Ferskil tusken ferzjes fan "Teodoarik I"

Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
3.240 bytes grutter ,  13 jier lyn
útwreiding artikel
L (robot Anders: sr:Теодорик I)
(útwreiding artikel)
'''Diderik I''' wie kening fan de [[Fisigoaten]] [[418]]-[[451]]). Hy waard grut as gizeler by it Romeinske hof en wie de jongere broer fan [[Wallia]]. Under syn lange bewâld ferstjerkte hy stadich oan de posysje fan de Fisigoaten yn [[Galje]]. Foar in part troch diplomatike handigens, mar ek mei geweld woekse ûnder syn hearskippij de tigte ban tusken de Fisigoaten en it [[West-Romeinske Ryk]] út ta in ûnbidich oan selstannigens.
 
== opstan fan de Fisigoaten ==
De reboelje dy't ûnstie yn it Romeinske ryk nei de dea fan keizer [[Honorius]] yn [[423]] joechen Diderik I alle gelegenheid him te ûntdwaan fan it bûnsmaatskip mei de Romeinen. Om-ende-by sân jierren hâlde hy him sawat ûnôfhinklik fan it Romeinske Ryk en amper hindere koe hy syn ynfloed útwreidzje nei [[Spanje]]. Likernôch [[426]] foel syn leger de [[Alanen]] oan, en brocht harren in ferneatigjende nederlaach ta. De kening fan de Alanen, [[Attakes]], sneuvele yn dit gefjocht en syn folk socht in goed hinne komen by de [[Asdingen]]. Yn Galje slagge Diderik dêryn syn gebiet stadich oan út te wreidzjen nei de [[Middellânske See]]. Lykwols misleare syn poging om de hân te lizzen op [[Arles]].
 
It Romeinske leger yn Galje, dat ûnder befel stie fan de ''magister militum'' [[Aetius]] koe de earste jierren net folle dwaan tjsin de opstân fan de Fisigoaten. De Romeinen hienen de hannen fol om harren hearskippy te wersteljen yn de rest fan Galje. Nei [[430]] kaam it Romeinske leger nei it Súden om de Fisigoaten te betwingen. Yn de [[slach by Arles]] waarden de Fisigoaten fetslein en moast kening Diderik de Romeinske suprematy erkenne.
 
== Kriich mei de Romeinen (437-439)==
Doe't it Romeinske leger yn [[436]] wiidweidich op fjildtocht wie tsjin de [[Boergonden]] en de [[Bagauden]] ûntdie Diderik him foar de twade kear fan it ferdrach mei de Romeinen. Opnei besocht Diderik syn grûngebiet te fergrutsjen rjochting de Middellânske See. Hy oermasterre de stêd [[Narbonne]] en krige it kustgebiet yn hannen. De Romeinen wienen pas yn [[437]] ree om tsjin de Fisigoaten op te loeken. Mei de weroermastering fan de stêd Narbonne begûn in twa jier doarjende kriich. In Romeinsk leger dat ûnder befel stie fan generaal [[Lotorius]] soe der lang om let yn slagje om in belis te slaan om de Fisigoatyske haadstêd Tolouse en de frede ôf te twingen. Dêrnei hâlde Diderik him restich, wol wegere hy safolle mooglik mei te wurkjen mei de Romeinen.
 
== De slach by Sjalôns ==
Yn 451 foelen de [[Hunnen]] met in geweldich grut leger it Romeinske rijk yn. Dit leger dat, útsein de Hunnen ek bestie út ferskate ûnderwûrpen Germaanske folke, stuts de [[Limes|Ryn-grins]] oer en krongen oant [[Orléans]] Galje yn. Diderik wegere tenearsten gehoar te jaan oan de oprop fan it Romeinsk oerbefel, him oan te sluten by it Romeinske leger. Generaal Aetius, dy't net sûnder de help fan Fisigoaten foldwaande wjerstân biede koe tsjin de Hunnen, kearde him ta in ynfloedrike senator út Auvergne, [[Avitus]], dy't 14 jier letter ta keizer beneamd wurde soe. Dizze Avitus, dy't in wichtige rol spile hie by de opfoeding fan Didierik, slagge dêryn om Diderik oer te heljen. Tegearre mei it leger en oare foederaty loek Didirik yn juny 451 op tsjin de Hunnen. Yn Champagne op de Katalaunyske fjilden by Sjâlons kaam it ta in gewelddiedich treffen tusken beide legers. De [[slach op de Katalaunyske fjilden|slach by Sjalon]] waard troch it Ro door de Romeinen en hun bondgenoten gewonnen. Yn de striid sneuvele de Fisigoatyske kening. Neffens de oerlevering waard hy reke troch in spear dy't troch in Ostrogoat nei him ta wurpen waard. Hy waard opfolge troch syn âldste soan [Torismund]].
 
== Literatuer ==
19.909

bewurkings

Navigaasjemenu