Meindert Bylsma: ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
wurk
Rigel 1: Rigel 1:
'''Meindert Bylsma''' ([[Wergea]], [[11 novimber]] [[1941]]) is in Frysk [[dichter]], [[skriuwer]], [[ûnderwizer]] en learaar nifelûnderwiis (''handenarbeid'') út [[Kimswert]].
'''Meindert Bylsma''' ([[Wergea]], [[11 novimber]] [[1941]]) is in Frysk [[dichter]], [[skriuwer]], [[ûnderwizer]] en learaar nifelûnderwiis (''handenarbeid'') út [[Kimswert]].
{{wurk}}
== Biografy ==
Meindert Bylsma waard op 11 novimber 1941 berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Nei de militêre tsjinst, waard er ûnderwizer oan in [[legere skoalle]] yn [[Drachten]] en letter learaar nifeljen oan in middelbere skoalle yn [[Ynskedee]]. In pear jier dêrnei fêstige er him yn Kimswert en waard er learaar Nederlânsk en hânfeardigens oan in skoallemienskip yn Harns.


Ynearsten waard Bylsma foaral bekend om syn poëzy. Hy hearde ta in ploech jonge dichters, dy't ein jierren sechtich, begjin jierren santich de literatuer út har [[ivoaren toer]] helje woe en om dat te berikken letterlik de strjitte opgongen om foar har meast tagonklike wurk omtinken te freegjen. Foar twa fan syn gedichten krige Bylsma yn 1966 en 1967 in [[Rely Jorritsmapriis]]. Syn earste dichtbondel wie ''De tévé op it jiskelân'' (1968). Dêrnei folgen noch seis oare bondels, wêrfan't ''In faai hinnekommen'' (2001) de lêste wie.
== Biografy ==

Hy wie earst ûnderwizer yn [[Drachten]] en [[Ynskedee]]. Yn de hjerst fan [[1967]] is Bylsma ien fan de oprjochters fan [[Operaesje Fers]]. Heart ta de dichtersgeneraasje fan 1968 en skriuwt ienfâldige, faak op bern ynspirearre fersen. Joech ek bondels yn eigen behear út.
Bylsma's earste [[koarte ferhalen]] ferskynden healwei de jierren sechstich, wêrûnder ''It motyf'', dat yn novimber 1967 yn in jongereinnûmer fan it tydskrift [[De Tsjerne]] opnommen waard. Ek trije fan Bylsma's ferhalen waarden mei in Rely Jorritsmapriis bekroand (yn 1965, 1968 en 1970). Syn earste [[novelle]] wie ''Boartsjenderwei'', dat yn 1981 as spesjaal nûmer fan it literêre blêd Sonde ferskynde. Dêrnei publisearre er de ferhalebondels ''Praat út in hynstekop'' (1983) en ''It grom spat alle kanten út'' (1986). Yn 1992 folge syn earste [[roman]], ''Fuortsmytballade yn es''. Trije jier letter kaam ''Hotputs en oare kremearkes'' út. Oare kremearkes waarden publisearre yn ''''Hite bliksem, it Fryske boekewikegeskink dat Bylsma yn 1997 skreau. In jier letter ferskynde de roman ''Shit my mar lek''. Bylsma's lêste proazawurk is de ferhalebondel ''Fan flierefluiters en droechstinners'' (2005 ).

Yn de hjerst fan [[1967]] is Bylsma ien fan de oprjochters fan [[Operaesje Fers]]. Heart ta de dichtersgeneraasje fan 1968 en skriuwt ienfâldige, faak op bern ynspirearre fersen. Joech ek bondels yn eigen behear út.


== Bibliografy ==
== Bibliografy ==

De ferzje fan 10 sep 2022 om 17.21

Meindert Bylsma (Wergea, 11 novimber 1941) is in Frysk dichter, skriuwer, ûnderwizer en learaar nifelûnderwiis (handenarbeid) út Kimswert.

Oan dizze side wurdt noch wurke!

Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út
oant de skriuwer mei de side klear is.


Biografy

Meindert Bylsma waard op 11 novimber 1941 berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Nei de militêre tsjinst, waard er ûnderwizer oan in legere skoalle yn Drachten en letter learaar nifeljen oan in middelbere skoalle yn Ynskedee. In pear jier dêrnei fêstige er him yn Kimswert en waard er learaar Nederlânsk en hânfeardigens oan in skoallemienskip yn Harns.

Ynearsten waard Bylsma foaral bekend om syn poëzy. Hy hearde ta in ploech jonge dichters, dy't ein jierren sechtich, begjin jierren santich de literatuer út har ivoaren toer helje woe en om dat te berikken letterlik de strjitte opgongen om foar har meast tagonklike wurk omtinken te freegjen. Foar twa fan syn gedichten krige Bylsma yn 1966 en 1967 in Rely Jorritsmapriis. Syn earste dichtbondel wie De tévé op it jiskelân (1968). Dêrnei folgen noch seis oare bondels, wêrfan't In faai hinnekommen (2001) de lêste wie.

Bylsma's earste koarte ferhalen ferskynden healwei de jierren sechstich, wêrûnder It motyf, dat yn novimber 1967 yn in jongereinnûmer fan it tydskrift De Tsjerne opnommen waard. Ek trije fan Bylsma's ferhalen waarden mei in Rely Jorritsmapriis bekroand (yn 1965, 1968 en 1970). Syn earste novelle wie Boartsjenderwei, dat yn 1981 as spesjaal nûmer fan it literêre blêd Sonde ferskynde. Dêrnei publisearre er de ferhalebondels Praat út in hynstekop (1983) en It grom spat alle kanten út (1986). Yn 1992 folge syn earste roman, Fuortsmytballade yn es. Trije jier letter kaam Hotputs en oare kremearkes út. Oare kremearkes waarden publisearre yn 'Hite bliksem, it Fryske boekewikegeskink dat Bylsma yn 1997 skreau. In jier letter ferskynde de roman Shit my mar lek. Bylsma's lêste proazawurk is de ferhalebondel Fan flierefluiters en droechstinners (2005 ).

Yn de hjerst fan 1967 is Bylsma ien fan de oprjochters fan Operaesje Fers. Heart ta de dichtersgeneraasje fan 1968 en skriuwt ienfâldige, faak op bern ynspirearre fersen. Joech ek bondels yn eigen behear út.

Bibliografy

Proaza

  • 1981 : Boartsjendewei. (novelle. Spesjaal nûmer fan it tydskrift Sonde, 8e jiergong nû. 32)
  • 1983 : Praat út in hynstekop (ferhalen)
  • 1986 : It grom spat alle kanten út (ferhalen)
  • 1992 : Fuortsmytballade yn es (roman)
  • 1995 : Hotputs en oare kremearkes (Ljochtmoanneboekje nû.7)
  • 1997 : Hite Bliksem (Boekewikegeskink nû. 9 – Nije kremearkes)
  • 1998 : Shit my mar lek (roman)
  • 2005 : Fan flierefluiters en droechstinners (kremearkers)
  • 2007 : Yn 't wylde wei
  • 2010 : De brêgesitter
  • 2015 : Allegearre snie: speurdersroman
  • 2018 : Moard yn 'e hitehei (detektive)

Dichtwurk

  • 1968 : De tévé op it jiskelân
  • 1968 : Broadtsje heal-om/Broodje half-om (mei Josse de Haan, en R.R. van der Leest)
  • 1969 : Yngreep (mei oaren)
  • 1970 : Boartlik boartskipje (mei oaren)
  • 1970 : Hipokrisie (mei oaren)
  • 1970 : Ynfiltraasje (mei oaren)
  • 1975 : Ugh
  • 1979 : Oant sjen yn Peasens-Moddergat (mei foto's fan Winfried Walta)
  • 1986 : Tekens fan hjoed nei juster (mei foto's fan Winfried Walta en Anny Bylsma)
  • 1988 : It spul troch it gat sjen
  • 1996 : Dy iene ielreager dy't opwjokket
  • 2001 : In faai hinnekommen
  • 2013 : Rys mei rezinen. Grôt mei krôde
  • 2019 : In balpinne tsjin 'e râne fan it trottwaar, Utjouwerij Elikser

Ferskaat

  • 1979 : Protest/portret (mei oaren)
  • 1983 : Doch-sels I. Karkribelje (toanielstikje mei ferskes foar bern) (mei oaren)
  • 1984 : Zangvogels (bondel mei liedsjes foar bern, oersette teksten fan Meindert Bylsma en Baukje Wytsma, gearstald troch Hans ten Have)
  • 1985 : Patat spesjaal (samling fersen, ferhalen, grappen en toanielstikjes foar bern) (mei oaren)
  • 1985 : Doch-sels II. In lês-, sjoch-, en dochboek (mei oaren)
  • 1985 : Doch-sels III. It geheim fan it Gouden Ljocht (toanielstikjes, berneferskes en spultsjes) (mei oaren)
  • 1987 : Sinteklazegedichten (mei oaren)

Prizen

  • 1965: Rely Jorritsmapriis voor het verhaal Fan in greate man en in lyts mantsje
  • 1966: Rely Jorritsmapriis voor het gedicht De lifter
  • 1967: Rely Jorritsmapriis voor het gedicht Forgunning
  • 1968: Rely Jorritsmapriis voor het verhaal De blauwe bar
  • 1970: Rely Jorritsmapriis voor het verhaal Haedfilm

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: