingsposysje fan [[Fryslân]] yn it feodale Jeropa. Alle lannen dy't part west hienen fan it [[Karolingen|Karolingyske]] ryk, waarden bestjoerd troch in hear, lykas in [[greve]], dy't him, úteinlik, ferantwurdzje moast foar in kening. Allinnich de [[Friezen]] bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels.
De '''Fryske frijheid''' wie de útsûnderingsposysje fan [[Fryslân]] yn it feodale Jeropa. Alle lannen dy't part west hienen fan it [[Karolingen|Karolingyske]] ryk, waarden bestjoerd troch in hear, lykas in [[greve]], dy't him, úteinlik, ferantwurdzje moast foar in kening. Allinnich de [[Friezen]] bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels.



De ferzje fan 19 nov 2007 om 23.11

De Fryske seelânnen.

De Fryske frijheid wie de útsûnderingsposysje fan Fryslân yn it feodale Jeropa. Alle lannen dy't part west hienen fan it Karolingyske ryk, waarden bestjoerd troch in hear, lykas in greve, dy't him, úteinlik, ferantwurdzje moast foar in kening. Allinnich de Friezen bestjoerden harsels, en de ienige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels.

Oft dyselde situaasje ek gou foar de Romeinske tiid is net dúdlik. Wol skriuwe de Romeinske boarnen al oer de Friezen as in folk dat yn minne omstannichheden libbet, mar de seinings fan it Romeinske ryk net wol, om't it dy betelje moat mei syn frijheid.

Oft dy frijheid in rjocht wie, of fuortkaam út omstannichheden sa min dat gjin hear der belang by hie, is ek net wis. Der hat al sprake west fan in Karelsprivileezje dat dizze frijheid fêstlein hawwe soe, mar der wurdt no oannaam dat dat, as it bestien hat, in falsifikaasje west hat.

Oan de ein fan de Midsieuwen wie Fryslân yn elts gefal belangryk genôch dat der in eigen groep fan ealju yn ûntstie, en dat ek de ealju fan bûten har each der op rjochten. Op himsels wie mei dy eigen Fryske ealju de frijheid al foar in grut part ferdwûn, mar as de formele ein fan de Fryske frijheid wurdt it gearkommen fan dy twa groepen ealju sjoen. Foar 1500 wienen de Fryske ealju al ûnderdiel wurden fan it feodale systeem, trochdat se sels feodale titels oannamen, of troch bûtenlânske machthawwers oerwûn waarden.

Sûnt dy tiid libbet der in sterke tradysje yn Fryslân fan de ferlerne Fryske frijheid. Mar it byld dêrfan feroaret dúdlik mei it feroarjen fan de tiden. De hjoeddeiske wearde fan dy frijheid leit dan ek net yn it weromsjen nei in tiid dy't mear as fiif ieuwen tebek leit, mar mear as symboal fan de Friezen as selsstannich folk. Wat dy frijheid betsjut, hinget dêrmei ôf fan hoe't men dat folk telt.