Casino Royale (film út 2006): ferskil tusken ferzjes

Ut Wikipedy
Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 149: Rigel 149:
==Produksje en distribúsje==
==Produksje en distribúsje==
===Produksje===
===Produksje===
Nei ''[[Die Another Day]]'', út [[2002]], besleat [[Eon Productions]], de [[filmstudio]] dy't de [[filmrjochten]] op 'e ''[[James Bond (filmsearje)|James Bond]]''-[[mediafranchise|franchise]] hat, om it mei [[Daniel Craig]] yn 'e rol fan [[geheim agint]] [[James Bond]] oer in hiele oare boech te goaien. Craig spile yn ''Casino Royale'' in hurdere, [[ûnmeilydsumens|ûnmeilydsumere]] Bond, yn in [[reboot (fiksje)|reboot]] fan 'e [[filmsearje]], dêr't tenei eltse foarm fan [[humor]] út ferwidere wie. De film wie in [[Feriene Keninkryk|Britsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]]-[[Dútslân|Dútsk]]-[[Tsjechje|Tsjechyske]] ko-produksje, dy't direkt basearre wie op 'e [[roman]] ''[[Casino Royale (roman)|Casino Royale]]'' fan [[Ian Fleming]] út [[1953]].
Nei ''[[Die Another Day (film)|Die Another Day]]'', út [[2002]], besleat [[Eon Productions]], de [[filmstudio]] dy't de [[filmrjochten]] op 'e ''[[James Bond (filmsearje)|James Bond]]''-[[mediafranchise|franchise]] hat, om it mei [[Daniel Craig]] yn 'e rol fan [[geheim agint]] [[James Bond]] oer in hiele oare boech te goaien. Craig spile yn ''Casino Royale'' in hurdere, [[ûnmeilydsumens|ûnmeilydsumere]] Bond, yn in [[reboot (fiksje)|reboot]] fan 'e [[filmsearje]], dêr't tenei eltse foarm fan [[humor]] út ferwidere wie. De film wie in [[Feriene Keninkryk|Britsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaansk]]-[[Dútslân|Dútsk]]-[[Tsjechje|Tsjechyske]] ko-produksje, dy't direkt basearre wie op 'e [[roman]] ''[[Casino Royale (roman)|Casino Royale]]'' fan [[Ian Fleming]] út [[1953]].


De film waard [[regissearre]] troch [[Martin Campbell]], dy't yn [[1995]] ek de ''James Bond''-film ''[[GoldenEye (film út 1995)|GoldenEye]]'' makke hie. It [[senario]] waard skreaun troch [[Neal Purvis]], [[Robert Wade]] en [[Paul Haggis]]. As [[filmprodusint|podusinten]] wiene by it projekt [[Michael G. Wilson]] en [[Barbara Broccoli]] belutsen, dy't wurken yn opdracht fan [[Eon Productions]], [[Metro-Goldwyn-Mayer]] en [[Columbia Pictures]]. Der wie foar de produksje fan ''Casino Royale'' in [[budget]] beskikber fan [[$]]150 miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Phil Méheux]], wylst de [[filmmuzyk]] fersoarge waard troch [[David Arnold]].
De film waard [[regissearre]] troch [[Martin Campbell]], dy't yn [[1995]] ek de ''James Bond''-film ''[[GoldenEye (film út 1995)|GoldenEye]]'' makke hie. It [[senario]] waard skreaun troch [[Neal Purvis]], [[Robert Wade]] en [[Paul Haggis]]. As [[filmprodusint|podusinten]] wiene by it projekt [[Michael G. Wilson]] en [[Barbara Broccoli]] belutsen, dy't wurken yn opdracht fan [[Eon Productions]], [[Metro-Goldwyn-Mayer]] en [[Columbia Pictures]]. Der wie foar de produksje fan ''Casino Royale'' in [[budget]] beskikber fan [[$]]150 miljoen. De [[kamerarezjy]] wie yn 'e hannen fan [[Phil Méheux]], wylst de [[filmmuzyk]] fersoarge waard troch [[David Arnold]].
[[File:Karlsbad, Grandhotel Pupp IMG 6399.JPG|left|thumb|180px|It [[Grandhotel Pupp]] yn 'e [[Tsjechje|Tsjechyske]] [[stêd]] [[Karlovy Vary]] giet yn ''Casino Royale'' troch foar it Hotel Splendid yn [[Montenegro]].]]
[[File:Karlsbad, Grandhotel Pupp IMG 6399.JPG|left|thumb|180px|It [[Grandhotel Pupp]] yn 'e [[Tsjechje|Tsjechyske]] [[stêd]] [[Karlovy Vary]] giet yn ''Casino Royale'' troch foar it Hotel Splendid yn [[Montenegro]].]]


De [[opnamen (film)|opnamen]] sette op [[3 jannewaris]] [[2006]] útein en duorren oant en mei [[20 july]] fan dat jier. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e [[Barrandov Studio's]] yn 'e [[Tsjechje|Tsjechyske]] [[haadstêd]] [[Praach]]. Bykommende opnamen op lokaasje fûnen plak yn 'e [[Bahama's]], [[Itaalje]] (te witten: [[Feneesje]]), [[Ingelân]] en op oare plakken yn Tsjechje. It [[Grandhotel Pupp]] yn [[Karlovy Vary]] gie troch foar it Hotel Splendid yn [[Montenegro]]. De opnamen waarden ôfrûne yn 'e [[Pinewood Studio's]] yn [[Londen]].
De [[opnamen (film)|opnamen]] sette op [[3 jannewaris]] [[2006]] útein en duorren oant en mei [[20 july]] fan dat jier. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e [[Barrandov Studio's]] yn 'e [[Tsjechje|Tsjechyske]] [[haadstêd]] [[Praach]]. Bykommende opnamen op lokaasje fûnen plak yn 'e [[Bahama's]], [[Itaalje]] (te witten: [[Feneesje]]), [[Ingelân]] en op oare plakken yn Tsjechje. It [[Grandhotel Pupp]] yn [[Karlovy Vary]] gie troch foar it Hotel Splendid yn [[Montenegro]]. De opnamen waarden ôfrûne yn 'e [[Pinewood Studio's]] yn [[Londen]].


===Distribúsje===
===Distribúsje===

De ferzje fan 19 jan 2022 om 20.06

Casino Royale
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Martin Campbell
produsint Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
senario Neal Purvis
Robert Wade
Paul Haggis
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Phil Méheux
muzyk David Arnold
filmstudio Eon Productions
Metro-Goldwyn-Mayer
Columbia Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Daniel Craig
Eva Green
byrollen Judi Dench
Mads Mikkelsen
Jeffrey Wright
Giancarlo Giannini
Simon Abkarian
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
Dútslân
Tsjechje
premiêre 14 novimber 2006
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 144 minuten
budget en resultaten
budget $150 miljoen
opbringst $606,1 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Die Another Day
● folgjend diel Quantum of Solace

Casino Royale is in Britsk-Amerikaansk-Dútsk-Tsjechyske spionaazjefilm út 2006 ûnder rezjy fan Martin Campbell. De titel ferwiist nei in kasino yn Montenegro dêr't in wichtich diel fan it ferhaal plakfynt. It is in film út 'e James Bond-searje, mei Daniel Craig yn 'e haadrol fan 'e Britske geheim agint James Bond, en Eva Green as de Bond-girl. Casino Royale, dat basearre is op 'e roman mei deselde namme fan Ian Fleming, folget yn 'e rige op Die Another Day, út 2002, mar foarme in reboot fan 'e filmsearje. It ferhaal floret Bond as er by in pokerspul Le Chiffre, in finansier fan terroristen, bankrot gean litte moat. Casino Royale krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en groeide yn 'e bioskopen út ta in grut kommersjeel súkses.

Plot

James Bond, in geheim agint foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, berikt syn promoasje ta in 00-agint (007 om persiis te wêzen), troch twa doelwiten te eliminearjen: de ferrieder Dryden, in seksjesjef op 'e Britske ambassade yn Praach, en dy syn kontaktpersoan Fisher. Underwilens bringt yn Oeganda de mysterieuze hear White, in fertsjintwurdiger fan in skimige organisaasje, Steven Obanno, in liedend lid fan it Fersetsleger fan 'e Hear (LRA) yn 'e kunde mei Le Chiffre, in bankier fan Albaneesk komôf dy't as finansier fan terroristen jildt. Obanno fertrout Le Chiffre in grut bedrach oan kontanten ta, dat er, nei't men oannimme mei, by operaasjes fan it LRA bútmakke hat. Le Chiffre ynvestearret dat jild neitiid yn it oankeapjen fan put options op oandielen fan fleantúchbouwer Skyfleet, om't er wit dat it bedriuw troch in bomoanslach yn slimme swierrichheden komme sil.

Bond is yn 'e tuskentiid nei Madagaskar ta reizge, dêr't er de bommemakker Mollaka te pakken besiket te krijen. Troch it knoffelich optreden fan Bond syn assistint Carter kriget Mollaka der lucht fan dat er folge wurdt. Nei in spektakulêre efterfolging siket er beskûl yn in ambassade, dy't Bond lykwols binnenkringt om him te deadzjen. Om't er de diplomatike ymmuniteit fan in ambassade skeind hat, kriget Bond letter de wyn fan foarren fan MI6-sjef M, mar Bond lûkt him dêr neat fan oan. Hy hat de mobile tillefoan fan Mollaka te pakken krigen en folget de oanwizings dy't er dêryn fynt nei de korrupte Grykske funksjonaris Alex Dimitrios. Dyselde befynt him yn Nassau, op 'e Bahama's, en dat is Bond syn folgjende bestimming. Nei't er Dimitrios by in potsje poker syn Aston Martin DB5 út 1964 ôfhandich makke hat, ferliedt er syn frou Solange, fan wa't er te hearren kriget dat Dimitrios hommels ôfset is nei Miami.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bond efterfolget Dimitrios dêrhinne, mar de man kriget him yn 'e rekken, en der ûntstiet in gefjocht wêrby't Bond him deadet. Dêrnei folget er in bommelizzer dy't ûnderwilens mei de tas fan Dimitrios útnaaid is nei de Ynternasjonale Lofthaven fan Miami. Hy ûntdekt dat dêr dy jûns it nije prototype fan in reuseftich ferkearsfleantúch fan Skyfleet oan 'e media presintearre wurdt. De bommelizzer is fan doel it fleantúch op te blazen, mar dat wit Bond nei in lang gefjocht foar te kommen. Hy ferwikselet de bom fan plak, sadat de bommelizzer úteinlik by fersin himsels opblaast ynstee fan it fleantúch. Neitiid wurdt op 'e Bahama's it deafoltere lyk fan Solange Dimitrios weromfûn, dy't nei it falen fan 'e oanslach as it lek yn organisaasje sjoen waard. Bond, dy't foar har dea ferantwurdlik is, wurdt dêr lykwols net oars fan.

No't de presintaasje fan it nije ferkearsfleantúch trochgean kin, is Le Chiffre al it jild kwyt dat er yn 'e put options stoppe hie. Mei't dat syn eigen jild net wie, mar it fermogen dat in tal tige gefaarlike lju him tabetroud hie, is er yn alle steaten om it ferlies op 'e iene of oare wize oan te suverjen. Dêrta beleit er in pokertoernoai yn it Casino Royale yn Hotel Splendid yn Montenegro, wêrfan't de begjinynset $10 miljoen is, mei in mooglike ekstra ynset fan nochris $5 miljoen. Mei't Bond de bêste pokerspiler is dy't by MI6 yn 'e tsjinst is, stjoert M him der tsjin betterwitten yn hinne mei de opdracht om derfoar te soargjen dat Le Chiffre bankrot giet. Om't de ynset betelle wurdt troch it Britske regear stjoert it Britsk Ministearje fan Finânsjes in aginte mei, Vesper Lynd, dy't derop tasjen moat dat it jild net fergriemd wurdt. As it derop oankomt om 'e $5 miljoen ekstra yn te setten, moat sy beoardielje oft dat nedich of sinfol is.

Yn Montenegro wurde Bond en Vesper opwachte troch de pleatslike kontaktpersoan fan MI6, in René Mathis, dy't harren der paadwiis makket. As it pokertoernoai úteinset, kriget Bond al rillegau de boppehân om't Le Chiffre in tell hat: eltse kear as er bluft, rekket er de eachhoeke fan syn loftereach oan. Yn it skoft wurdt Le Chiffre nei syn hotelkeamer roppen troch syn freondinne Valenka, dy't dêr gizele blykt te wurden troch Obanno. Dy wol syn jild werom hawwe, mar as er foar it ferstân kriget dat dat inkeld barre sil as Le Chiffre it toernoai wint, lit er him trochspylje. Bond en Vesper, dy't Le Chiffre folge wiene om te sjen wêrom't er sa fluch weiwaard, wurde troch Obanno en syn liifwacht bûten de hotelkeamer trappearre en oanfallen. Bond deadet earst de liifwacht en dêrnei Obanno sels, mar as dy op 't lêst in pistoal te pakken kriget, is Vesper twongen om syn hân omleech te hâlden wylst Bond him smoart.

Nei't er de traumatisearre Vesper treastge hat, keart Bond werom nei de pokertafel, dêr't er syn hiele begjinynset ferliest as er all-in giet op basis fan 'e tell fan Le Chiffre. Dyselde blykt lykwols yn 'e tuskentiid op syn gewoante wiisd te wêzen, en brûkt dy no mei opsetsin om Bond op 'e ferkearde foet te setten. Vesper wegeret de ekstra ynset fan $5 miljoen goed te karren, om't se Bond arrogant fynt en ornearret dat de Britske belestingbeteller al genôch jild ferlern hat. Bond stiet op it punt om drastyske maatregels te nimmen as er oansprutsen wurdt troch in oare pokerspiler, dy't himsels identifisearret as spesjaal agint Felix Leiter fan 'e CIA. Om't er sels gjin geweldich pokerspiler is en by eltse hân jild ferliest, stelt er foar om Bond syn $5 miljoen te jaan om him wer yn it toernoai yn te keapjen. Bond jout him wer by it spul, mar wurdt net lang dêrnei fergiftige as Valenka syn martini oanmingt mei digitalis. Bond hastiget him nei syn auto ta, dêr't er antygif tsjin alderhanne soarten fergif en ek in defibrillator hat, mar hoewol't er himsels it antygif tatsjinnet, slagget it net mear om mei de defibrillator syn troch it gif stilfallen hert wer op te starten. Vesper, dy't him efternei kommen is, docht dat foar him, en Bond keart, ta stille argewaasje fan Le Chiffre, werom oan 'e pokertafel, dêr't er it toernoai úteinlik wint mei in straight flush.

Nei ôfrin fan it toernoai wurdt Vesper troch Le Chiffre en syn trewanten ûntfierd en brûkt om Bond yn 'e fâle te lokjen. Hy fertelt Bond dat dy syn freon Mathis eins sýn freon Mathis is. Op in ferlitten skip yn 'e haven wurde Bond en Vesper apart faninoar finzen holden en martele om it bankrekkennûmer en it wachtwurd priis te jaan fan 'e bankrekken dêr't de winst fan it pokertoernoai hinne oermakke is. Bond wegeret it wachtwurd op te jaan. Wylst Le Chiffre noch mei him oan 'e gong is, falle dhr. White en syn minsken it skip binnen. White deadet Le Chiffre en syn trewanten foar it yn diskredyt bringen fan syn organisaasje troch mei it jild fan kliïnten te gokken. Bond en Vesper wurde lykwols yn libben litten, eat dêr't M letter frijwat mei ompakt.

Nei't er yn in Montenegrynsk sikehûs wekker wurden is, lit Bond Mathis oppakke as ferrieder, hoewol't er dêrfoar inkeld it no net drekt betroubere wurd fan Le Chiffre foar hat. Nei't de winst fan it pokertoernoai nei in feilige bankrekken oerbrocht is, betteret Bond stadichoan op yn it selskip fan Vesper. Hja reitsje fereale opinoar, en Bond nimt ûntslach by MI6 en reizget mei har nei Feneesje. As M him opskillet mei de fraach wêr't eins dat jild fan it pokertoernoai bliuwt, beseft Bond dat Vesper him ferret hat. Hy folget har nei in leechsteand gebou dat renovearre wurdt, dêr't se it jild oerdrage sil oan in stikmannich kriminele typen. As dy Bond opmerke, nimme se Vesper yn gizeling. It gebou wurdt mei grutte luchtbannen oerein holden om't der oan it fûnemint wurke wurdt, en as Bond dy leksjit, begjint it hiele gebou wei te sakjen yn it wetter fan 'e grêften fan Feneesje. Hy sjit de kriminelen dea, mar Vesper sit finzen yn it koaiwurk fan in lift, dy't omleech sakket yn it wetter. Bond besiket har te rêden, mar se docht de doar fan 'e koai op it slot en jout oan dat er har efterlitte moat. Dat docht er net, mar it slagget him net om har te rêden ear't se ferdrinkt. Wylst Bond oare beslommerings hat, wurdt de koffer mei it jild opsocht troch dhr. White, dy't dermei útnaait.

Letter heart Bond fan M dat by neier ûndersyk nei Vesper bliken dien hat dat de organisaasje efter Le Chiffre Vesper har minner Yusef Kabira yn gizeling nommen hie en drige him te fermoardzjen as se net foar harren wurkje woe. It liket der sterk op dat se, doe't sy en Bond troch Le Chiffre op it skip yn Montenegro fêstholden waarden en White dêr binnenfoel om mei Le Chiffre ôf te weven, in oerienkomst mei White sletten hat om oan him it jild oer te dragen as er yn ruil dêrfoar Bond libje liet. Bond, lykwols, hellet de skouders op en seit oer Vesper inkeld: "De trut is dea." Hy kriget syn âlde posysje by MI6 werom en brûkt de mobile tillefoan fan Vesper om White op te spoaren yn in filla yn noardlik Itaalje. De film einiget as Bond White yn 'e skonk sjit en himsels dêrnei foarstelt mei de wurden: "Bond is de namme. James Bond."

Rolferdieling

Daniel Craig.
Eva Green.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Daniel Craig
Vesper Lynd Eva Green


byrollen
personaazje akteur/aktrise
M, haad fan MI6 Judi Dench
Le Chiffre Mads Mikkelsen
CIA-agint Felix Leiter Jeffrey Wright
MI6-agint René Mathis Giancarlo Giannini
Alex Dimitrios Simon Abkarian
Solange Dimitrios Caterina Murino
Valenka Ivana Miličević
Steven Obanno Isaach de Bankolé
dhr. White Jesper Christensen
Mollaka Sébastien Foucan
MI6-agint Villiers Tobias Menzies
Mendel Ludger Pistor
Carlos Claudio Santamaria
Gettler Richard Sammel
Kratt Clemens Schick
MI6-agint Carter Joseph Millson
MI6-agint Williams Ben Cooke
MI6-agint Dryden Malcolm Sinclair
Fisher Darwin Shaw
effektehandeler Tom Chadbon
frou Wu Tsai Chin
grevinne Von Wallenstein Veruschka
tennisster Alessandra Ambrósio
resepsjoniste Cristina Cole

Produksje en distribúsje

Produksje

Nei Die Another Day, út 2002, besleat Eon Productions, de filmstudio dy't de filmrjochten op 'e James Bond-franchise hat, om it mei Daniel Craig yn 'e rol fan geheim agint James Bond oer in hiele oare boech te goaien. Craig spile yn Casino Royale in hurdere, ûnmeilydsumere Bond, yn in reboot fan 'e filmsearje, dêr't tenei eltse foarm fan humor út ferwidere wie. De film wie in Britsk-Amerikaansk-Dútsk-Tsjechyske ko-produksje, dy't direkt basearre wie op 'e roman Casino Royale fan Ian Fleming út 1953.

De film waard regissearre troch Martin Campbell, dy't yn 1995 ek de James Bond-film GoldenEye makke hie. It senario waard skreaun troch Neal Purvis, Robert Wade en Paul Haggis. As podusinten wiene by it projekt Michael G. Wilson en Barbara Broccoli belutsen, dy't wurken yn opdracht fan Eon Productions, Metro-Goldwyn-Mayer en Columbia Pictures. Der wie foar de produksje fan Casino Royale in budget beskikber fan $150 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Phil Méheux, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch David Arnold.

It Grandhotel Pupp yn 'e Tsjechyske stêd Karlovy Vary giet yn Casino Royale troch foar it Hotel Splendid yn Montenegro.

De opnamen sette op 3 jannewaris 2006 útein en duorren oant en mei 20 july fan dat jier. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e Barrandov Studio's yn 'e Tsjechyske haadstêd Praach. Bykommende opnamen op lokaasje fûnen plak yn 'e Bahama's, Itaalje (te witten: Feneesje), Ingelân en op oare plakken yn Tsjechje. It Grandhotel Pupp yn Karlovy Vary gie troch foar it Hotel Splendid yn Montenegro. De opnamen waarden ôfrûne yn 'e Pinewood Studio's yn Londen.

Distribúsje

De distribúsje fan Casino Royale waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 14 novimber 2006 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnie op 16 novimber yn 'e Britske en op 17 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. Op 16 maart 2007 kaam Casino Royale út op dvd en Blu-ray.

Untfangst

Fan 'e filmkritisy ûntfong Casino Royale oer it algemien tige positive resinsjes. Sa joech de foaroansteande Amerikaanske kritikus Roger Ebert de film 4 fanf 4 stjerren. Hy fûn dat Daniel Craig in treflike James Bond delsette. Guon resinsinten hie wat krityk op 'e spyldoer fan 144 minuten, dy't neffens harren makke dat de film op 'e ein wat langtrieddich begûn oan te fielen.

Haadrolspiler Daniel Craig op 'e filmset yn Feneesje.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Casino Royale in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 257 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] weeft ôf mei de grapmakkerij en gadgets dêr't [oare James Bond-films] troch pleage waarden, en Daniel Craig leveret wêr't fans en kritisy op sieten te wachtsjen: in bittere, geastlik yn 'e knoei sittende, yntinse werútfining fan 007." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Casino Royale in goedkarringspersintaazje fan 80%, basearre op 46 resinsjes.

Resultaat

Opbringst

Casino Royale brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $167,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $438,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $606,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $150 miljoen betsjut dat in winst fan $456,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk brocht Casino Royale £55,4 miljoen yn 't laadsje, wêrmei't it yn dat lân de meast opbringende film fan 2006 wie en (fan 2011 ôf) de op njoggen nei meast opbringende film aller tiden.

Prizen

Casino Royale waard yn 2006 nominearre foar tsien BAFTA's, de wichtichste Britske filmpriis. De film wûn dêr úteinlik twa fan: de priis foar bêste lûd en de priis foar opkommende stjer, dy't nei Eva Green gie. Daniel Craig waard nominearre foar de BAFTA foar bêste akteur, wêrmei't er de earste James Bond-fertolker waard dy't dêrfoar ea sa'n nominaasje yn 'e wacht sleept hie. Casino Royale wûn fierders yn 2007 de Saturn Award foar bêste aksjefilm/aventoerefilm/skriller, en waard nominearre foar fjouwer oare Saturn Awards en ien Satellite Award.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)